Germ Nijboer soe op in moarn nei de boer ta. Doe't er by de Skoallewyk kom, seach er Gjets Jel en Luts oer de dauwe sweven. "'k Seach de rokken boppe de dauwe útkommen", sei er. "Dêr sweefden se togearre hinne."
nl.verhalenbank.23572
Alde Piter Scheper hie buorkerije en wenne op Luchtenveld. Dy koe de minsken stil stean litte. Sy hienen 't net rjocht op Piter stean. Hy koe de minsken de koarts ek ôfnimme.
nl.verhalenbank.25884
Ik haw us praet mei in man út Wynskoat, dat wie in scheepklinker, dy fortelde my, hy wie op in skip en dêr woarde nachts klonken. It wie sa dúdlik to hearren. Mar doe't se seagen wie der neat to dwaen. De oare deis waerd der echt klonken. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23827
Myn âld-omke Jille-om (Jille Pultrum) kom us by in frou, dy hie de koarts. Jille-om sei tsjin har: "Wolle jo de koarts graech kwyt?" (It minske hiet fan Froukje)
"Ja seker", sei se.
"Skriuw dan op 'e doar: Froukje is net thús."
Hja die it en gong fuort. Doe't se wer thús kom, wie de koarts fuort.
nl.verhalenbank.23824
Mient Diemersen wie mei in nachtmerje biset. Dêr hied er sa'n lêst fan, dat doe ha se evangelist Hofstra ophelle.
Dy hat yn 'e nacht de nachtmerje oansprutsen, doe is er net wer kommen.
(Mient Diemersen hie syn frou min bihandele. Dêrtroch wie er mei de duvel biset. Hwant dy nachtmerje, dat wie de duvel.)
nl.verhalenbank.23777
Op in kear sei Douwe Mûs tsjin 't wiif: "Ik mat noch hwat gjers meane foar myn trije beesten." Hy der út en oan 't meanen.
Doe tocht er: "Hwat giet dit swier mei de seine."
Doe sjen en sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne.
Doe die er de sek der ôf en sei: "Nou sil 'k fuort ek mar harje." Doe't er harre hie, bigong er...
nl.verhalenbank.24723
Jan Hepkes dy gong to meanen. Hy hie al in skoft oan 't meanen west doe fornom er dat er de fuorring noch om 'e seine sitten hie.
Hy die de fuorring fan 'e seine ôf. Doe tocht er by himsels, nou wol 'k mei-iens ek even harje. Hy sette 't harspit yn 'e groun en bigong wer to meanen.
Doe tocht er: dêr komt in knik yn 'e seine. Doe hied er de kop fan 't...
nl.verhalenbank.23886
Berend Boom fan Eastemar wie tige sterk. Hy biet samar in grou tou dwarstroch. Hy hie allinne mar kiezzen, dêr't in oar tosken hie.
nl.verhalenbank.33100
Myn man - Gjert van Slooten - hie op in snein-to-joun nei my ta west, doe't wy noch forkearing hienen. Wy wennen op 'e Tike. Doe't er werom gong en oer 't Tike-Brechje soe sei der ynienen ien hiel lûd njonken him: "Kei!"
En hy hat noait ien sjoen! Der wie net ien. Hoe koe dat nou?
nl.verhalenbank.29417
Auke Schievink fan 'e Harkema wie froeger in hiele raren-ien. Hy is ris in kear troch de duvel smiten woarn fan 'e iene kant fan 't paed nei de oare kant. Letter woarde er tige froom.
nl.verhalenbank.28047
Sterke Hearke wie noch in jonge, fortelde heit. Doe wied er us in kear op 't Fean (= Surhústerfean). Doe wienen dêr in stik of hwat mannen, dy losten in wein. Der leinen dikke beammen op 'e wein en dy leinen se iene foar ien op 'e groun. Dêr stie Hearke by to sjen.
Doe gongen dy lju yn 'e herberch en kochten in buorrel, mar sy nommen Hearke net mei.
Doe't...
nl.verhalenbank.23731
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen.
In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Hessel Meijer soe mei stokken nei Skoat ta nei de hynstemerk om dy dêr to forkeapjen.
Alde Jan Scholte fan 'e Trije Roede soe ek mei. Dy soed er de moarns ophelje. De stokken hie Hessel yn in bosk op 'e rêch.
Jan Scholte wachte op him. It duorre him to lang, dat doe roan er Hessel mar tomjitte. Doe't Jan Scholte sahwat oan it hûs fan Sytse Liger ta wie,...
nl.verhalenbank.21694
Durk-om (= Durk Bouvin) en Jan Taekema dy hienen togearre op 'e sutel west mei matten. Dy hienen se op in karre. De jouns kommen se werom. Sy wienen sahwat by Swarteweisein. Durk-om lei yn 'e karre en Jan Taekema luts de karre foarút. Dat dienen se beurt om beurt, dan koe de iene nou en dan hwat útrêste. Mar by Swarteweisein woe de karre ynienen net...
nl.verhalenbank.23875
Doe't Sterke Hearke twa jier âld wie, doe koed er al in boerewein fuortlûke.
nl.verhalenbank.25597
Sterke Hearke wie in kear op 't lân oan 't ploegjen, tichte by de reed. Doe kom der in keardel oan, dy sei: "Kinne jo my ek sizze hwer't Hearke wennet?"
"Jawol", sei Hearke. Hy krige de ploege en dy stiek er rjochtút en hy sei: "Yn dat hûs wennet er." (Sa'n ploege woech in trijehûndert poun)
nl.verhalenbank.23734
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen dan to dânsjen.
Hy koe ek in flesse drank komme litte troch in spylkaert. Mar op in kear doe woe net ien dy flesse drank oannimme, doe hat er hast dea west. Doe ha se gau ien ophelle, dy't him oankrige.
nl.verhalenbank.23791
Alde Japik Kingma fan 'e Houtigehage hie in geit dy moest elke dei molken wurde. Dat die Japik syn wyfke altyd.
Mar op in kear doe wie 't wyfke der op út to praten en doe moest Japik-sels de geit melke.
Hy gong nei de geit ta, mar dat dier wie tige mankennich en woe net oerein komme.
Doe gong Japik yn 'e hûs en die syn wiif har jurk oan.
Sa kom er wer by...
nl.verhalenbank.28411
In omke fan my fortelde my, hy wie us in kear by de faem wei kom op in nacht. De Trije Roede wie doe noch in sânpaed. Hy hie midden op 'e wei roan. Doe wied er ynienen fan 'e wei ôfsmiten woarn en yn 'e berm torjochte kom. De skuon hienen him fan 'e fuotten west. It mat in lykstaesje west ha, dy't der doe passearde.
nl.verhalenbank.19587