By 't Godloas Tolhûs tusken Beetstersweach en Lippenhuzen spûke it ek.
Ek op 'e Mûzegroppewei by Rottefalle spûke it.
Op 'e Kleasterloane to Burgum spûke it ek. Dêr kreunde nou en dan hwat.
nl.verhalenbank.36261
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
Yn Sumar, by 'de Koekoek' bigjint de Grabbeloane. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan altyd in juffer om. Dêr hat in slot stien, dêr wenne in graef yn. Dêrom hyt it dêr Grabbeloane. Dêr is alris in kear in rydtúch mei in juffer der yn samar yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.25631
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24513
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek oer de heide.
As wy ûndogens wienen, sei heit: Pas op, jonkje, oars sil 'k de wylde lantearnens der yn litte.
nl.verhalenbank.31485
Tjille Kaert wenne op 'e Gerdyk yn in lyts skipke. Sy koe kaertlizze. Wibe hat der ris hinne west. Syn nicht Pytsje wie by him.
Wibe wie hwat oansketten en sei: Dit is myn faem. In kreas frommes, net? (Mar dêr wie neat fan oan) Tjille sei: Dat is jou faem net en likemin jou frou. Ik wol jo de kaert net lizze, jo meitsje my hwat wiis. Sy hie it dus wol...
nl.verhalenbank.12248
Oan 'e Grieneloane achter it matrassefabryk op 'e Harste, dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid.
"Dêr mat jim foarsichtich wêze", sei ús mem altyd tsjin ús. Dyselde hie nei de buorren tawest om tabak to keapjen.
't Wie allegear tabak njonken him west.
nl.verhalenbank.31491
Iemke de Jong hat Tseard van Dekken us stean litten op Hamster merke. Tseard wie in raren. Hy is wol us smiten woarn troch de kweade.
nl.verhalenbank.20239
Fan 'e hoeke fan 'e Brandsma-loane to Garyp (dêr't de buorkerij fan Sjoerd Brandsma stiet) nei de Inia-loane rint in houtsjepaed. Dat houtsje is in heale wylgenemûs mei de bolle kant nei boppe. Dêrfandinne de namme Bucheltsje-hout. De oare helte fan dy wylgenemûs stiet noch oan 'e kant. Op in kear, doe't dy beam noch geef wie, wie de duvel der mei oan 't...
nl.verhalenbank.32173
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.21119
Biesterfeld wie skearbaes op 'e Sweach. Elkenien wie bang foar him. Hwant hy stie bikend as moardner. Yn 'e wide omkriten wie er birucht. It wie in wreden hond. Op in kear op Sweachster merke, kaem de hynstekoopman Slootegraaf by him om skeard to wurden. Doe seach er dat er samar ynienen de kat pakte en it beest yn 'e hite kachel treau.
nl.verhalenbank.32165
Der wenne ien yn Feanwâldsterwâl, dat wie in hiele rarenien. Dy joech nergens hwat om. Om 'e duvel net iens. Hy spile in bulte op 'e harmoanika yn 'e herberch op Feanwâldsterwâl.
Op in kear, doe spile er de hiele joun: 'Wat kan de duivel spelen! Wat kan de duivel dansen!'
De nachts forliet er de herberch. Doe soed er nei hûs ta.
Mar ûnderweis woarde er...
nl.verhalenbank.21125
Adam Hurdrider wie de kampioenreedrider fan Fryslân. Net ien dy't hurder ride koe as hy. Op in kear hied er wer nei in hurdriderij ta west en de earste priis woun. De measte hurdriders stutsen nei ôfrin yn 'e herberch oan, mar dat die Adam noait. Dy makke dan dat er thús kaem. Drank woe er net ha. Hy streke aerdich ta op wei nei hûs ta. Doe fornaem er dat...
nl.verhalenbank.32159
As ien hwat oan hie, dêr't op snein oan naeid wie en hy lei op syn stjerbêd, dan koe der soms net stjerre. Men gong wol hinne en skuor dat wer stikken, dan stoar dyselde fredich.
nl.verhalenbank.12262
De potskippers fan Sumar: Melle, Folkert en Sjoerd van der Meer wienen ek ôfgryslike sterk. It wienen fiskers. Se fisken meast op 'e Burgumermar. Op in kear siet Melle by Teunissen op 'e Harste yn 'e kroech. Hy hie in slokje op.
Even letter kaem dêr in mantsje yn mei in buchel. Dy hie it greatste wurd. Hy wie tige brutael tsjin ien, doe krige Melle dêr...
nl.verhalenbank.31487
Oan 't kloklieden by in bigraffenis koe men hearre of der mei koarten wèr in sterfgefal komme soe.
Datselde koe men ek fan in houn gewaer wurde. Dy spûkgûlde dan.
nl.verhalenbank.31493
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511
It gebeurde froeger wolris, dat ien samar oan kant stompt waerd, as der in lykstaesje passeare moest.
nl.verhalenbank.25633
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, hat de beide adfokaten Lubbert en Olfert út 'e Sweach weihelle mei in wein en doe hat er se nei in stik lân brocht by de Krúswetters, dat de namme Advocatelân krige. Dy advokaten spûkje dêr noch altiten om. Mei de klomp makke Piter Poes in sirkel yn 't lân en spriek de ban oer de beide mannen út.
Hja koenen...
nl.verhalenbank.31901