Doe't wy famkes wienen, wienen wy jouns wol us by meester op it skoalleplein. Dat wie yn Frijstêd, tusken Broek en Ikkerwâld.
Jouns seagen wy allegear ljochtsjes. Dy forskeaten dan fan 't iene plak nei 't oare. Wy fregen meester: "Hwat is dat?"
Meester sei: "Dat binne wylde fûgels."
Mar ús mem sei: "Dêr matte jim letter mar us om tinke. Op it plak, dêr't...
nl.verhalenbank.22022
Wy seagen hjir froeger achter ús wylde lantearnen. Ien ljocht wie tige klear en helder. 't Wie dêr doe allegear heide. Letter kom dêr in buorkerij.
nl.verhalenbank.25943
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten.
Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge."
En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
As se froeger wylde lantearnen seagen, dan kom der op dat plak in nij hûs to stean. Dan hienen se de lampe al fan tofoaren brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.21101
Ek op oare plakken haw ik wol ljochtsjes sjoen. Dêr wie 't èk allegear heide. Dêr kommen doe letter ek huzen. Soks komt altyd nei.
nl.verhalenbank.25944
De earste plaets, dy't Jitse van der Vlugt boud hat, dêr seach heit fan to foaren de ljochtsjes fan, by skimerjoun.
Heit koe him net bigripe hwat it wêze koe. 't Wienen tolwe ljochtsjes op in rige. 't Kom krekt nei. De plaets krige tolwe kouwerútsjes.
nl.verhalenbank.25945
Ek hearde ik op in kear dúdlik timmerjen, op in plak flak by ús. In 14 dagen letter setten se dêr in nij hûs del.
nl.verhalenbank.15879
Dêr't dit hûs nou stiet wie 't froeger allegear bremerheide, krekt as in eintsje fierder nou nòch. Mar ik ha der al us op in joun hiel dúdlik in hinglampe brânnen sjoen.
Ik sei tsjin mem: Mem, dêr brânt in lampe.
Dan komt dêr in hûs, sei se.
In pear jier letter woarde it hûs hjir set en der kom in lampe yn to brânnen.
nl.verhalenbank.15891
Wy wennen yn in woanwein oan 'e Suderhegewei by Drachten. Dêr hearden wy en ús buorlju nachts timmerjen en klopjen flakby. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr komt grif in nij hûs." 't Wie sahwat yn 1924. 't Selde jiers woarde dêr in nije boereplaets delset. Dy plaets is der nou wer wei.
nl.verhalenbank.24251
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. Dat wienen de ljochtsjes fan de lettere huzen, dy't der kom binne.
nl.verhalenbank.25601
't Wie yn 'e tiid, dat de ierappels hjir noch net bikend wienen. Doe wie der in dûmny, dy wie nochal hwat foarútstrevend. Dy woe ha, de minsken soenen ierappels ite en èk forbouwe.
Hy gong hinne en hy forboude sels in fjild mei ierappels. Mar de minsken woenen alles samar net ite hwat se net koenen. En forbouwe noch minder.
Net ien dy't dêr ierappels fan...
nl.verhalenbank.20209
De tsjerne wie froeger faek bitsjoend. Dan moest alles der út. Hy moest goed skjinmakke wurde en der moest nij spul yn.
nl.verhalenbank.25571
By Foppe van der Ploeg syn heit op Koatstermoune bigounen se noait mei nij wurk op mendei. Ek al hienen se 't noch sa drok dat waerd net dien. Der binne kwea-mendagen.
nl.verhalenbank.38656
Ik wie in jonge fan sa'n alve jier. Wy kamen út Grinslân en krigen in nij húske yn 'e Sweachster Mieden (ûnder Kollumersweach).
Doe't wy dêr oankamen op in jountiid om alve ûre hinne mei in pream, seagen wy healwei de brêge in ljochtsje brânnen by ús yn 'e hûs. Doe't wy tichterby kamen wie 't út. 't Hûs wie noch net klear, wy moesten earst in skoft yn in...
nl.verhalenbank.36808
Wol hûndert kear ha'k timmerjen heard yn 'e nacht op ûnderskate plakken. Dat tsjutte altyd op nije huzen of hokken of hekken of sa. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.17006
Een vreemdeling reed met een luxe auto Lopik binnen. De eerste in Lopik! Toen zeiden de mensen, in volle ernst: "Daar komt de duivel an, op een koets zonder paarden!"
nl.verhalenbank.50860
It wie yn 1907. Wy wennen yn 'e Warmoldsstrjitte, hjir yn 'e Harkema. Mem en dy slepten yn 'e foarein fan 't hûs, mar sy hearde nachts timmerjen yn 'e achterein. Dat hearde se wol trije nachten achter elkoar.
Mar der wie neat. Der woarde net timmere. Doe't se ècht oan 't timmerjen rekken, wie 't wol tsien wiken letter. Mar doe timmeren se oerdeis, mar net...
nl.verhalenbank.21220
Wy wennen yn 'e Grinzer Wylp yn in âld plaets oan 'e Keuningswyk. Op in joun kom myn man thús en doe stienen wy togearre op it hiem. Doe seagen myn man en ik in hiele greate flamme achter ús hûs. En dêr stie doe noch hielendal neat. Letter ha se dêr in nij hûs delset en nòch letter is dat hûs opbrând. Dat ha wy doe brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.23400
Ik ha in âld omke hawn, dat wie in broer fan ús mem. Hy wie skuonmakker en sprong op krukken en wenne yn in hûs tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Hy sei: "It timmert hjir achter altyd, hjir gebeurt hwat." Hy hearde it nachten oanien. "Hjir komme huzen", sei er. Mar der wie noait hwat to sjen.
Hy hat gelyk krigen. Letter kamen dêr twa nije huzen.
nl.verhalenbank.17701
Ritske Bottinga wie frijmitseler. Dy moest alle jierren hwat nijs bouwe. Hy moest altyd mar timmerje oan 't hûs. Die er it net, dan moest hy der sels oan.
nl.verhalenbank.25432