Der roan us op in joun in frou dy kant nei Kûkherne út. Doe wie der in man op har tasetten kom. Dy woe har birove. Hja wie tige kjel woarn, mar hja fortroude op 't Opperwezen. Fuort dêrnei kom der in grouwe, swarte houn by har en dy wykte net by har wei. Doe rekke se frij. De man gong by har wei.
Us mem hat ús dit forteld.
nl.verhalenbank.27644
Yn Ljouwert, yn 't steechje tsjin 't froegere stêdssikenhus oer, wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Ik wyt net of er noch leeft. Midden yn 'e nacht woarde er út bêd wei roppen en dan moest hy der út om to sjen. Soms moest er hiele einen rinne. Sokke minsken kinne dan net lizzen bliuwe.
Dy man út Ljouwert seach dan in lykstaesje. Dan wist er hwa't...
nl.verhalenbank.38145
Ien fan 'e soannen fan Durk Jarings hie yn 'e herberch west to Jistrum. Hy soe nei hûs ta. 't Wie let yn 'e joun. Doe seach er dêr tichte by de Spûkloane in wite gestalte, dy't dwars oer de wei hinne sweeft nei de oare kant ta. 't Like de gestalte fan in minske. Hy is werom gien nei Jistrum, hy doarst dêr net lâns.
nl.verhalenbank.31406
Ik haw ús heit froeger wolris fortellen heard oer in stim út it wetter dy't sei dat der ien forwachte waerd, en dat der dan even letter ien yn dat wetter forsûpte. Sa'n ien waerd dêrhinne dreaun.
nl.verhalenbank.31176
De bruorren fan Melle wienen ek yn 'e herberch. Dy seagen hwat dat mantsje yn 'e bouten hie. Hja tochten: Hjir ha wy gjin boadskip oan en se bleauwen stil dêr't se wienen.
It keardeltsje gong wer nei syn plak en iet syn iten fierderop
nl.verhalenbank.31980
Myn man syn heit en syn broer ha ris togearre nei de klaei west, dêr't se wurken. Doe seagen se dêr in beamke. Dat beamke gong stadichoan ta de groun út mei woartel en al. En doe kommen dêr in pear bern út 'e groun wei setten. Doe gong it beamke wer yn 'e groun.
Myn man syn heit en syn broer, dy seagen dat.
Hja wienen deabinaud woarn. De âld man sei tsjin...
nl.verhalenbank.38153
Myn man syn heit hat it meimakke by de Aldehou yn Ljouwert. As er dêr lâns kaem, dan stie dêr by de Aldehou by de doar altyd in man mei in helm op en mei glêdde knopen op 't boarst. Hy seach dat altyd en oars noait ien minske dy't it seach.
Hwat hat dat nou west?
nl.verhalenbank.38157
Yn 't petlân fan Sjoerd Ielkes yn 'e Earnewarren, dêr wennet nou Teade Smedes. Dêr wienen heit en myn beide bruorren Bouwe en Hedzer oan 't wurk.
It wie de middeis om iterstiid hinne. Se wienen mei 't iten oan 'e gong. Ierappels waerden yn griene oalje opbakt.
Gjert van der Iest soe yn dy tiid in plaets sette litte by de Tsjerk-wei, by de feart. Dêr wie...
nl.verhalenbank.31576
It gebeurde dat er oan it wurk wie by de Wjirrensterfeart ûnder Nyegea. Dêr wienen ek mannen út 'e Hamsterheide oan it wurk. Dy stienen net sa botte bêst bikend. Se stienen samar mei 't mês klear en as se hwat gappe koenen, lieten se 't net. It gebeurde gauris dat se it ark fan oaren by har stutsen. Mar dêr wie noait ien dy't dy Hamsterheidtsjers...
nl.verhalenbank.31602
Yn 'e Westerein wie in âld man, dy wie yn gesprek mei oaren. Hja koenen it net iens wurde.
Doe sei dy âld man: "As it net wier is, hwat ik siz, dan mei ik op 'e moanne forskine."
