1,925 datasets found
Dutch Keywords: ronddolen Place of Narration: Harkema
Op Koatstertille spûke in dikke swarte houn by nacht, seinen se altyd.
nl.verhalenbank.32635
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
By glêdde Klaes yn 'e Bosk (yn 'e Harkema) hat in húske stien. Dêr spoeken altyd twa neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.22095
Ruerd van der Veen (Mike Ruerd) fan 'e Harkema kom fan it timmerjen fan Bouwekleaster. Hy woarde trije kear troch in frommes fan 't houtsje smiten. Hja skattere as in ekster. Klaes, de feint lei de oare moarns op 'e rêch yn 'e koegroppe. In oaren-ien bileefde letter 't selde, èk dêr op 't houtsje. Ek h_ woarde troch in frommes by 't houtsje delsmiten. It...
nl.verhalenbank.32485
Tusken Tije en Janke en Bram Spinder roan nachts tusken tolven en ienen altyd in pleachbeest. 't Wie in grouwe, swarte houn, sa 't it like. De âlden doarsten dêr net lâns by nacht.
nl.verhalenbank.22224
Der wie in dobbe achter Fokke Rins (Fokke Alma = dikke Fokke, dûbelde Fokke, soan fan Albert Alma en Tet). Tichteby hat in âld hûs stien, dêr binne trije berntsjes yn forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet fan makke. Dy berntsjes binne op it earmetsjerkhôf biierdige. Sy hienen gjin deaklean mei krigen. Dy berntsjes sweefden altyd om dy dobbe hinne...
nl.verhalenbank.22223
By de hulzenhage, tichte by 't Blauhûs spûke altyd in grouwe houn, seinen se. Myn neef wie boerearbeider fuort by 't Blauhûs. Dy moest alle moarnen om fjouwer ûre dêr lâns, dan moest er nei Tsjerk Poppinga ta. Op in kear doe wie der sa'n grou beest by him kom en dat beest sette him de poaten op it boarst. Dat neamden se in pleachbeest. Sûnt dy tiid hie...
nl.verhalenbank.32777
Op 'e Hearrewei roan nachts altyd in swart frommes om. It wie in spoek. In protte doarsten de Hearrewei by nacht net del, sa bang wienen se dêr foar.
nl.verhalenbank.32599
Op 'e Skieding is in poeltsje, dat neame se de Janke-dobbe. Dat is neamd nei in sekere Janke, dy't dêr fordronken is. Nei dy tiid spûket Janke dêr. Guon biweare dat se har dêr by joun omdwelmjen sjoen ha.
nl.verhalenbank.36952
Oan 'e Tiemewei ûnder Rinsumageast spûke nachts in grouwe houn.
nl.verhalenbank.20060
Fan één hew ik us hoord, dat it to Ljussens spoeke. As men over it kerkhof ging, it land in naar een boerderij, dan spookte daar altyd een peerd om.
nl.verhalenbank.20303
Hantsje Pik fan 'e Mieden is in kweageast dy't hjir omspoeket.
nl.verhalenbank.21940
Ik ha wolris heard, dat hjir op 'e Tike nachts in greate swarte houn tahâldde, dy't by de minsken kom, mar dêr wyt ik it rjochte net fan.
nl.verhalenbank.32600
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wie in Spûkereedtsje. Dat is nou in hurde wei woarn. Dêr roan froeger altyd in fôlle mei in tsjettel om 'e hals. Dy spoeke dêr. Ik ha wol famkes kend dy't dêr jouns net lâns doarsten.
nl.verhalenbank.22854
Yn 'e Koaten spoeke in dikke, swarte houn om, yn 'e nacht dy't de lju kearde en in soad minsken bang makke hat. To Kollumersweach wie krekt sa'n beest yn 'e nacht warber.
nl.verhalenbank.15768
Op 'e Boppewei ûnder 'e Westerein spûke it earme hearke. By de Skilige Piip wie er meast to sjen. Dêr doarsten se by nacht ek net lâns.
nl.verhalenbank.29708
Op Hústerheide (ûnder Burgum) dêr spoeke soms ien om mei in great wyt ding op 'e holle. Dat gong nou us omheech en dan wer omleech. Forskate lju ha it sjoen.
nl.verhalenbank.20276
De Pasterijelannen fan Sumarreheide doarst by nacht hast net in minske lâns. Dêr spoeke altyd in grouwe, swarte houn. Fral yn 'e bocht wie 't gefaerlik. Dêr hienen forskate minsken hwat sjoen.
nl.verhalenbank.30313
Dêr roun altyd in dikke bûnte houn tusken de Driezumer brêge en de Deenzer brêge oan 'e Dokkumer Trekwei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.32252
Op 'e Sumarrewei - tusken Sumar en Eastemar - rint in fôlle mei in brijpot om 'e nekke. Guon doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.31217