Hjir tichteby op Mûntsjetille wenne in frou, dat wie Feikje Postma. Dy wie troud mei Albert Alma. Hja is in pear wiken lyn stoarn.
Op in joun sei se: "Ik haw in spoek sjoen. 't Is in frommes. Hja rint altyd oan myn hûs ta, fan 'e feart ôf. Ik sei tsjin Albert: - Ik wol har hjir net langer ha - Doe is Albert der út gong, achter it spoek oan. Wy ha 't...
nl.verhalenbank.22309
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske.
Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del.
Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea.
Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
Op 'e Spûkloane yn Opperkoaten roan èk in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy kom ús achternei, seinen se, as wy net om 't lyk woenen.
nl.verhalenbank.32672
By de Bosk yn 'e Harkema roannen twa neakene bern. Der woarde altyd foar warskôge, dêr moest men net lâns gean. Dy bern wienen dêr formoarde, wie 't sizzen altyd. Dy wienen hjir of dêr bistoppe. Dy koenen de rêst net krije.
nl.verhalenbank.22312
Yn Twizel, yn 't Waeigat - dat is tusken de suvelfabryk en de herberch 'De witte kannen' roan froeger in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. As wy as bern jouns let noch bûten wienen, seinen se tsjin ús: "Tink der om, hear, oars pakt de fôlle mei de brijpot jim."
nl.verhalenbank.32671
De frou út Hoensbroek, dêr't ik it nyskes oer hie, doarst nei tolven net by 't tsjerkhôf lâns, hwant, sei se, dan spoeken de geesten dêr om.
nl.verhalenbank.32670
As wy froeger yn 'e Westerein útfanhûs wienen, seinen se: "Tink der om, dêr en dêr dat paedtsje net lâns komme, hwant dan komt der jim in famke tsjin mei in read skelkje foar."
Dat fanke wie fordronken en spûke dêr letter om.
nl.verhalenbank.32669
Doe't myn beide twillinkjes, dy't dea geboaren wienen, biierdige wienen, doe sei skoanmem: "Ha se wol kleantsjes meikrigen yn 't kistje? Hwant oars komme se skielk om 'e doarren hinne om klean."
nl.verhalenbank.29705
By de hulzenhage, tichte by 't Blauhûs spûke altyd in grouwe houn, seinen se.
Myn neef wie boerearbeider fuort by 't Blauhûs. Dy moest alle moarnen om fjouwer ûre dêr lâns, dan moest er nei Tsjerk Poppinga ta. Op in kear doe wie der sa'n grou beest by him kom en dat beest sette him de poaten op it boarst. Dat neamden se in pleachbeest. Sûnt dy tiid hie...
nl.verhalenbank.32777
Op 'e Hearrewei roan nachts altyd in swart frommes om.
It wie in spoek. In protte doarsten de Hearrewei by nacht net del, sa bang wienen se dêr foar.
nl.verhalenbank.32599
Op 'e Skieding is in poeltsje, dat neame se de Janke-dobbe. Dat is neamd nei in sekere Janke, dy't dêr fordronken is.
Nei dy tiid spûket Janke dêr. Guon biweare dat se har dêr by joun omdwelmjen sjoen ha.
nl.verhalenbank.36952
Oan 'e Tiemewei ûnder Rinsumageast spûke nachts in grouwe houn.
nl.verhalenbank.20060
Fan één hew ik us hoord, dat it to Ljussens spoeke.
As men over it kerkhof ging, it land in naar een boerderij, dan spookte daar altyd een peerd om.
nl.verhalenbank.20303
Hantsje Pik fan 'e Mieden is in kweageast dy't hjir omspoeket.
nl.verhalenbank.21940
Ik ha wolris heard, dat hjir op 'e Tike nachts in greate swarte houn tahâldde, dy't by de minsken kom, mar dêr wyt ik it rjochte net fan.
nl.verhalenbank.32600
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wie in Spûkereedtsje. Dat is nou in hurde wei woarn. Dêr roan froeger altyd in fôlle mei in tsjettel om 'e hals. Dy spoeke dêr. Ik ha wol famkes kend dy't dêr jouns net lâns doarsten.
nl.verhalenbank.22854
Yn 'e Koaten spoeke in dikke, swarte houn om, yn 'e nacht dy't de lju kearde en in soad minsken bang makke hat.
To Kollumersweach wie krekt sa'n beest yn 'e nacht warber.
nl.verhalenbank.15768
Op 'e Boppewei ûnder 'e Westerein spûke it earme hearke. By de Skilige Piip wie er meast to sjen. Dêr doarsten se by nacht ek net lâns.
nl.verhalenbank.29708
Op Hústerheide (ûnder Burgum) dêr spoeke soms ien om mei in great wyt ding op 'e holle. Dat gong nou us omheech en dan wer omleech. Forskate lju ha it sjoen.
nl.verhalenbank.20276
De Pasterijelannen fan Sumarreheide doarst by nacht hast net in minske lâns. Dêr spoeke altyd in grouwe, swarte houn. Fral yn 'e bocht wie 't gefaerlik. Dêr hienen forskate minsken hwat sjoen.
nl.verhalenbank.30313