Tichte by de Liuwepoel yn 'e Harkema wenne in sekere Alma. Ik leau dat it in Fokke Alma wie. Ien fan 'e Langewyk - in neef fan my - gong dêr ris hinne to jounpraten. Doe sei dy Alma tsjin him: "Och God, man, doarre jo hjir del? Dêr is altyd in neaken fanke, dy komt út 'e poel wei."
nl.verhalenbank.28141
Even fierder wie in lyts sydpaedtsje, evenwijdich oan 'e greate wei nei 't Fean ta. Dêr spoeke it ek.
nl.verhalenbank.21402
Oan 'e Folgersterloane is in sydweike, tichte by de Noarderdwarsfeart. Dêr spoeke froeger in grouwe swarte houn.
't Wie in pleachbeest. Dat wie oan 't spoekeloantsje.
nl.verhalenbank.27261
By Pasfier spûke in bûnt keal, dat roan in ein njonken jo lâns.
nl.verhalenbank.28137
By 't Blauhûs, oan diz' kant it Surhústerfean leinen froeger houtsjes, dêr koe men oer om fan Boelensloane nei 't Fean ta. Dêr spûke froeger in koe. Dy joech lûd as wy krekt oan 'e beamkes ta wienen. "Hark dêr balt er wer", seinen se dan. Guon doarsten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.28135
Oan it lêste eintsje fan 'e Boelensloane, tichte by it Blauhûs dêr spûken altyd in keal en in swarte houn.
Gong dêr ien lâns, dan roan dy houn in ein mei. As er in ein mei roan hie, bleau er stean en gong werom.
nl.verhalenbank.28315
Noait midden op 'e wei rinne, hwant as der hwat is, dan rint men dêr by op en falt men der achter wer by del. Dat jildt foaral foar nachts foar tolven.
nl.verhalenbank.21905
Op Bearne-daem tusken Boelensloane en Surhústerfean spoeke it altyd. Dêr roan geregeld in keardel om yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.17678
Yn 'e skuorre fan Jan Dijkhuis tusken Zoutkamp en Ulrum wie it net plús. Dêr spoeke it. Dêr doarst gjin minske yn to sliepen.
nl.verhalenbank.17679
Der wie in frou, dy hie har soan hwat biloofd. Mar doe rekke se der ôf en de soan hie it net krige. Doe krige dat minske gjin rêst yn 't graef. Letter spûke se altyd by him.
nl.verhalenbank.36203
By de Bearnedaem spûket in wyt barchje. Dat rint dêr jouns altyd. Forskeidene minsken doarsten dêr froeger jouns net lâns.
nl.verhalenbank.25654
Melle van Dekken seach oan 'e Trije Roede by in hjouwerfjild in wyt spoek. Dat gong stadich omheech en sweefde oer de hjouwer hinne en sa rekke it út it gesicht wei.
nl.verhalenbank.25656
Der gong yn 'e nacht altyd in frou mei in bolkoer yn 'e earm nei de Lytse Wei ta. Der woarde se dan wei. 't Wie in spoek. Timen van der Veen hat har ûnder mear sjoen.
nl.verhalenbank.21212
Op 'e Feansterwei fan 't Jachtfjild oan 't Blauhûs ta roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21216
De Skeanpaden rinne fan Houtigehage nei de Rottefalle. Dêr spûke altyd in wyt hynder, dêr wienen wy tige bang foar
nl.verhalenbank.17699
Tichte by 't Blauhûs wienen froeger houtsjes. Dêr spoeke nachts altyd in bûnte stabijhoun.
nl.verhalenbank.17738
Op 'e Bulten yn 'e Klontsjebuorren yn 'e Harkema hie myn swager Piter op in joun syn faem krekt nei hûs ta brocht.
(Piter Rauwerda; syn wiif Saek is myn suster). Doe't er weromkom seach er in hiel great wyt frommes. Dêr woarde hy sa bang foar, dat hy kom mei barstengewelt yn 'e hûs stouwen, mei de klompen noch oan. Dat spoek hie by de dyk lâns roan....
nl.verhalenbank.28279
Heit wie ek in raren ien. Op in kear doe siet er yn 'e parrebeam. Doe seach er syn mem oankommen, hoewol dy al jierren dea wie. Hy sei: "Hwat dogge jimme hjir. Jimme matte dêr wer hinne gean, dêr't jimme weikom binne."
Doe wie syn mem wer fuort gong.
nl.verhalenbank.21537
Germ Smous (= Tuinstra) en syn jonge Mindert kamen us fan 'e klaei ôf. Doe't se oan 't Knjillisdjip ta wienen, rêstten se even. 't Wie dauwich waer.
"Heit, dêr komt hwat oan", sei Mindert.
"Hwerdat jonge?"
"Dêr, sjoch mar."
"Sweeft it, of giet it?"
"It sweeft."
"Set dan sok." En der roannen se hinne sa hurd as siet de duvel har achternei. (dit verhaaltje...
nl.verhalenbank.17680
Yn 'e Harkema is us ien bigroeven woarn mei in to lang lykkleed. Letter kom er werom by syn folk. Dan sei er: "To lang."
nl.verhalenbank.21552