Yn Kollum wenne Jan Visser, dy moest ek alles sjen, seinen se. Hy wie fan myn âldens.
nl.verhalenbank.29531
Alde Fokke fan 't Heideloantsje ried yn in driewieler. Hy is us in kear mei driewieler en al samar omheech tild woarn en kom yn 'e beamkes tolânne.
nl.verhalenbank.22687
Froeger wie dizze wei hjir net, dêr't wy nou oan wenje. Doe moest men it spoar del.
Op in kear soenen heit en dy to sûkerij-dollen. Doe wie er by de oerwei, dêr't nou de flikkerljochten binne.
Dêr hie hwat west, mar heit hie net sjen kind, hwat.
Mar 't wie troch de grindstiennen hinne gien en de grindstiennen hienen der nei stoud.
nl.verhalenbank.29528
Myn pake hiet fan Sjoerd Klazes Nicolai. Hy wenne to Eastemar. Op in kear hat er us in reus sjoen, dy stie strampele oer de sleat hinne..
nl.verhalenbank.23663
Yn Driezum wie ris in man overleden, dy hie in read plakje op 't wang. Doe sei syn frou: "Sa lang dat reade plakje dêr sit wol ik him net bigraven ha." Njoggen wiken lang hat dat sahwat duorre, sa lang siet dat reade plakje dêr. Doe is dy man wer bykaem. En doe hat er noch in pear jier leefd.
nl.verhalenbank.37368
Ek in kear doe siet der in murd yn in hoale. Pake die in bûsdoek om 'e hân en helle sa de murd der út. Hy knypte sa bot, dat hy tocht: nou is er wol dea. Mar ûnderweis hat de murd him noch biten. Doe't er thús wie meat er de murd. Hy wie 6 tegeltsjes lang.
nl.verhalenbank.32217
Ierdmantsjes hearde men hjir net fan. Der wie allinne in man fan Twizelerheide, dy neamden se Hindrik Ierdmantsje. Dy sutele mei stoven en ierappelskyldersbakjes.
nl.verhalenbank.24073
Yn 'e Koaten wenne ek in minske, dat tsjoene koe. Har man wie o sa skruten foar har, hwant sy seach mar even ien oan of dyselde wie bitsjoend. Sokken woarden dan siik en ûngedien en dan moest der in duvelbander oan to pas komme. Ut 'e Koaten wei gongen se wol faek nei Sied Harmens fan Feanwâlden, ek wol nei ien fan it Wytfean. (Jonge Jan?)
nl.verhalenbank.15753
In sekere Sake seach yn 'e Sweachster bosk hwat yn 'e beam. Doe't er tichterby kom, kom der in frommes ta de beam út. Sy sweefde it lân oer. Doe seach er hwa't it wie. Hy neamde har namme en fuort wie se.
nl.verhalenbank.15757
Greate Pier wie o sa sterk. Op in kear wie er op it lân oan 't ploeijen. Doe kamen der guon by him. Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe hie er de ploech optild en dêrmei syn hûs oanwiisd. En hy hie sein: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29935
To Kollumersweach wenne in man, dat wie net sa'n bêsten ien. Op in nacht krige Hantsje him topakken en smiet him in hiel ein fuort.
nl.verhalenbank.15772
Op in kear sei 'k tsjin myn man: "Us buorman leeft net lang mear." Ik hie sjoen dat er dea wie. Doe wie er net iens siik. In pear wiken letter wie er wei.
nl.verhalenbank.30109
To Koatstertille wenne in kûper, dy syn wiif koe tsjoene. Sy wie der hiel faek yn 'e nacht op út. Op in nacht, doe wie se wer fuort en doe foun de kûper op bêd, op it plak, dêr't se lein hie, in kouwepânse.
nl.verhalenbank.15748
Op it Wyldpaed is it faker as ien kear gebeurd, dat in ûnforskillich man troch de kweade smiten waerd, soms oer beammen en al hinne.
nl.verhalenbank.29926
Ek in kear doe roannen der trije neakene berntsjes samar njonken him lâns. Dat duorre gâns in ein. Doe woarden se ek samar wer wei.
nl.verhalenbank.23664
Alde Douwe wie in boerke, dy wenne yn Kollumersweach. Tidens de oarloch fan '14 op '18 sei er: "As dit ôfroan is, krije wy yn '40 noch in hiele slimme oarloch."
It mantsje koe lêze noch skriuwe.
"In stêd yn it suden fan ús lân," sei er, "kriget der hiel bot fan. Ik bileef it net," sei er tsjin myn man syn broer, "mar jimme sille 't noch wol bilibje. De...
nl.verhalenbank.24467
Wybrand Hovius fan Lutjegast fortelde my ris, yn Westerhorn by Grypskerk, tichte by 't spoar, dêr wie ris in keppel jongfolk byelkoar to jounpraten. Ien fan dy mannen swetste mar raek en sei: "Ik bin foar gjin duvel bang."
Doe seinen de oaren ûnder elkoar: "Wy sille him ris bang meitsje."
Ien fan dyselden gong de oare jouns, doe't it tsjuster wie, op in...
nl.verhalenbank.24075
Der wie in man, dy trof in houn yn 'e nacht. 't Wie in swarte houn, dik en grou. Hy woe dy houn fuort ha. Doe smiet er mei in stien op dy houn, mar dy houn gong net út 'e wei. Doe't er smièt hie dy houn in pear hiele gleone egen. 't Wie in pleachbeest. Doe woarde dy man bang en naeide út.
nl.verhalenbank.24897
Bontsje Keeke (= Knjillis Veenstra) wie mei de helm geboaren. Dy seach de bigraffenissen foarút. Hy gong dan yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta, dêr woarde er hinne dreaun. Hy hat fan to foaren de bigraffenis fan syn eigen dochter sjoen, dy't fordronken is.
nl.verhalenbank.24072
Myn skoandochter har heit, Wybrand Hovius fan Lutjegast fortelde, by Faan hienen guon oan 'e kant fan 't wetter stien en doe hienen se in lûd heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter wie der ien oanfytsen kom en dy wie dêr fordronken.
nl.verhalenbank.24066