Kaerten dêr sit hiel hwat yn. 't Gebeurt wol, dat ien losse kaert yn 't hiele hûs omfljocht.
nl.verhalenbank.12256
Op de Harste stiet in hûs: It earrebarrenêst. Dêr hearden se froeger alle nachten de tsjerne gean. En dochs wie der neat.
nl.verhalenbank.25630
Sterke Hearke wie oeral bikend. Twa man kamen ris by him doe wie er op it fjild oan it ploeijen. Hja woenen mei him wrakselje, mar se koenen him net. Doe fregen se oan 'e man dy't dêr ploege, of er ek wist hwer't Hearke Witteveen wenne. Doe sei Hearke, wylst er de ploege mei de iene hân foarútstuts: "Sjoch, dêr wennet er." En mei de oare hân sloech er him...
nl.verhalenbank.31486
Alde Branders Durkje yn 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Us mem hie 't net op har bigrepen.
Mar hja gong hinne en lei duveldrek njonken 't hûs del oer 't hiele hiem hinne oan 'e sleat ta.
"Nou kin se der net wer lâns komme", sei mem. En 't wie ek sa. Durkje bleau wei.
nl.verhalenbank.20215
Yn 't Princenhof bouden Freark Prûk en syn soan in hûs (Helfrich, de duvel fan Earnewâld).
Op snein mitselen se en bouden se. Der kom safolle spûkerij, dat it hûs rekke dêr wer wei. Ien út Aldegea hat it kocht.
nl.verhalenbank.32475
Sterke Hearke - it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.32440
Der kommen ris guon, dy moesten by Sterke Hearke wêze. Tafallich fregen se him doe't er op it lân oan 't ploeijen wie. Se wisten net dat hy it sels wie.
"Hwer wennet Hearke?" fregen se.
"Hjir stiet er en dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploech beet en tilde him op en wiisde der mei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.31798
Der wie ris ien by Sterke Hearke kom wylst dy oan 't ploegjen wie. Hy frege Hearke hwer't dy en dy wenne.
Doe hie Hearke de ploech mei ien hân beetpakt en dêrmei nei syn eigen hûs wiisd. Mei de oare hân hied er op 't boarst slein. "Dêr wennet er," hied er sein, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36241
Der kom us in man oan, dy moest nei Sterke Hearke ta. Doe seach er in boer, dy wie oan 't ploegjen.
Doe sei er tsjin dy boer: "Kinne jo my ek fortelle, hwer't sterke Hearke wennet?"
"Jawol", sei dy boer. Hy heakke it hynder út. Doe krige er de ploege yn 'e hân, dy stuts er rjocht foarút.
Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er.
nl.verhalenbank.24522
Yn Sumar hjir njonken, hearde ik yn 'e nacht faek timmerjen. Dat is noch mar in skoftsje lyn. Fuort dêrnei ha se dat nije hûs der delset. It wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.20221
Hjir dwars oer woarde alle jounen timmere. Mar as men der by kom wie der neat to sjen. Letter kom dêr in hûs to stean. Doe seinen de minsken: "Sjoch, dàt hat dat timmerjen west."
nl.verhalenbank.24512
Sterke Hearke wie us oan 't ploegjen. Doe wienen der minsken dy kommen by him en dy seinen, dat se dêr en dêr wêze moesten. As hy ek oantsjutte koe hwer't dat wie. Doe nom Hearke de ploege en wiisde der mei nei in hûs en sei: "Asjyblyft, dêr wenje se."
nl.verhalenbank.25635
Us heit roan mei noch in man op in joun tusken Oerterp en de Lange Wyk by Drachten. 't Wie donker. Hja kommen by in hûs, dêr gong it bot op in timmerjen en saegjen.
Hja tochten: hoe kin dit sa let op 'e joun - En hja dêrhinne to sjen. Mar dêr wie net in minske warber en der wienen ek gjin lûden mear.
Op 't lêst gongen se fuort. Se seinen: Dit is...
nl.verhalenbank.36237
Yn Aldegea hienen se faek duveldrek ûnder 'e drompels om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.21198
Ljibbe fan Geart de Vries fortelde my, foardat it hûs fan Albert de Boer boud wie, stie der noch neat op 'e heide (Sum. heide). Doe kom hy dêr ris op in joun lâns en doe seinen se: "Sjoch, dêr brânt in ljocht op dat lân!" Doe wie der noch hielendal gjin sprake fan dat dêr boud wurde soe. Letter kom dêr it hûs fan Albert de Boer.
nl.verhalenbank.36219
Piter Poes seach mear as in oar. Hy wie by minsken yn 'e kost. It hûs dêr't se yn wennen, moest fortimmere wurde. Piter Poes sei: "Der matte ek noch sinten yn sitte." En wrachtich, der kom in partij jild út it ûleboerd wei.
nl.verhalenbank.25625
Op it plak dêr't nou Koos Landheer syn hûs stiet, hearden se fantofoaren hyltyd timmerjen.
Koarte tiid dêrnei waerd it hûs dêr delset.
nl.verhalenbank.20401
Doe't it hûs fan Bouke Sjonger der noch net stie, ha se op dat plak fantofoaren ljochtsjes sjoen.
nl.verhalenbank.20400
Greate Pier wie in hiele sterke keardel. Op in kear wied er us oan 't ploeijen. Hy hie 't hynder foar de ploege spand. 't Wie noch in âlderwetske ploege mei in houten balke. Doe kom der in fremde man op him ta en dy frege: "Wite jo hwer't greate Pier wennet?"
Doe sloech Pier it hynder foar de ploege wei. En hy naem de ploege yn 'e rjochterhân en tilde him...
nl.verhalenbank.21123
Op 'e Hearrewei spoeke it. It wie in wite gedaente. It wie in manspersoan. Myn omke wenne yn 'e Wierren. Op in joun hied er nei de horloazjemakker west yn 'e Pein, omt syn horloazje net doogde.
Doe't er werom kom, siet dyselde yn 't wyt achter him oan. Alhiel út 'e liken kom omke thús.
Syn mem frege: "Hwat skilt dy?"
It spoek hie him oan 'e doar ta folge.
nl.verhalenbank.21187