18,418 datasets found
Dutch Keywords: huis Narrator Gender: male
Myn skoanmem wenne op Allardseach ûnder Bakkefean. Doe wienen der guon dy fortelden har dat se hienen har hûs yn 'e brân sjoen. Dat bitsjutte safolle as it soe letter ôfbrânne. It is ek gebeurd. Mar doe wenen skoanmem der net mear.
nl.verhalenbank.36107
In Hoogeveen staat een huis met 49 gaten in de voorgevel, het zogenaamde 'Huis met de duivengaten'. De sage gaat dat er vroeger iemand in kwam wonen, die duiven ging houden. Op een dag vond hij een zwarte duif, die .....(rest volgt als het goed is).
nl.verhalenbank.16299
Ik wit noch wol, dat mem op in kear sei: "Sjoch, dêr skynt in ljocht. Dêr komt in nij hûs, hwant it ljocht brânt der al." Ridlik gau kòm dêr in nij hûs.
nl.verhalenbank.16059
De nachtmerjes kommen troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33378
Wy ha de minsken dy't lêst yn dat húske wenne ha al us frege as it altyd goed wie by harren yn 'e hûs. "Nou," sei de man, "om it mar earlik to sizzen, goed wie it net." Mear woe hy der net fan sizze.
nl.verhalenbank.21998
Lichten zaggen ze vrouger voak. “dr brandt weer wat”, zeden ze, zel wel weer gau 'n huus aan goan. Dat geleuf was algemain.
nl.verhalenbank.44126
Der stiet in hûske yn Opperkoaten, dêr wennet nou Sippe Kobus yn. Ik haw fan guon wol us fortellen heard, dat Japik Ingberts dêr yn wenne hat.
nl.verhalenbank.22890
By Grinzer Pein is in gehuchtsje: Topwear. Dêr seagen guon alle jounen in ljochtsje. Dêr kaem letter in hûs to stean.
nl.verhalenbank.36953
As je op een bezem ging zitte, dan was je zo uit huis. Dat heb ik van een visser uit Groot-Ammers.
nl.verhalenbank.70127
Op 'e Ikkers ûnder Droegeham spoeke it altyd. Fral yn 't hûs fan Ate Zandstra, dat dêr stie. Dêr wie 't lang net plús yn.
nl.verhalenbank.21356
Der wie ek in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr wisten se fantofoaren al fan dat it opbrânne soe. Dat fortelde heit.
nl.verhalenbank.38438
Yn Drachtster Kompenije is ris in hûs ôfbrând, dat ha se al folle earder yn 'e brân stean sjoen. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.36967
Ik wit noch bêst dat der ris in fremde kat om ús hinne roan en dat mem doe sei: "Och heden, hjir is Griet ek wer." En dan sei se út gekheit: "As hja dea is, krij ik it baentsje ek noch." Der wenne in jong frommes oan 'e Triemster loane, dy is dêr apart om Griet wei gong to wenjen, sa bang wie dy foar har.
nl.verhalenbank.37339
Yn Twizelerheide ha se op in stik lân in ljocht baernen sjoen. Letter bouden se op datselde plak in hûs.
nl.verhalenbank.16967
In tsjoenster kaem troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.38495
Greate Pier wie och sa sterk. Doe't ien him ris frege hwer't er wenne stuts er de ploege rjocht foar him út. Sa wiisde hy it plak oan.
nl.verhalenbank.36109
Op een plek tussen Veen en Wijk daar hadde vroeger een huis, daar zat een man in en, nou, daar beurde altijd iets.
nl.verhalenbank.126619
Hjir is ris in kear in hûs opbrând, dat se fan tofoaren al yn 'e brân sjoen ha.
nl.verhalenbank.38057
Yn Boarnburgum stie in hûs, dêr siet net in ûleboerd op. As se der àl ien oan makken, dan foel it der fansels ôf. Sy wisten net hoe't dat kom. Dêr hat hwat mei west.
nl.verhalenbank.24090
To Sumar wenne Knjillis Wytses. Dy wist mear fan kwalen ôf as alle dokters meielkoar. Hy hat de koaninginne ek better makke. 't Wie Wilhelmina. Dy wie hielendal giel en dat wie har yn 'e wei. By de dokters foun se gjin baet. Knjilles Wytses makke har wer better. "Wolle jo wite hwa't it is, dy't jo wer better makke ha?" sei se. "Né," sei Knjillis Wytses,...
nl.verhalenbank.17325