3,342 datasets found
Dutch Keywords: huis Place of Narration: De Westereen
In tsjoenster kaem troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.38495
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Se wienen allegear bang foar him. Hy kom ris in kear by ús yn 'e hûs. Us Hindrik lei yn 'e widze. Doe gong Harm by de widze stean en hy seach der boven oer hinne. Doe sei mem: "O, myn jonge!" Doe woe Harm ús Hindrik bitsjoene.
nl.verhalenbank.35949
De duvel wurdt hjir wol neamd Hantsje Prip. Hy mat hjir ris in keardel nei hûs ta brocht ha.
nl.verhalenbank.34634
As eksters skatterje by 't hûs komt der in deaden.
nl.verhalenbank.36584
Sterke Hearke wie ris op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy frege: "Kinne jo my ek sizze hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân en tilde him op. Hy wiisde der mei nei syn hûs en sei: "Sjoch, dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.29964
Yn 'e Kule (yn 'e Westerein) wenne in man, dy wie och sa sterk. Veenstra wie syn namme. Der kaem ris in man by him, doe wie er oan 't ploeijen. Kinne jo my sizze, hwer't dy en dy wennet? frege er. Doe hie dy Veenstra de ploege foarút stutsen en dêrmei it hûs oanwiisd. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.29812
Ik wie in jonge fan sa'n alve jier. Wy kamen út Grinslân en krigen in nij húske yn 'e Sweachster Mieden (ûnder Kollumersweach). Doe't wy dêr oankamen op in jountiid om alve ûre hinne mei in pream, seagen wy healwei de brêge in ljochtsje brânnen by ús yn 'e hûs. Doe't wy tichterby kamen wie 't út. 't Hûs wie noch net klear, wy moesten earst in skoft yn in...
nl.verhalenbank.36808
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. In man woe wite, hwer't er wenne. Dy kaem by him op 't boulân en frege him. Doe tilde Hearke de ploege omheech en wiisde syn hûs dêr mei oan. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.30100
Sterke Hearke wie alris op 'e bou oan 't ploegjen. Der kom in man by him, dy frege: "Kinne jo my ek fortelle hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke krige de ploege, dy tilde er op en sei: "Dêr wennet er. En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24573
Frijmitselers ha harsels oan 'e duvel forkocht. As se forlet fan jild ha, klopje se even oan 'e doar. Dan stiet der wol ien klear mei jild. Frijmitselers timmerje altyd oan har eigen hûs. Dat rekket noait klear.
nl.verhalenbank.36550
Greate Pier wenne yn Kimswerd. Der kamen guon yn Kimswerd, dy sochten him. Hja fregen him hwer't greate Pier wenne, wylst dy krekt op it boulân oan 't ploegjen wie. Pier tilde de ploege fan 'e groun en wiisde dêrmei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.32055
Myn man Ringer kom wol mei syn handel yn klaeijng ensa by in âld minske, dat yn 'e Harkema wenne. Dat minske wie mei de helm geboaren. Soms stie se by de doar en dan seach se lykstaesjes. Ringer krige sa'n ôfskrik fan har forhalen, dat hy woarde suver bang foar har en hy kom der dêrom op 't lêst mar net mear.
nl.verhalenbank.20915
Op in joun soenen wy nei Grinslân ta to wjûden. Doe seinen wy: "Sjoch, 't spultsje fan Hindrik en Ael stiet yn 'e brân." Dat hûs stie oer de Swâdde. Mar it brânde net. In setsje letter is it opbrând.
nl.verhalenbank.36858
It spul dêr't nou Hindrik en Ael wenje, ha guon minsken fan tofoaren yn 'e brân sjoen. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.17499
Yn Feanwâlden is us in hûs opbrând. Guon ha dat hûs fan tofoaren yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.24472
Yn 'e Westerein hienen de minsken froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen. Sy hellen it út 'e apteek.
nl.verhalenbank.21535
Yn 'e Westerein is 't ergens gebeurd dat der ien tige siik op bêd lei. Doe hearden se it lûd fan in kiste dy't oer 't finsterbank hinne skoude. Al gau dêrnei forstoar de sike. De kiste woarde ûnder 't finster troch yn 'e hûs brocht.
nl.verhalenbank.36015
Us pake hie us sjoen, dat de plysjes him neisieten. Mar it wie sa'n linige, flugge keardel, dat sy koenen him noait krije. It wie yn 'e omgeving fan 'e Westerein. Hy wie boven oer de platte húskes hinnestoud. Pake hat him noch wol kend, dat wie sahwat om 1850 hinne. Japik Ingberts hat ek achter Grins wenne, yn Slochteren ofsa.
nl.verhalenbank.19418
Bontsje Keke fan 'e Westerein hat froeger in hiele raren west. Hy flokte alles ûnderstoboven en wie foar gjin duvel bang, sei er. Op in kear is er, doe't er nei hûs ta soe, troch de duvel ûnderweis yn 'e feart smiten.
nl.verhalenbank.38403
Yn Twizelerheide, oan 't Wyldpaed, stie in hûs yn 'e brân. Us folk seach it barnen. Der allegear hinne, mar it stie net yn 'e brân. Ik wie doe in famke, 'k ha der ek noch hinne west to sjen. It is net opbarnd, mar de hiting is dat dat noch gebeure sil. Dat leauden ús heit en dy ek grif en ik sels èk.
nl.verhalenbank.33807