Doe is dy man foar straf, op 'e moanne rekke. Dêr sit er noch altyd, men kin it wol sjen.
nl.verhalenbank.38169
Op 'e Boppewei spoeke in âlde mynhear om. Dy hie dêr in skat yn 'e groun. Mar hy kin der net oan ta komme. Der wurdt sein dat er elk jier in hoannestap tichterby komt.
nl.verhalenbank.38155
Jelle Hountsje (van der Wal) op 'e Sumarreheide focht geregeld mei de duvel, waerd der sein. De lytse duvels koed er sa wol ha, mar focht er mei de âlde duvel, dan wie er yn 'e ûnderbroek.
nl.verhalenbank.31314
Op 'e Simmerdyk wenne in man, dy koe op in nacht net sliepe. Hy gong der ôf en doe seach er in greate fjûrbol flak by him. 't Wie allegear fjûr.
Doe leaude dy man fêst dat der hwat gebeure soe by him. En hy hat gelyk krige èk. Deselde deis, dat wie yn 'e neimiddei om healwei fiven hinne, is syn hûs opbrând mei alles hwat der yn wie.
nl.verhalenbank.38127
Sterke Hearke mat leau 'k yn Eastemar wenne ha. Hy fuormanne mei in âld kedtsje, dat wie net safolle mear wurdich. Hy sei soms tsjin 't kedtsje: fuort -, mar dan koe 't âld dier it net dwaen. Dan gong hy njonken de kedde stean en luts sels oan 't tiksel mei. Dan gong it wol. Sà sterk wie dy keardel. Sa'n wein siet fol dong of der siet in foer hea op.
nl.verhalenbank.38133
Us heit wie mei de helm geboaren. Hy moest nou en dan út bêd wei nachts, dan moest hy der út om hwat to sjen.
Wy hienen in famke dat siik wie. Hy sei tsjin my: "Jimme hâlde dat famke net, hwant ik haw de lykstaesje sjoen."
nl.verhalenbank.27549
Doe't wy út Jistrum wei forhuzen, kommen wy oan 'e Burgumer Achterwei to wenjen. Jetse Leegsma wenne dêr ek, dêr moest ik de molke altyd weihelje. Ik moest dan in sânpaed del.
"Tink der om," sei Jetse tsjin my, "ik haw in klap hawn fan 'e duvel mei de moalpûde. Tink dêr om," sei er, "noait yn 'e weinspoaren rinne, hwant der kin us in lykstaesje oankomme...
nl.verhalenbank.27560
Yn Burgum mat it gebeurd wêze, dat guon yn 'e winter mei iis in stim hearden: De tijd is verschenen, de man is der niet. Doe is dêr fuort dêrnei ien op redens yn in wak riden.
nl.verhalenbank.31285
Myn swager syn heit, dat wie Oene Krop. Dat wie in nuver man. Hy koe de minsken en de beesten genêze.
Dat die er op in fremde manier. Minsken dy't net rinne koenen, makke hy wer oan 't rinnen. Hy wenne yn 'e Bosk yn 'e Westerein. Se kommen faek by him, foar harsels of foar in dier. Syn echte namme wie Oene Kempenaar. Ik haw twa kear myn foet forknoffele....
nl.verhalenbank.38151
Alde Jan Abrahams van der Werf fan Sumar fortelde ús - doe wienen wy noch bern - :
De kant nei de krúswetters út ried in man op it iis. Hy wie allinne.
Doe hearde er samar ynienen in lûd: De tijd is er, de man is er niet.
Hy woarde kjel en seach om him hinne, hwer't dat lûd wei kom. Hy bleau stean, mar der wie nergens hwat to sjen.
Doe kom der ien...
nl.verhalenbank.23604
Wibe-fisker fan Sumar moest der nachts faek ôf. Dan woarde der by him op 'e ruten kloppe. Dan wist hy wol hoe let it wie. Dan moest er wer in lykstaesje sjen. Soms roan er hiele einen.
Op in kear hied er mei noch ien nei Garyp ta west nei in forkeaping. Sy rieden togearre yn in wein en hienen tofolle drank hawn.
Underweis sei Wibe: oan kant, der komt in...
nl.verhalenbank.23605