267 datasets found
Dutch Keywords: nieuw Place of Narration: Danbury
Yn 'e Smoarhoeke hjir yn 'e Harkema hearden se wit hoe faek fantofoaren timmerjen. Dan woarde der letter in nij hûs boud of sy fortimmeren it ien of oare.
nl.verhalenbank.25332
Moeke fortelde, aan de grote rijksstraatweg stonden weinig huzen. Bij de Kollumerzwaag, waar nu café Wolda staat, daar hadden de mensen de timmerlui al fanteforen gehoord. Se hoorden dat se stenen dwarsdoor sloegn om te metselen. Toen 't huus daar kwam, zeidn se: "ja, dat zijn de voortekens weest."
nl.verhalenbank.20289
Yn 'e Westerein is 't faek gebeurd dat de minsken it timmerjen al fier fan tofoaren hearden fan in hûs dat noch boud wurde moest, mar ik kin sa net sizze fan hokker hûzen dat it gefal wie.
nl.verhalenbank.33746
Op it plak dêr't de wylde lantearnen út gongen, kom in nij hûs to stean. De wylde lantearnen wienen de foarboaden fan nije huzen.
nl.verhalenbank.23384
Antsje Snipel koe kaertlizze. Sy koe èk tsjoene, seinen se. It kaertlizzen kostte in kwartsje. Mar har suster Tryn Snipel koe 't better. Dêr gong ik us in kear mei myn neef hinne. Ik wie doe sawntsjin jier. Ik frege har: "Ha jo ek hwat ûnder 'e koark, Tryntsje?" "Né, nou net", sei se. Hja forkochten dêr wol drank. "Wolle jo ús de kaert lizze?" "Jawol,"...
nl.verhalenbank.25482
Wy wennen froeger yn in hûs hjir njonken. Dit hûs hjir is in gemeentehûs. Doe't se noch net mei dit hûs oan it bouwen wienen, hearden wy dêr yn 't oare hûs al getimmer en gedoch. Dat wie foartjirmerij. It gebeurde altyd nachts, as wy op bêd leinen.
nl.verhalenbank.24633
Der wie in nije doomny kom, dy't to Ikkerwâld en yn 'e Broek preke. De fammen en feinten gongen net tagelyk to fragelearen. Elk hie it apart. Doe't doomny de earste kear fragelearen jown hie oan 'e fammen to Ikkerwâld, sei er tsjin ien fan 'e tsjerkerie: "Tsjonge-jonge, dat binne fammen, dy meije der wêze hear." "Ja, mar," sei it tsjerkeriedslid, "dan mat...
nl.verhalenbank.23438
In de buurt van Opende hoorden se faak timmeren van tevoren als doar loater in huus boud werd.
nl.verhalenbank.28221
Woenen lju, dy't oan 'e buorrel sieten, in nije flesse drank ha, dan moesten se klaveraas ûnder oan 'e flesse bine en dan dy flesse op strjitte sette. In oaren moest de flesse der wer wei helje. Dy flesse wie dan fol drank. Helle dyselde dy flesse net, dan gong it raer.
nl.verhalenbank.12382
Yndertiid wie ds. Zantinge hjir foargonger fan 'e grifformearde tsjerke. De tsjerke - it wie mar in foech tsjerkje - stie doe oan in sândyk tusken Mouneein en Gietsjerk. Dêr soe in nije tsjerke komme. Mar hwer? Doe wiisde ds. Zantinge op in kear it plak oan. 't Wie yn Oentsjerk, dêr't er nou nòch stiet. Hy hat dêr hwat heard of sjoen.
nl.verhalenbank.32287
Op Hogerom onder Noordwijk het in huus stoan, dat is der nou of. Foardat dat der stond soagen de mensen doar in lamp, zo leek it. Ik sag it self ook.
nl.verhalenbank.28220
Oan 'e Reitsma-strjitte steane twa huzen. Yn 't iene wennet Wopke van der Veen, yn 't oare Albert van der Veen. Foardat dy beide huzen der stienen ha de omwenners nachten oanien hyltyd timmerjen heard. Dat wie foartjirmerije. Dat is foar 100% de goudearlike warheid. (dat zegt hij af en toe)
nl.verhalenbank.33412
To Kollumersweach oan 'e Boskreed yn 'e lânnen stie in âld hûs, dêr ha ús heit en dy yn wenne. Fan tofoaren ha minsken dêr neist in ljocht barnen sjoen. Nei dy tiid ha heit en dy dêr in nij hûs sette litten.
nl.verhalenbank.29503
Foartjirmerij hienen se hjir froeger yn Hijum ek genôch. Mem hat wol faek forteld dat se fan tofoaren it timmerjen al hearden fan in nij hûs, dat der letter set waerd.
nl.verhalenbank.30118
Us mem hat ek faek timmerjen heard op it plak dêr't se letter sels in hûs krigen ha. Myn broer wennet nou noch yn dat hûs. 't Is oan 'e Nije Wei, in lyts eintsje achterút.
nl.verhalenbank.22291
Het was ook in Opende dat de mensen een licht gezien hadden ergens. Later kwam daar een huus te staan. Ze hadden de lamp al tevoren zien branden.
nl.verhalenbank.27840
Ik bin geboaren yn 1893 op 'e Sumarreheide. 't Hûs stiet der noch. Dêr hearden heit en dy geregeld timmerjen flakby, wylst dêr doch net in timmerman oan 't wurk wie. Ek oare lju, dy't tichteby wennen, hearden it. Letter ha se op dat plak, dêr't de lûden weikamen in nij hûs del set. Dêr kom Foppe de Graaf yn to wenjen. Dat hûs is nou ôfkeurd.
nl.verhalenbank.23039
Faek hearden se hjir froeger timmerjen, sûnder dat der yn werklikheit timmere waerd. Op sa'n plak kaem dan letter in hûs to stean.
nl.verhalenbank.31504
By termynsetten mat it bern by in fremden op 'e skoat.
nl.verhalenbank.15667
Heit hat ek faek forteld dat der minsken wennen oan 'e Hearrewei dy hearden dêr op in plak hyltyd timmerjen en klopjen en mei balken smite ensa. Letter is op datselde plak de grifformearde tsjerke kom. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.33850