As men nachts in swarte kat moetet, dan is dat in min teken. Wêz dan op jou hoede!
nl.verhalenbank.21682
By dyselde boer hat myn wiif har heit arbeider west. It gong dêr altyd raer op dy plaets. Nachts rieden de weinen op 'e telle út har sels hinne en wer. De boer hearde it ratteljen fan 'e weinen en koe der net fan sliepe. Skoanheit wie doe noch jong. Dy slepte yn 'e stâl yn 't bêdsté. Dy stjûrde hy op in nacht nei de telle ta om to sjen. Sels doarst er...
nl.verhalenbank.33537
Ik wie noch gjin 25 jier doe kom ik to wenjen op 'e Skieding tusken Oerterp en Grinzerpein. Doe wienen dêr minsken dy seagen dêr ljochtsjes, sa nou en dan.
"Hjir komt hwat," seinen se, "dat kin net útbliuwe." En it bleau ek net út.
De tram kom dêr lâns. 't Wie tjirmerij.
nl.verhalenbank.33535
Yn Twizelerheide hearden se midden yn 'e nacht in hoanne kraeijen op 't keale fjild. Mar der wie neat. Tsien jier letter stie dêr in spultsje en dêr wienen ek hinnen en hoannen.
nl.verhalenbank.21680
As der in ramp komt fan it iene of oare flychtúch of sa, dan wyt ik dat ek altyd fan tofoaren. Dan hear ik dat oan 'e radio. Dan siz ik: "Der komt wer in ûngelok." It komt altyd nei.
nl.verhalenbank.21441
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
Fan 'e wike kom hjir in beppesizzer.
"Dû hast hjir fan 'e moarn ek al west", sei 'k.
"Né, beppe", sei se.
"Dû hast hjir west, 'k ha dy sjoen, dû hiest in blauwe jurk oan. Mar dû wytst it sels net."
"Ja," sei se, "'k hie in blauwe jurk oan fan 'e moarn."
nl.verhalenbank.21681
Yn 'e Westerein dêr stie in hûs, dêr mochten wy net komme.
Dêr spûke 't yn. Mar ik ha 't spûk noait sjoen.
nl.verhalenbank.29568
By uzes thús hienen wy altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Ien dy't dêr net oerhinne komme koe, wie in tsjoenster.
Fan in tsjoenster moest men neat oannimme. Iet men hwat fan in tsjoenster op, dan wie de kâns great, dat men bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.29554
Op in joun kom ik by de buorfrou wei en doe seach ik in greate auto by myn soan yn 'e daem stean. Myn soan wennet hjir njonken my. Der kom in greate man út dy auto, mei in hoed op.
Mar doe't ik der flak by wie wie der alhielendal gjin auto en ek net in mynhear. Mar ik hie goed yn my opnom hwer't ik dy auto stean sjoen hie, dat ik sette der in streek by....
nl.verhalenbank.21450
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. Dy kiste is fan in âlde mynhear dy't op 'e Skierstins to Feanwâlden wenne hat. Salang dy kiste mei jild dêr yn 'e groun sit hat dy âlde hear gjin rêst. Hy spûket altyd om by nacht, dan rydt er op in ezel.
nl.verhalenbank.36886
Myn soan hie to melken west. Op 'e Koatster wei sahwat by de skoalle sprong it hynder samar ynienen oer de wei en rekke yn 'e hage. Myn soan hie ek noch krekt in keppel bern by him op 'e wei.
Hy fortelde it my, doe't er thúskom.
"Dus," sei 'k, "it hynder moest rûmte meitsje? Mast der om tinke," sei 'k, "dat dêr binnenkoart in lyk lâns komt."
En 't wie ek...
nl.verhalenbank.21444
As ik yn Westergeast by myn dochter útfanhûzje, en de klok fan 'e toer let, dan gebeurt it faek dat ik siz: Hark, nou wurdt der fan 'e wike ien op 't hôf brocht. It mist my noait. Ik hear it oan 'e klank fan 'e klok. Hjir yn 'e Koaten hear ik it trouwens krekt like goed. It sit him net yn 'e klok, hwant in oar heart it net. It sit him yn my sels. Ik haw...
nl.verhalenbank.27974
Myn dochter wie ris by my, doe woarde se siik. Doe't ik ris in kear yn 'e hûs kom, woarde ik yn 'e keamer keard. Ik seach net hwat it wie, dat my kearde. De oare deis moest myn dochter opnom wurde yn 't sikenhûs. Doe brochten se in draechbaer by ús yn 'e hûs. Dat wie it ding dat ik de foarige deis sjoen hie en dat my kearde.
nl.verhalenbank.24845
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
As se my fortelle, dat se trouwe sille, wyt ik altyd wol krekt, as it matten is of net. En ik wyt ek hoe fier as it is.
nl.verhalenbank.21445
Us Gjetsje is stoarn oan 'e Spaense gryp yn novimber 1918. Us mem hat alles in wike of seis fan tofoaren sjoen.
Mem sei doe: "Hwat mat dy lykwein hjir op 't hiem?"
Der wie doe hielendal net in lykwein.
Hja hearde de wein draeijen en piipjen. De kiste stompte tsjin 'e doar oan en kraste tsjin 't kezyn.
Letter is 't krekt sa gebeurd. De kiste stompte tsjin...
nl.verhalenbank.29555
Piters Willemke koe tsjoene. Hja fleach op 'e biezemstok troch de loft.
Alde Oene Kempenaar wie ek in tsjoenster. As hy der op út soe, rolle hy himsels earst yn elkoar, dan wie 't in koepânse.
En hy rolle syn wiif yn in kattefel.
nl.verhalenbank.29569
Fan 'e moarn hat myn skoandochter hjir west om my to helpen. Dy komt hjir elke moarn om it wurk hwat to dwaen. Ik sei fan 'e moarn tsjin har: "Dû meist wol oanmeitsje. Hwant dû krijst fan 'e middei bisite. Ik leau fan jimme mem."
Nou is har mem der al.
nl.verhalenbank.21679
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557