2,437 datasets found
Dutch Keywords: huis Place of Narration: Moddergat
As de bern net yn 'e hûs woenen jouns seinen de minsken: "Pas op, gau yn 'e hûs, oars pakke de tsjelwiven dy."
nl.verhalenbank.27858
"Tink der om, de tsjelwiven komme, dy nimme dy mei, gau yn 'e hûs", seinen de lju tsjin 'e bern, as dy jouns noch bûten wienen.
nl.verhalenbank.27825
In nachtmerje wie in frommeske. 't Wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't slotsgat by it slachtoffer, krekt as tsjoensters. Hja gong earst nei 't fuottenein ta.
nl.verhalenbank.27945
As de bern jouns net yn 'e hûs woenen, seinen se: "Pas op Jack de Ripper komt aenst en dy pakt jimme." Yn Ingelân seinen se: "De Ruiter komt!" (Dat wie yn Wierum)
nl.verhalenbank.28124
De nachtmerje kaem troch 't slotsgat. 't Wie in frommes. Men moest hinnegean en set de toffels omkeard foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28102
Hjir tichteby stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen in popke. Dat wie tige siik. Elkenien koe sjen dat it net goed kom. Dat popke rekke wei. Al in pear jounen fan tofoaren gong dêr in âld houn nei dat hûs ta en dy siet dêr de hiele joun foar dat hûs to spookgûlen. Se jagen him fuort, mar even letter wie hy der wer en dan gong 't wer op in...
nl.verhalenbank.27815
Op in moarn bitiid soenen in stik of hwat fiskfroulju der meielkoar op út om fisk to forkeapjen. Doe kommen se by in frommes dat èk mei soe, mar dy wie der noch net ôf. Sy sei: "Ik liz noch op bêd, ik bin der noch net ôf. Mar ik kom jim wol achternei. Wachtsje mar op 'e hoeke op my." Doe de fiskfroulju dêr kamen, doe wie se dêr al. Sy moat dêr hinne flein...
nl.verhalenbank.28098
Wy hienen in buorman, dat wie Boate Koopmans. Dy hie in kear in pleachbeest achter him oan sitten. Dat pleachbeest wie him hyltyd mar folge, dat koed er net wer kwyt wurde. It wie in swart beest mei klapearen en greate gleone eagen. Boate hie sa binaud west, dat hy wie by de minsken yn 'e hûs flein mei de klompen oan.
nl.verhalenbank.27852
Tsjoensters fleane op in biezemstok. Sy kommen troch 't kaeisgat of 't goatsgat yn 'e hûs. Hwannear't it net bûterje wol hat der in tsjoenster by de tsjerne west. Tsjoensters brûkten toverboeken.
nl.verhalenbank.27832
Njonken myn omke yn Peasens wenne in man, dy gong foar in tsjoenster troch. Dy man hiet fan Ljujjus (= Livius). Omke fortelde, op in kear stie er fóár by 'e wei mei omke en dy to praten tsjinoer de foardoar. Omke rint troch 't hûs nei de achterdoar - en dan komt dyselde Ljujjus út it hok wei; doe hied er de geit krekt molken. Doe wist omke dat der twa...
nl.verhalenbank.27950
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Dat is gewoanlik in swarte kat. Der wie ris in berntsje siik hjir yn Moddergat. 't Wie famylje fan ús. Dêr kaem altyd in swarte kat oer de flier. Doe seinen se: "'t Bern is bitsjoend troch dy swarte kat." Doe praetten se dan ôf, de manlju soenen meielkoar dy kat fange. Sy wienen allegear gewapend, de iene mei in...
nl.verhalenbank.27948
As jouns de sinne gleon op 'e glêzen skynt en 't liket fan fierrrens krekt as stiet it hûs yn 'e brân, dan komt der hurde wyn. As de kobben heech yn 'e loft soeije, sûnder dat se de wjokken biwege, komt der ek hurde wyn. As de loft alhielendal klear is, sûnder in wolkje, komt der binne trije dagen rein.
nl.verhalenbank.28110
Oarreheit (dat wie mem har heit) wie net goed by 't spul. Hy rekke siik. Sy tochten, hy kin wolris bitsjoend wêze en doe gong der ien mei syn wetter nei de Wâlden ta, nei de duvelbander. De duvelbander sei: "Lit my 't wetter mar ris sjen." Doe't er dat bisjoen hie, sei er: "Ja, ik kin him wol hwat jaen, dan wurdt er wol wer better. Mar dan moat er rare...
nl.verhalenbank.27854
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
To Wierum wenne in feint, dy die 't altyd mâl. Hy spotte en flokte dat it net mear moai wie. Hy wie ek faek dronken. Op in joun kaem er by minsken yn 'e hûs. Dêr woed er graech ûnderdak ha foar de nacht. Hy kaem yn 't bûthús to lizzen op strie. Doe't se de oare moarns by him kamen, hied er de holle omkeard op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.28117
Hie men lêst fan langskonken, dan hong men in fleartokke foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28103
Heit sei, hy kom ris in kear fan Nes op in joun. Der wie in oare man by him, dy moast nei Wierum ta. Doe hie dy man ynienen tsjin heit sein: "Jo moatte oan kant gean." Heit gong oan kant. Even letter sei er: "'t Is foarby, kom mar wer op 'e wei." Dy man woe net sizze hwa't it wie dy't stoarn wie. Op in pleats tichte by it plak dêr't se oan kant gien...
nl.verhalenbank.28115
As der ien bitsjoend wie, dan siet der in krâns yn 't kjessen dêr't dyselde mei de holle op lei. Dy krâns forbrânden se yn 'e dôfpot, dan kaem de tsjoenster foar de doar.
nl.verhalenbank.28101
Frijmitselders wienen kûgelfrij.
nl.verhalenbank.27959
Yn Peasens wenne in smid, dy hat ris in kear in hynder bislein. Mar de oare deis sieten de hoefizers der alle fjouwer achterstofoar ûnder. Dat hynder wie bitsjoend, 't wie in spookhynder.
nl.verhalenbank.27838