3,776 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Burgum
Jan Ketelaar fan Burgum wie ek mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.23607
Roel Veltman to Eastemar fortelde: Der wie in man, dy siet op in joun to lêzen yn in toverboek, by in brânnende kears. Doe gong dy brânnende kears samar fansels ta de doar út, en dêr moest hy achteroan, dy't yn 't toverboek lies.
nl.verhalenbank.21962
Us heit hearde wolris wearwolven yn 't Bûtenfjild. As der in gûlend gelûd wie, dan sei heit: "Hearst it wol? In wearwolf!"
nl.verhalenbank.31028
As heit it oer sokke dingen hie sei mem: "Dû mast dy dêr stil oer hâlde. Dêr meije wy net oer prate." Mem hie der in hekel oan. As hy der yn 'e nacht op út west hie, sei mem: "Hè, hwerom hast der nou wer út west?" Mar hy koe net oars, hy moest it sjen.
nl.verhalenbank.27551
Ik haw in kammeraed hawn, dy syn heit, dat wie in raer man. Dy koe 't net folle skele hwat er sei. En hy mocht sa graech in slokje, dat hy wie hast altyd dronken. Op in kear kom er wer út 'e herberch. Hy wie smoardronken. Syn soan wie by him. Hja rounen de Simmerdyk del. Doe woarde dy man samar ynienen optild en in ein fuortsmiten. Dat hat de duvel dien....
nl.verhalenbank.38129
Wylde lantearens wienen dwaelljochtsjes. Der wenne froeger in man yn Jistrum, in sekere Roel Zijlstra, dy wie tige wyld; dêrom neamden se him wylde lantearne.
nl.verhalenbank.31186
Alde Fije turfskipper wenne op Uleflecht ûnder Sumar. Dy seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten, sei er.
nl.verhalenbank.23613
Sterke Hearke wie ris oan it ploeijen. Doe kaem dêr in man by him op it lân. Dy sei tsjin Hearke: "Kinne jo my ek sizze hwer't de sterke man wennet?" Hearke tilde de ploege by de sturt op en wiisde syn hûs oan en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36730
Ek mat er ris mei ien hân in ploege optild ha, doe't ien him frege hwer't dy en dy wenne.
nl.verhalenbank.38134
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
Us Jan-om wie oan 'e drank. Hy wie noch feint en tige los. 't Koe him net folle skele hwat er sei. Mar op in kear, op in joune let, doe moest er ien fan 'e Heidkampen oer. Doe hat er hwat sjoen. Hy seach in knyntsje, dat by him kom. As hy fierder gong, gong dat knyntsje ek fierder. It wykte net by him wei. Hy skopte der nei, mar hy koe't net kwyt wurde....
nl.verhalenbank.27557
Der wie in man dy hie och sa'n forlet fan jild. Doe kaem de duvel by him, dy sei: "Dû kinst wol jild fan my krije. Sjoch," sei er, "dan jow ik dy in ammerfol jild mei in dikke kop der op. Mar binnen safolle jier mat ik it ammerfol jild wer ha. Dan hoeft der net in kop op to sitten. Oars is dyn siele foar my." De man sette in amer klear en de duvel smiet...
nl.verhalenbank.31291
Ik wyt ek noch dat er us sei: Hedzers Baeije Hedzer is nou noch soun, mar dat duorret net lang mear. Ik ha sjoen dat er to hôf brocht wurdt. It is neikom. It duorre mar in pear wiken doe woarde er siik en doe is er stoarn.
nl.verhalenbank.27550
Sterke Feije wenne yn Burgum. Op in kear wie er op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him en dy frege him oft er ek sizze koe hwer't dy en dy persoan wenne. Doe spande Feije de hynders út en hy hie de ploege optild - dy woech sa'n tûzen poun - en dy hied er mei ien hân foar him útstutsen. En sa hied er dy man oanwiisd hwer't dy persoan wenne....
nl.verhalenbank.27642
Douwe en Det wennen yn in hûs op Sumarreheide, dêr waerd fan sein dat it nochris opbrânne soe. Knjillis Sudema hie it brânnen sjoen, mar it stiet der altyd noch. Hy mat fier foarútsjen kind ha -
nl.verhalenbank.31961
Alde Tsjibbe Westra wenne op 'e Sumarreheide. Alle jounen hearde hy timmerjen, mar dêr wie neat to sjen. It wie de Aldegeaster dyk út dêr't er it hearde. In skoft letter waerd dêr in rige huzen set fan 'e woaningbou. It wienen huzen fan 'e gemeente.
nl.verhalenbank.31579
Mynhear Bolleman (of Bonnema) wenne yn in hûs mei in greate gracht der om hinne. Feije wie by him oan 't dekken. Doe hâldde dy mynhear in weddenskip. 't Gong der om hwa't it sterkste wie: Feije of in hynder. Se stienen elk oan 'e kant fan 'e gracht. Beide wienen se ynspand, it hynder en Feije, mei in tou tusken harren. Mar Feije wie 't sterkste. Dy luts...
nl.verhalenbank.27643
Der wie ien yn Noardermar dy hie op in snein in pear klompen kocht. Underweis nei hûs waerd hy troch ien pakt. Hy waerd omheechsmiten mei de nije klompen oan, like heech as de beammen dy't dêr stienen. 't Gebeurde oan 'e Lange Loane. It wie syn straf, omdat er op snein klompen kocht hie.
nl.verhalenbank.31235
Sterke Hearke ried us yn 'e wein oer de Skilige Piip. Doe kommen der twa man by him, dat wienen rovers. "Oflizze", seinen se. Mar Hearke sei: "'k Sil mei jim ôfweve." Hy joech de iene mei in fjûrstien sa'n trewinkel tsjin 't wang, dat hy sei: "Dû bist murken." Dy ha se de oare deis oppakt, se koenen him samar. De oare rover wie gau útnaeid.
nl.verhalenbank.23618
Myn húshâldster (fan Twizelerheide) fortelde: Us heit hie ris op in joun nei syn skoansoan ta west to foet. Yn 'e nacht kaem er werom. Doe kaem him in greate grouwe swarte houn op side. Dy krong tsjin him oan en woe him hyltyd nei de Swadde ta triuwe. Mar hy koe 't net oprêdde, heit wie sterk. In hiel lang ein is dy houn by him bleaun. Op 't lêst, doe't...
nl.verhalenbank.31191