Myn suster fan Twizelerheide wie hjir lêsten ien nacht. Wy sieten de jouns yn 't donker. Sa mei 'k altyd graech sitte, mei 't théljochtsje op.
"Dêr komt ien troch de doar", sei myn suster.
Ik sei: "Dêr komt gjin."
Mar letter kom der wòl ien troch de doar. Myn suster hie 't fan tofoaren sjoen. Sy hat it krekt sa as ik.
nl.verhalenbank.21583
As in houn deads spûkgûlt, giet der ien dea. Dat giet altyd troch. Koartlyn is 't hjir noch gebeurd. Mar de houn mat dan echt spûkgûle.
Yn Westergeast wennet myn dochter. De buorlju dêr hienen in houn. As der ien op 't hôf kom, gûlde dy houn altyd de jouns fan tofoaren.
Dêr hienen de lju sa'n hekel oan, dat sy ha him forkocht.
nl.verhalenbank.21597
Us mem sei soms, as se de klok lieden hearde:
"Hwat let de klok wer raer. Der komt wer in deaden."
nl.verhalenbank.29691
Net neilknippe op snein. Letter, nei de dea mat men dy stikken neil wer opsykje. Dy't klean oan hat op syn stjerbêd, dy't op snein naeid binne, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.36766
Ik haw in dochter wenjen yn Westergeast. Dêr wie ik us. Doe gongen ik en myn dochter togearre dêr op stap nei it café, dêr't de heit en de broer fan myn skoanmem wennen. Doe't wy dêr in skoft sitten hienen wie 't al aerdich let, sahwat alve ûre. Doe soenen wy dan mar wer fuort. Myn dochter sei: "Mem mat my mar yn 'e earm nimme, hwant it is nochal hwat...
nl.verhalenbank.21434
Der wie in boerefeint, dy kom út 'e kroech. 't Wie yn Visvliet. 't Wie dêr raer gong yn dy kroech. De feint moest rinne yn 'e nacht fan Visvliet in stik hinne oan Pitersyl ta, dêr't de boer wenne.
Hy wie bang, hwant de duvel roan njonken him. Hy skrille hyltyd. 't Wie in tige los man.
By de boer, dêr't er wenne, siet de doar fêst. Hy koe der sa gau net yn...
nl.verhalenbank.29295
Jehannes Hazenberg wie in keardel as in beam. Sa sterk as in dyk. Op in kear siet der in weinfol hea fêst tusken 'e dampeallen op 'e Sjoele tichte by Blaufallaet. Se koenen it der noait weikrije, de hynders koenen 't net lûke.
Doe kom Jehannes Hazenberg dêr lâns.
"Sit er fêst?" sei er, "wachtsje mar, ik sil wol even helpe."
Doe sette hy de rêch der achter...
nl.verhalenbank.33540
Greate Pier wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kommen der soldaten op it lân, dy moesten him fange, mar sy koenen him net.
Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?"
Doe tilde greate Pier mei ien hân de ploege op. Dy stiik er foar him út en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
Doe't de soldaten dat seagen naeiden se gau út.
nl.verhalenbank.32676
By Mountsjetille oan 't Knjillisdjip seagen se froeger ljochtsjes by jountiid. Doe seinen se: "Dêr komt in wei lâns skielk." En dy wei is der èk kom.
nl.verhalenbank.32662
In minske moat by joun of by nacht noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin er in rare reis meitsje. Dan rinne jy by in lykwein op en ploffe der achter wer by del.
Men kin ek wol oan kant skoud wurde.
nl.verhalenbank.22317
Oan 'e Wedze is ek al ris ien formoarde woarn. Dêr hat lang in krús fan yn in ikebeam sitten op it plak dêr't de moard gebeurd is. Sy seinen dat dat krús der fansels wer yn kom as de beam ôfkapt woarde en hy groeide wer oan.
nl.verhalenbank.32674
Der't nou in daem leit wie froeger de brêge fan 'e Harkema. Dy lei oer de Feanster feart. Dêr stienen us guon, dy hearden in stem út 'e wyk kommen, dy sei: "De tijd is gekomen, maar de man is der niet." Even letter wie der in man op 't hynder oankommen mei barstend gewelt. Hy wie al hwat let, dêrtroch ried er sa hurd. Hy ried pardoes yn 'e wetterlossing -...
nl.verhalenbank.22315
Yn Hoensbroek yn Súd-Limburch hat myn broer wenne. Dêr wenne in frou, dy wie der ris in kear op út om modisels (= melkdistels) to sykjen yn in sek. Se hie der noch mar in lyts protsje yn, doe soe se dy sek optille. Mar sy koe him net fan 'e groun krije, sa swier wied er. De wjerwolf siet der yn, sei se.
nl.verhalenbank.32660
Napoleon wie kûgelfrij.
nl.verhalenbank.22329
To Moddergat wenne in tsjoenster dy hie in bern bitsjoend. It bern gûlde altyd. Doe makken se it kessen iepen en doe siet dêr in krâns yn.
nl.verhalenbank.33542
Ik ha in skoftsje yn Westergeast by myn dochter wenne. Sjoerd syn mem wie tige siik. Sy rekke deamin nei 't sikenhûs ta. Elkenien forwachte dat se stjerre soe. Mar ik sei tsjin Sjoerd: "Jimme mem komt wer."
"Gjin sprake fan," sei er, "dat kin ommers net. Sy leit op 't stjerren."
Ik sei noch us: "Sy komt wer, sy rêdt it."
In fjirtsjin dagen letter koe 't...
nl.verhalenbank.21436
Wiger Koaning wenne yn Twizelerheide. Net ien dy't him by 't fé taliet, hwant hy makke se samar dea. It fé fan Hindrik Schaper hat er allegear deatsjoend. De man is der earm troch woarn.
nl.verhalenbank.36764
Alde Auke fan 'e Westerein fortelde, dat de poepen hienen de oarloch fan '14 op '18 forlern trochdat de fijân har forrifele hie. Dy hienen de hoefizers omkeard ûnder 'e poaten fan 'e hynders slein en dêrtroch wienen de poepen op in dwaelspoar rekke.
nl.verhalenbank.36770
Dy't mei de helm geboaren wie, moest alles foarút sjen. Sa'n ien moast nachts faek fan bêd ôf, dan moest er nei in lykstaesje sjen, dy't passearde. Yn dizze buert hat ek sa'n man wenne.
't Is ris in kear gebeurd, dat dy man de nachts wer thús kaem by syn frou, doe hied er in hiel sear plak oan 'e holle. Doe wie er net fier genôch oan kant gong, doe't de...
nl.verhalenbank.29693
Imke de Jong hie us in kear rûzje hawn mei twa hege mannen. Dat wienen ofsieren. Hy sei tsjin heit: "Dêr sille wy in grap mei ha." Sy skelden op him. Doe liet er dy beide ofsieren de klean ôfsakje. Hja kommen dêr pûrneaken to stean. Hy sei: "Nou geane wy fuort. Sy matte har mar even rêdde." Doe ha se him letter noait wer fêst hâlden.
nl.verhalenbank.21581