Toverboeken:
Als iemand, in het bezit van een toverboekje, er van af wil, en het wegwerpt, heeft hij op slag weer een nieuw op zak.
nl.verhalenbank.69261
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Der waerd ús altyd foarhâlden: noait op mandei mei in nij wurk bigjinne. Oars komt der hwat tusken. Dan komt it net klear.
Der binne nòch in soad minsken dy't har dêr oan hâlde.
nl.verhalenbank.36914
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.22288
Myn skoansuster Tite hearde yn 'e nacht altyd timmerjen.
Hja wenne to Koartehimmen. Letter is op dat plak it Woodbrookers-gebou delset.
nl.verhalenbank.21383
Yn 'e Westerein is 't faek gebeurd dat de minsken it timmerjen al fier fan tofoaren hearden fan in hûs dat noch boud wurde moest, mar ik kin sa net sizze fan hokker hûzen dat it gefal wie.
nl.verhalenbank.33746
Wy wennen froeger yn in hûs hjir njonken. Dit hûs hjir is in gemeentehûs. Doe't se noch net mei dit hûs oan it bouwen wienen, hearden wy dêr yn 't oare hûs al getimmer en gedoch. Dat wie foartjirmerij. It gebeurde altyd nachts, as wy op bêd leinen.
nl.verhalenbank.24633
Us mem hat ek faek timmerjen heard op it plak dêr't se letter sels in hûs krigen ha. Myn broer wennet nou noch yn dat hûs. 't Is oan 'e Nije Wei, in lyts eintsje achterút.
nl.verhalenbank.22291
Op in plak op 'e Tike hearden se sjongen bûtendoar, sûnder dat dêr in minske to sjen wie. Letter stie dêr in hûs. Dit fortelde heit.
nl.verhalenbank.29614
Wat deeje ze vroeger mi je melktande ? Wiere die over ie schoer gegooid, >begraeve of deeje ze die in een dôôssie gedaen ?
Nou jao dat wier wel 's gezegd, over je schoer gooie want dan krij je weer een nieuwe of zo maor voor de rest wier dat niet an een kettinkie gerege of uh in een dôôssie bewaord hoor bin je mal.
nl.verhalenbank.44188
Us heit hat us in kear in hutte boud by 't hûs.
Fan tofoaren sei ús mem: "Hwat giet it der hjir jouns doch oan wei. It giet altyd mar op in timmerjen." Dat sei se tsjin heit. Doe sloech heit letter dat hutsje. Dat wienen de lûden dy't se heard hie.
nl.verhalenbank.22146
Froeger waerden der jouns faek twa ljochtsjes sjoen oer de dyk. Dan seinen se: "Dêr komme mei de tiid huzen to stean."
Mar dy huzen steane der noch net.
Wol sil dêr in nije wei komme, tsjin 'e Skieding oer, dêr't wy wenne ha.
nl.verhalenbank.32012
Yn Surhuzum seagen se froeger op in plak in wylde lantearne. Letter kom der op datselde plak in buorkerij to stean.
nl.verhalenbank.27807
Op in joune let hearden wy dúdlik timmerjen yn 'e skoalle.
De oare deis sei heit tsjin master Walstra: "Hwat die meester justerjoune sa let noch yn skoalle?"
"Ik yn skoalle?" sei meester. "Ik wie net iens thús."
"Jo wienen net allinne," sei heit, "der wienen wol in stik of trije, dy't dêr omtimmeren."
Letter kom der in nij hûs foar de skoalle to stean en...
nl.verhalenbank.27435
Yn 't foarige hienen de minsken it wol gauris oer wylde lantearnen. As dy sjoen waerden, seinen se, dan soe dêr letter op dat plak in nije wei komme.
nl.verhalenbank.32776
Hjir njonken ús op 'e Saedkamp, dêr seagen se froeger in hiele protte ljochten en sy hearden dêr gedurich klopjen. Dêr soe in protte boud wurde, waerd der ornearre. En dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24064
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
Ik wit noch bêst dat der - doe wie 'k noch in famke - ien sei: "Ha jim justerjoun dy toverlantearne wol sjoen? Dy gong op 'e dyk lâns. It wurde hjir skielk allegear huzen."
It binne èk allegear huzen woarn.
nl.verhalenbank.25622
It is sahwat sechstich jier lyn. Ik wie noch in bern. Myn omke en muoike wennen yn Garyp, op 'e hoeke, dêr't de wegen nei Earnewâld en Warten geane.
Sy hieten Rienk Benedictus en Baukje Kloosterman. Sy fortelden us in kear by ús dat se timmerjen heard hienen yn 'e Earnewarren. Net ien kear, mar folle faker. "Eigenaerdich," hie de iene tsjin 'e oare sein,...
nl.verhalenbank.33322