Der kommen ris in pear poepen by Greate Pier.
"Kinne jo sizze hwer't greate Pier wennet," seinen se, "wy wolle him wolris sjen."
Pier wie oan 't ploeijen. Hy krige de ploege yn 'e hân, stiek him rjochtút en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28112
De skylfisk hat krekt achter de kop twa swarte plakken.
Dêr kin jy him by beet krije.
Op dy beide plakken hie Petrus yndertiid mei tûme en finger de skylfisk beet krigen. Sa binne dy swarte plakken dêr kaem en dy binne der altyd op bleaun. Petrus hie net fan dy skjinne hannen. En hy hie sein: "O schelm der vissen." Sa krige dy fisk de namme fan 'schelvis'.
nl.verhalenbank.28106
Sémearminnen koenen moai sjonge. As de skipper ien seach forgong 't skip. Sy lokken de manlju yn sé. Dan fordronken dy.
nl.verhalenbank.27859
Omke hie 't froeger oer ierdmantsje Readburd. Dêr fortelde er fan. Wy moasten as bern yn 'e gong stean gean. As wy lang genôch yn 'e gong stean bleaun wienen, soed er ús roppe en dan kommen de kabouters út 'e hurddobbe wei mei Readburd foarop. Mar hy rôp noait. Wy ha noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.27860
It gebeurde wol faek dat 'e tsjernmoune gong yn 'e nacht. Dat wie it wurk fan 'e wurkgeasten.
nl.verhalenbank.27861
In nicht fan myn mem wie op in joun let noch op in paed.
Sy wie sahwat oan it skoallehûs to Moddergat ta, doe woarde se samar ynienen fan 'e wei ôfnaem en yn 'e sleat set. Der hie in lykstaesje west, dy't hja net fornaem hie.
Mem sei altyd: "Rin by nacht noait midden op 'e wei, gean altyd oan 'e kant lâns."
nl.verhalenbank.27849
Ulbe Akke fan Moddergat wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts út. Hja woarde wekker en wie dan alhiel oerstjûr. Dan seach se in lykstaesje. Hja hat ek de lykstaesje sjoen fan 'e buorfrou dy't tsjin har oer wenne.
As hja wer in lykstaesje sjoen hie, wie se de oare deis mâl fan 'e pine yn 'e holle.
nl.verhalenbank.27850
De reddingboat is hjir kaem nei de ramp fan 1883. De minsken yn Wierum hienen him dêr ha wold. Mar dat wie net gebeurd. Dêr kaem it fan dat it dêr yn it boathús noait plús wie. Sy hearden der allerhande lûden yn.
Dêr tsjinoer wenne in âlde fiskerman, dat wie Monte Ley.
Sy sochten wjirms oan 'e hoeken - dat wie 't wurk fan 'e froulju, de wjirmdolsters - en...
nl.verhalenbank.27851
Myn heit en mem en mem har mem hienen op bisite west nei Nes. Sy kamen fan Nes ôf to gean werom nei Moddergat ta.
't Wie moai ljochtmoanne waer. Mem seach in persoan, sy sei tsjin beppe: "Mem, wy moatte de skelk even oer 't earizer dwaen."
Beppe seach neat. Sy sei: "Hwerom?"
Mem sei: "Och, der binne wolris murdejeijers yn 't fjild by nacht. Men wit noait...
nl.verhalenbank.27853
Tusken Ljussens en Peasens roan in strûpte fôlle oer de wei, woarde altyd sein.
nl.verhalenbank.27856
In omke fan my wie hjir stille plysje yn Moddergat.
It spoke oan 't eintsje reed dat nei de dyk ta giet, tichte by de herfoarme tsjerke.
De minsken woarden dêr mei stiennen en mei modder smiten, dy't dêr nachts lâns kamen.
Doe waerd dat by de plysje oerbrocht. Omke gong der achteroan mei ien fan 'e ryksplysjes.
Tusken 'e tsjerke en 't reedtsje wenne de...
nl.verhalenbank.27857
In sweager fan my fortelde my, der wennen twa kammeraten yn Wierum. De iene stoar en kaem to Wierum op 't tsjerkhôf.
De oare kammeraet, dy't oerbleau mocht tige graech in slokje. Op in kear gong er dronken nei 't tsjerkhôf ta nei it grêf fan syn kammeraet. Hy wie ek fiskerman en hy sei 't dêr raer op by it grêf: flokke en mâltjirgje.
"Hwerom leistou hjir...
nl.verhalenbank.27855
Sy sizze wol: Dû fretst as in wjerwolf, dû kinst net sêd.
nl.verhalenbank.28123
Ik ha wolris heard dat der guon wienen, dy hienen de kweade hân. Dy koenen it fé samar siik meitsje en dan stoaren de dieren op 't lêst.
nl.verhalenbank.27953
Ik hie as jonge altyd it himd achterstofoar oan om net bitsjoend to wurden. En mem warskôge ús: "Tink der om, siz noait trije kear achter elkoar 'ja', ast by in tsjoenster biste, hwant dan hat se dy yn 'e macht."
nl.verhalenbank.27947
Hjir wienen froeger wite wiven.
nl.verhalenbank.27827
Der wienen froeger guon dy koenen de minsken fêstsette.
nl.verhalenbank.27833
Der stiet hjir in garage yn Moddergat. Froeger wie dêr de reddingboat yn. De minsken hearden nachts, as de boat der yn stie, dat se mei de rimen omsmieten.
Dat bitsjutte dat de boat der mei gauwens wer op út farre soe. It is nou in garage.
nl.verhalenbank.28094
Wie hjir froeger ien bitsjoend, dan gongen se nei Wopke fan Kûkherne. Sy krigen dan in drankje mei yn 'e bûs. Sy moasten der omtinke, as der ien oankaem, dy moast binammen net passeare oan 'e kant dêr't it drankje siet.
nl.verhalenbank.28095
Greate Pier libbe yn 'e tiid fan 'e Hoekse en Kabeljouske twisten. Hy wenne yn Kimswerd. Op in kear doe socht de fijân him.
Doe wie greate Pier krekt oan 't ploeijen. Sy gongen nei him ta, sy koenen him net.
"Hwer wennet greate Pier?" fregen se him.
"To Kimswerd", sei Pier.
"Hwer leit dat?" fregen se.
Doe tilde er de ploech mei ien hân op en sa hâldde er...
nl.verhalenbank.27826