2,747 datasets found
Dutch Keywords: huis Place of Narration: Sumar
Hwat ha de jongelju it nou al gâns better as wy froeger. Hwant as wy yn ús jonge tiid ris mei in famke to kuijerjen wienen, en wy woenen hjir of dêr ris sitte, dan moesten wy sykje om in gaedlik plakje. Mar hjoed-de-dei stean der buordtsjes oan 'e kant fan 'e wei, dêr stiet op: Zachte berm.
nl.verhalenbank.31904
Yn Twizelerheide wenne in âld man dy bitsjoende it fé. Ik wie ris by Hindrik Veenstra útfanhûs. Hindrik-om wie der op út. Aeltsjemuoi en de soan Piter wienen thús. Doe sei Piter: "Der komt in âld man hjirhinne." Aeltsjemuoi seach. Doe sei se: "Piter, doch gau it slot op 'e doar fan 't hok." Dêr siet it fé yn. De âld man sei: "Is Hindrik ek thús? 'k Wol 't...
nl.verhalenbank.36266
Trapet der ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36267
Yn 'e bocht fan 'e Pasterijelannen, op 'e hoeke, yn Sumarreheide spoeken altyd trije hearen om. Dy sieten dêr mei papieren yn 'e hannen.
nl.verhalenbank.24515
In sekere Bouma, ôfkomstich fan Garyp, hie us nei Drachten ta west en moest nei Olterterp ta, dêr't er by de boer wenne. Doe wie der ynienen in wylde lantearne achter him west. Dy siet him achternei. Hy fleach sa hurd er mar koe om dy wylde lantearne foar to bliuwen. Doe't er by de boer yn Olterterp op 't hiem wie, plofte er achter de hage del, alhiel út...
nl.verhalenbank.32439
Lantinga wie in gûchelder en wenne op 't Hearrenfean. Op in kear kaem er op Skoatster merke en kocht dêr in hynder. Hy sei tsjin 'e koopman: "Wy sille fuort mar even ôfrekkenje." Hy bitelle yn gounen en ryksdaelders, dy't er allegearre op 'e tafel lei. De koopman die se yn 'e jildponge, mar doe't hy der even letter nei seach, doe wienen dy gounen en...
nl.verhalenbank.32161
Wibe Alma fan 'e Harkema wie ien fan 'e raersten. Hy leeft noch. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Dat hat faek bliken dien. By nacht doarst er noait reizgje, hwant dan wied er wol in fearnsjier út 'e liken. Hwant by Piter Simensjonges achter 'e dyk kom in pleachbeest foar 't ljocht. Dat wie krekt in grouwe swarte houn en dêr moest Wibe dan mei fechtsje. Dat...
nl.verhalenbank.20217
Jehannes wie tsiiskoopman. Dêrom neamden se him faek Jehannes tsyske. Hy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.21121
Egbert Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Frijmitselders ek. Sy hearre allegear oan 'e duvel ta. En sy matte allegear guon deameitsje. Tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.20229
Dêr wenne nòch in tsjoenster yn Garyp, dy wie ek bolkoerrinster. Dêr neam ik de namme leaver net fan. Dy ried op 'e biezemstôk troch de loft mei de bolkuorren by har. Doe wie dêr in jager, dy tocht: dêr fljocht in grouwe ein hinne. Hy laedde it gewear en skeat. Doe rekke er ien fan har kuorren en doe kamen der allegearre bôllen en boltsjes del. Dy naem er...
nl.verhalenbank.32163
It mat ris op 'e heide gebeurd wêze, nei't se my fortelden, dat dêr in krânse forbrând waerd. Se hienen alles ticht makke, mar in rútsje forgetten, dat der út wie. Dêr wie de kat ta'n út sprong, en bûtendoar wie 't in minske woarn.
nl.verhalenbank.32177
Yn duveldrek skûlet blykber in aparte kracht. As ien duveldrek by him hat geane de hounen altyd op 'e loop. Dy wurde dan bang.
nl.verhalenbank.31495
Ik ha sels ek wolris lêst fan in nachtmerje hawn. Op in kear tramtearre se my sa, it wie krekt as woe se my smoare. Ik wie pûr, ik sprong fan bêd ôf en ik rôp: Dy't my ha wol, dy kin my krije. Mar de nachtmerje paste wol op.
nl.verhalenbank.12258
To Garyp seagen se op in plak jouns hyltiten ljochtsjes. Twa jier letter kaem op dat plak in boerespultsje to stean.
nl.verhalenbank.31481
Foardat de tram der wie, hearden se in gebolder. Dat wie de 'voorklank' fan 'e tram. 'Voorklank' is noait fan 'e wereld.
nl.verhalenbank.12264
To Wergea hienen in pear reuzen oan 't slatten west. De iene pûste efkes út en gong tsjin 'e toer oan stean. Hy sei: "Ik haw in warge lea." Dat hearden guon en doe krige dat plak de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.31898
Op 'e Sumarreheide roun in fôle mei in brijpot om 'e nekke en ek op 't Lútsensloantsje ûnder Garyp.
nl.verhalenbank.31640
Ade Jehannes van der Zee wenne yn Sumarreheide. It wie in alderforskriklikst rûch man. Hy stie nergens foar, hy joech om God noch syn gebot. Hy arbeide by lytse Bonne (Algra). Op in moarn doe't er dêr hinne soe woarde er sa bot smiten, dat hy is dêr razendewei by de plaets kom. Hy is sûnt altyd kreupel bleaun oan 'e iene foet. Jehannes is hielendal...
nl.verhalenbank.24517
Twa feinten moesten us nei him ta foar in sike kou. Underweis praetten se ôf, se soenen him to grazen nimme. Hja fortelden him, it hynder wie ek siik. Dat en dat skilde der oan. Mar yn werkelikheid wie 't hynder sa soun as in fisk. Hinse makket de medesinen klear foar de koe en jowt ek in pakje mei foar it hynder. Mar as hja it pakje thús iepenmeitsje,...
nl.verhalenbank.21269
Op 'e Nije Wei roan ris op in joun in man fan Twizelerheide nei Twizel ta. Doe kom der in houn njonken him, dy wie swart en great. Dy bleau him op side en roan flak njonken him. De man wie deabinaud, hwant it wie in pleachbeest. Dweiltrochwiet fan bangens kom er yn Twizel oan.
nl.verhalenbank.36259