438 datasets found
Dutch Keywords: ronddolen Place of Narration: Kootstertille
Foardat lytse bern geboaren wurde, hear ik se al praten. Ik bin mei 't seisde sintúch geboaren.
nl.verhalenbank.21447
Sa'n trije jier lyn kom âlde Antsje fan 'e Twizelerheide yn 'e hûs (sjoch B65-168 en 169), doe stie der in deakiste by har oer 'e flier. Antsje tocht: hoe kin dit? Sy skrok der tige fan. In skoftsje letter, doe wie de kiste wer fuort. Hja koe 't har net begripe hwat dat bitsjutte moest. In troude dochter fan har, dy't net sa jong mear wie, rekke siik. By...
nl.verhalenbank.27977
De dochter fortelt: "Fan 'e wike kom mem hjir by ús yn 'e stâl. Doe sei se yn har sels: 'Hwat dogge dy trije keallen hjir?' Ik hearde dat en ik sei: 'Hoe komt mem der by, de stâl is ommers leech.' Mar de oare deis sette myn man trije keallen op stâl. Sy hie 't wol goed sjoen."
nl.verhalenbank.24846
Ik wie yn Westergeast útfanhûs by myn dochter. Doe hearde ik dêr timmerjen en der waerd mei balken smiten ensa. Ik sei: "Hjir sil skielk hwat gebeure." Myn dochter Klaske woe 't earst net sizze. Sy woenen 't stil hâlde, net ien mocht it noch wite, mar de saek soe fortimmere wurde. En 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24847
Myn soan komt hjir jouns altyd om njoggen ûre om de doar op slot to dwaen. Mar ik hear him altyd al fan tofoaren. Alle jounen. Middeis om in ûre of twa komt hjir faek ien om in praetsje. Dat wyt ik al om tolve ûre. Dan ha 'k dyselde al sjoen. Ien fan myn bernsbern moest foarige maend examen dwaen. Ik sei: "Meitsje dy mar net ûngerust, hear. Dû komst der...
nl.verhalenbank.27976
Ik wie us by myn suster yn 'e Falom. Sy sei tsjin my: "Sille wy us in eintsje 't lân del? It is sok moai waer." Ik sei: "Goed", en wy kuijeren hwat. Doe bleau ik ynienen stean. "Hwat is der oan?" sei myn suster. "Dizze kant fan jimme hûs stiet yn 'e brân", sei 'k. Mar doe't wy thús kommen, wie der neat to rêdden. Mar in wike letter is troch in...
nl.verhalenbank.21446
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Wacht u voor de getekenden.
nl.verhalenbank.21678
Guon hearden de trein fan Ljouwert nei Grins fier fan to foaren al, foardat der noch sprake wie fan in trein, al to Sânbulten riden. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.32663
Us mem en dy soenen us in kear nei 't Fean ta. Dêr roannen se hinne. Sy hienen in lytse jonge by har. Doe seagen se ûnderweis in lykstaesje oan 'e oare kant de wei. Dat doogde lang net. Sy binne fuort werom gong.
nl.verhalenbank.22316
Se seinen altyd, in tsjoenster koe har yn in kat foroarje. As se froeger wite woenen as in siik bern bitsjoend wie, ûndersochten se it kessen. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Der woarde dan om socht hwa't de tsjoenster wie. De krâns(en) woarde(n) forbrând. Se dienen faek duveldrek ûnder 'e drompels. Dy't it bern bitsjoend hie koe dan...
nl.verhalenbank.32677
Jehannes kom ris by in boer op Blaufallaet, dêr hienen se heabroei. Dy boer dat wie Jouke Hoeksma. Sy moesten in gat dolle yn 't hea, mar dat wie sa gleonhyt dat it wie eins net to fornearen. Doe sei Jehannes: "Dat kin wol oars. Dan matte jim in lange stok oan 'e lep bine." Dat dienen se, mar doe wie der net ien dy't dêr mei dolle koe. Jehannes sei: "As...
nl.verhalenbank.33541
Froeger gong it paed wol gauris oer in tsjerkhôf hinne. Der wienen us twa dy woenen ien bang meitsje. Se wisten dat dyselde dêr lâns komme soe. Sy gongen boppe op elkoar stean, elk mei in lekken om, by de muorre op. Doe sei deselde, dy't dêr lâns kom: Ik ha wol us twa boppe op elkoar stean sjoen, mar noait dêr noch in trêdden boppe op. Doe woarde de...
nl.verhalenbank.29294
It gebeurde in pear jier lyn. 't Wie yn 'e winter, der lei snie. 't Wie op 'e neimiddei. Ik hearde in protte lawaei op 'e wei en by ús op it hiem. Ik hearde ek in greate auto. Doe't ik op it hiem kom wie der alhiel neat to sjen. En doe't ik de oare moarns doe't it ljocht wie, nei spoaren socht yn 'e snie, wienen dy der net. Doe wist ik it oare wol. De...
nl.verhalenbank.21435
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Hja hawwe in wikseldaelder. As se hielendal gjin sinten mear ha hingje se de lege jildpong jouns oan 'e doar. De oare moarns is er fol. Om 'e sawn jier mat der in frijmitselder dea.
nl.verhalenbank.36767
In frou fan Burgumerheide fortelde my, yn har bernejierren wennen hja yn in spitkeet, dêr't in paed by lâns roan. Dat paed, dat wie de Lykwei. Dêr spûke it altyd. Net ien doarst dêr by joun lâns, hwant dêr roan in wyt hynder mei in rizenbrijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.29690
Fan Sterke Hearke fortelde hy it forhael mei de ploege en dat fan 'e wein mei dong.
nl.verhalenbank.20688
To Hurdegaryp by dr. Bontekoe gongen de hekken fansels iepen.
nl.verhalenbank.21596
Fleden winter doe't ik yn Westergeast wie by myn dochter, haw ik dêr in skoftsje ûnwennich west. Ik woarde dêr bang en op in nacht soe ik fuortrinne. "Hwerom is mem bang?" frege myn dochter. Ik sei: "Hjir komt in deaden op dit streekje." "Hjir is ien siik, dy sil 't dan wol wêze", sei Jitske, myn dochter. En dat wie ek sa, dat kom út. Har buorwyfke stoar....
nl.verhalenbank.21582
Yn Minnertsgea hat in man wenne, dy gong der nachts op út om lykstaesjes to sjen. It kom altyd nei.
nl.verhalenbank.22263