18,418 datasets found
Dutch Keywords: huis Narrator Gender: male
Sterke Hearke is bikend om it forhaeltsje fan it ploegjen. Hy wiisde mei de ploege oan, dy't er omheechtilde, hwer't er wenne, doe't ien him dêr nei frege.
nl.verhalenbank.31910
Greate Pier wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kommen der twa man by him, dy fregen him hwer't greate Pier wenne. Pier tilde de ploege op en hy wiisde der mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24887
Heit hearde it timmerjen op in plak yn 'e Sumarreheide. Letter ha se op datselde plak in hûs boud.
nl.verhalenbank.27197
Sterke Hearke wie ris op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy frege: "Kinne jo my ek sizze hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân en tilde him op. Hy wiisde der mei nei syn hûs en sei: "Sjoch, dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.29964
Yn 'e Mieden stie us in kear in hûs yn 'e brân. Guon gongen der hinne om to sjen, mar doe brânde it net. Letter is it hûs ôpbrând.
nl.verhalenbank.26894
Greate Pier wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy wenne to Kimswerd en wie fan boereôfkomst. Doe kamen der twa man oan dy't him net koenen. Hja fregen him: Hwer wennet sterke Hearke? [greate Pier?] Doe krige er syn ploege mei de rjochterhân beet, tilde him op en wiisde dêrmei nei syn hûs. En doe sloech er mei de linkerhân op it boarst en sei: "en hjir stiet...
nl.verhalenbank.31330
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Bijlage Yn myn jonge jierren sawhat 1890, al rom 60 jr. li(d)en, gongen der wol minsken nei 'n “froede” frou yn De Rottefalle. De namme wie(r) Hinke; de man hjitte Frans Hoekstra. Hinke died mei oan it skoalle...
nl.verhalenbank.127240
Alde Branders Durkje yn 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Us mem hie 't net op har bigrepen. Mar hja gong hinne en lei duveldrek njonken 't hûs del oer 't hiele hiem hinne oan 'e sleat ta. "Nou kin se der net wer lâns komme", sei mem. En 't wie ek sa. Durkje bleau wei.
nl.verhalenbank.20215
In nachtmerje wie in frommeske. Sy kom ta 't slotsgat yn 'e hûs. Dêr gong se nachts de minsken op 't boarst sitten. Dan bisetten de siken har.
nl.verhalenbank.27793
Op in kear wie Sterke Hearke oan it ploeijen. Doe kom der in man by him, dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploech beet en tilde him by de sturt omheech. Hy wiisde der mei nei syn hûs en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36701
Yn 'e Kule (yn 'e Westerein) wenne in man, dy wie och sa sterk. Veenstra wie syn namme. Der kaem ris in man by him, doe wie er oan 't ploeijen. Kinne jo my sizze, hwer't dy en dy wennet? frege er. Doe hie dy Veenstra de ploege foarút stutsen en dêrmei it hûs oanwiisd. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.29812
Sterke Hearke wie us op it lân oan 't ploegjen. Hy luts de ploege sels. Der kom in man oan, dy moest nei Hearke ta, mar wist net hwer't er wenne. Hy frege Hearke: "Wite jo ek hwer't Hearke wennet?" Hearke hie de ploech op krige, en nei syn hûs wiisd. "Dêr wennet er," sei er, "en dit is him." Dy man wie sels èk sterk en hie mei Hearke wrakselje wold. Mar...
nl.verhalenbank.25231
Frijmitselders timmerje alle jounen oan har hûs, dat rekket noait klear.
nl.verhalenbank.20413
Sterke Hearke stie ek ris op it lân to ploeijen. In fremde man frege him hwer't Hearke wenne. Hearke tilde de ploech op mei ien hân en wiisde dêrmei nei syn hûs. Mei de oare hân wiisde er nei himsels en Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.31912
Der wie us ien dy hie in bulte oer greate Pier praten heard. Hy tocht: dy wol 'k graech us sjen en ik woe ek graech us sjen hoe sterk er is. Hy hearde dat greate Pier to Kimswerd wenne en doe gong er dêr hinne. Mar hy wie dêr net bikend. Doe seach er dêr ien dy wie oan 't ploegjen op it lân. Hy gong troch de hikke en kom op 'e man ta. "Kinne jo my ek...
nl.verhalenbank.24927
Yn 't Princenhof bouden Freark Prûk en syn soan in hûs (Helfrich, de duvel fan Earnewâld). Op snein mitselen se en bouden se. Der kom safolle spûkerij, dat it hûs rekke dêr wer wei. Ien út Aldegea hat it kocht.
nl.verhalenbank.32475
Ik wie in jonge fan sa'n alve jier. Wy kamen út Grinslân en krigen in nij húske yn 'e Sweachster Mieden (ûnder Kollumersweach). Doe't wy dêr oankamen op in jountiid om alve ûre hinne mei in pream, seagen wy healwei de brêge in ljochtsje brânnen by ús yn 'e hûs. Doe't wy tichterby kamen wie 't út. 't Hûs wie noch net klear, wy moesten earst in skoft yn in...
nl.verhalenbank.36808
Greate Pier wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kommen der in pear mannen by him. Dy fregen him hwer't greate Pier wenne. "Hjir stiet er en dêr wennet er", sei Pier en hy tilde de ploege op en wiisde dêrmei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.30464
Als er twee eksters dicht bij huis zijn, dan gebeurt er nieuws, met een of anderhalve dag.
nl.verhalenbank.28029
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in man by him, dy moest nei ien ta dy't er net to wenjen wist. "Kinne jo my ek sizze hwer't dy persoan wennet?" frege er oan Hearke. Doe wiisde Hearke mei de lânploech it hûs oan fan dy man. "Dan matte jo dêr wêze", sei er, en doe sette er de ploech wer del. Sterke Hearke wenne ûnder...
nl.verhalenbank.35911