Op 'e Boppewei ûnder 'e Westerein spûke it earme hearke. By de Skilige Piip wie er meast to sjen. Dêr doarsten se by nacht ek net lâns.
nl.verhalenbank.29708
To Feankleaster, by de beide slotten, dêr spoeket it. Guon ha dêr wite wiven spoekjen sjoen. By de daem hingje soms sokke wiven mei de earms oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.20537
Hjir op 'e Lange Loane hâldde froeger in pleachbeest ta. De minsken wienen der bang foar. 't Seach der út as in swarte houn. As men it pleachbeest in stikje roggebrea joech en him dat oer 't linkerskouder hinne tasmiet, die er jin neat. Dan wie 't goed.
nl.verhalenbank.29706
By de spoarbrêge yn 'e Westerein doarmen yn 'e nacht altyd in pear berntsjes om, dy hienen gjin holtsjes.
Dêr doarsten froeger de minsken by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.29707
Op 'e Boppewei spûke de âlde hear. Dêr siet earne in skat yn 'e groun, dêr't hy op ta gong.
nl.verhalenbank.31994
Op it Skier spoeken twa famkes, dy wienen hielendal yn 't wyt. Om ien ûre yn 'e nacht wienen se warber. In man hat se dêr sjoen, hy hat it my sels forteld.
Der mat hjir ek in wite juffer spoeke ha.
nl.verhalenbank.30078
Antsje sei ek, dat it spoeke dêr by ús op it reedtsje. Hja hie in hiele greate houn op it hiem sjoen, mei in sturt as in biezem.
nl.verhalenbank.20540
To Kollumersweach, tichte by 't spoar, hâldde in pleachbeest ta. Ik haw ris mei in man praet, dy fortelde my, dat dat pleachbeest ris op in joun njonken him lâns roun. 't Wie in great dier en 't wie roetswart. Doe soed er it oer de kop strike, mar doe wie 't der net.
nl.verhalenbank.29799
Der wie in frou forstoarn, dy hie by har leven in hiel soad breide. Altyd foar in oar.
Dat breidzjen lei yn 't laed fan in kast.
De man wist net hwat hy der mei dwaen moest.
Op in kear, doe't er fan 't wurk thúskaem, seinen de beide famkes: "Heit, mem hat hjir hjoed west."
"Leave," sei er, "dat kin net. Mem is dea, en dy komt net wer."
"'t Is dochs sa",...
nl.verhalenbank.30102
Op 'e Boppewei ûnder de Westerein roan froeger altyd de âlde hear. Dy spoeke dêr.
Der sit oan 'e Boppewei by de Skilige Piip in kiste mei jild yn 'e groun. Twa man hienen dêr oan 't dollen west om dy kiste der út to heljen, mar doe't se der oan ta wienen en de kiste bleat kom hienen se sein: "Nou ha wy him al!" En dat wie mis, hwant doe sonk de kiste wer...
nl.verhalenbank.24578
Men hearde hjir yn 'e Westerein wolris praten oer minsken dy't al lang dea wienen, mar dy't men letter wer seach. Sokken koenen de rêst net fine. Hja hienen faek in bigearte.
nl.verhalenbank.32040
As ien dy't stoarn wie, in to lyts bierkleed oankrige, koe er de rêst net krije. Dan dwaelde er yn 'e nacht om en koe men him rounom tsjinkomme. As er jin de hân tastuts moest men dy fral net oannimme, net beet krije. Hwant dan rekke men jins hân kwyt. Men koe him wol hwat tarikke, in bûsdoek of sa.
Dit fortelden lju fan 'e Westerein elkoar as se op...
nl.verhalenbank.29959
Tusken Rinsumageast en Ikkerwâld dêr spûke it ek. Der waerd sein dat dêr in pleachbeest omroun. Us omke wie net bang en woe it ris ûndersykje, mei noch in pear oaren. 't Wie yn 'e nacht. Omke roun foarop, de oaren der achteroan. Doe sei de achterste man: "It is hjir achter my."
Doe sei omke: "Dan matte jimme my stadich foarby gean, dat ik achter kom."
Doe...
nl.verhalenbank.31996
As ien stoarn is mat men der fral om tinke, dat it bierkleed net to lang is. It is ris gebeurd dat ien werom kaem by de famylje to spûkjen. Dan rôp er al mar: To lang - to lang.
Doe seinen se op in kear: "Skuor der dan in stik ôf."
En doe hearden se dúdlik dat der hwat skuord waerd. Doe hat dyselde der net wer west.
nl.verhalenbank.29762
Der wie in man yn 'e Westerein, dy syn frou kaem to forstjerren. Hja liet him bilove, dat hy moest goed op har klean passe as hja dea wie.
Mar dat hat er net dien.
Doe kaem er op in kear thús fan 't wurk, doe seinen de bern: "Us mem hat hjir hjoed west."
Mar dat woe dy man net leauwe.
Mar it gebeurde al ris wer, en letter nochris. En doe sei syn buorman,...
nl.verhalenbank.29761
By de hulzenhage, tichte by 't Blauhûs spûke altyd in grouwe houn, seinen se.
Myn neef wie boerearbeider fuort by 't Blauhûs. Dy moest alle moarnen om fjouwer ûre dêr lâns, dan moest er nei Tsjerk Poppinga ta. Op in kear doe wie der sa'n grou beest by him kom en dat beest sette him de poaten op it boarst. Dat neamden se in pleachbeest. Sûnt dy tiid hie...
nl.verhalenbank.32777
As jo ien hwat biloofd ha en jo folbringe dat net, dan stjert dyselde net. Hy wurdt wol nei 't tsjerkhôf tabrocht, mar hy komt hyltyd werom by de minsken en pleaget har, krekt as in pleachbeest.
As men fan him ôf wêze woe moest men in nij kezyn yn 'e doar sette, dêr't er ta'n út droegen wie.
Soms hellen se de doomny der wol by, dy spruts him dan oan. Dy...
nl.verhalenbank.24586
Op 'e Hearrewei roan nachts altyd in swart frommes om.
It wie in spoek. In protte doarsten de Hearrewei by nacht net del, sa bang wienen se dêr foar.
nl.verhalenbank.32599
Op 'e Skieding is in poeltsje, dat neame se de Janke-dobbe. Dat is neamd nei in sekere Janke, dy't dêr fordronken is.
Nei dy tiid spûket Janke dêr. Guon biweare dat se har dêr by joun omdwelmjen sjoen ha.
nl.verhalenbank.36952
Oan 'e Tiemewei ûnder Rinsumageast spûke nachts in grouwe houn.
nl.verhalenbank.20060