Sa haw ik ek faek fortellen heard dat men in hûs yn 'e brân seach, mar yn werkelikheit barnde it net. Dan seinen se: dat hûs sil nochris opbarne. En dat gebeurde dan letter ek.
nl.verhalenbank.38624
Oan 'e Ds. Visser-wei yn 'e Houtigehage wienen guon dy seagen dêr ris in hûs yn 'e brân stean. Mar doe't se der by kamen wie der gjin brân. Mar in dei of hwat letter brânde it wol degelik op.
nl.verhalenbank.37449
De nachtmerjes kamen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. By ús thús hienen se gjin slotten op 'e bûtendoarren. Heit woe gjin kaeisgatten ha fanwege de nachtmerjes. Fan bûten hienen wy in ring en fan binnen kom der in houtsje op 'e klip.
nl.verhalenbank.34480
Wylde lantearnens biskôgen se froeger as foarboaden fan huzen en ljochten oan 'e wei.
nl.verhalenbank.16972
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Meinte Sjouk fan Westergeast hie ek in wikseldaelder. Dy hie ek noait forlet fan sinten. Minsken dy't in wikseldaelder ha timmerje altyd oan 't hûs.
nl.verhalenbank.26327
Kaerten dêr sit hiel hwat yn. 't Gebeurt wol, dat ien losse kaert yn 't hiele hûs omfljocht.
nl.verhalenbank.12256
Als de scharesliep naar huis ging: regen.
nl.verhalenbank.126553
Jierren lyn is der to Frjentsjer in moard gebeurd.
Yn it hûs, dêr't it gebeurde, sitte de bloedplakken noch op 'e muorre. Se hawwe wol stikken út dy muorre weibrutsen, mar it bloed kaem like goed wer yn 'e nije stikken. Dat wie net wer út dy muorre wei to krijen.
nl.verhalenbank.38305
Der binne ek wol gatten yn huzen of yn hagen dy't se noait ticht hâlde kinne.
nl.verhalenbank.24089
Op de Harste stiet in hûs: It earrebarrenêst. Dêr hearden se froeger alle nachten de tsjerne gean. En dochs wie der neat.
nl.verhalenbank.25630
Sterke Hearke mat ôfgryslike sterk west ha. Hy wie ris oan 't ploegjen op it lân. Dêr kaem in man by him, dy koe him net. Dy woe graech witte hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke tilde de ploech omheech en wiisde it plak oan. "Dêr wennet er", sei er. 't Gebeurde yn Droegeham.
nl.verhalenbank.32204
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Trije man sochten him op, dy woenen wite hoe sterk hy wie. Doe fregen se in man dy wie op it lân oan 't ploegjen mei in pear hynders. Se fregen him of hy har ek fortelle koe hwer't sterke Hearke wenne.
It wie in sturtploech dy't Hearke brûkte. Hy krige de ploege mei ien hantfet beet, tilde him op en sei: "Dêr wennet er, en...
nl.verhalenbank.24499
Sterke Hearke wie hjir ris oan 't ploeijen.
Doe kom der in man om utens wei, dy hie fan Hearke heard.
Hy woe wolris mei him prate. Hy gong nei 't hûs fan Sterke Hearke ta. De frou sei tsjin him: "Sjoch, dêr is er, hy is oan 't ploeijen."
Doe gong dy man nei Hearke ta. Hy bearde dat er net wist dat it Hearke wie en frege him oft er ek wiste hwer't Sterke...
nl.verhalenbank.36049
Hearke hie ris op in kear op it lân oan 't ploeijen west. Dat wie yn 't Leech, dêr't noch in gedielte fan 'e âlde Mûzegroppewei oerhinne rint. Doe kom dêr in man oan. Dy sei: "Wite jo hwer't sterke Hearke wennet?" Hwant hy woe wol mei Hearke wrakselje.
"Jawol," hie Hearke sein, "sjoch, hjir stiet de man en dêr wennet er." En doe hied er de ploege mei ien...
nl.verhalenbank.32763
Alven doen de mensen verloren lopen
Mijn broer heeft de weg naar huis ook eens niet kunnen vinden. Hij liep maar altijd in een kring rond, maar na een tijd kende hij de weg plots weer terug. En dat kwam door alven.
nl.verhalenbank.35757
Sterke Hearke wie ris oan 't ploeijen, doe kaem der in man by him op it lân.
"Hwer ergens wennet hjir Sterke Hearke?" frege er.
Hearke tilde de ploech mei ien hân op en sei:
"Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36510
Sterke Hearke wie oeral bikend. Twa man kamen ris by him doe wie er op it fjild oan it ploeijen. Hja woenen mei him wrakselje, mar se koenen him net. Doe fregen se oan 'e man dy't dêr ploege, of er ek wist hwer't Hearke Witteveen wenne. Doe sei Hearke, wylst er de ploege mei de iene hân foarútstuts: "Sjoch, dêr wennet er." En mei de oare hân sloech er him...
nl.verhalenbank.31486
As men duveldrek ûnder 'e drompel docht kin in tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.33242
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him: "Hwer wennet sterke Hearke?"
Doe hat Hearke de ploege krigen en útstutsen. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25150
Er is met roggemeel gebouwd.
nl.verhalenbank.47662