De minsken seinen froeger wol us: "Dêr is wer in wylde lantearne. Der sil wer hwat gebeure." Dan woarde der in nije sleat groeven of der kom in nij hûs of sahwathinne.
nl.verhalenbank.20260
Der binne tsjoensters, dy kinne har yn in pod foroarje.
Guon kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Mem makke wol us in krús foar de doar. Dat wie om dat folkje to kearen. Sy hat ek wol in lapke mei duveldrek ûnder 'e drompel hawn, hwant der kom wol us in âld wiif by ús, dy fortroude se net.
nl.verhalenbank.20274
Yn Sumar wenne in âlde frou Hoekstra, dy hie yn 'e keamer rogge struid yn in romte, dan kom de duvel net by har.
nl.verhalenbank.21197
Op in joun kaem der ien fan Sumarreheide de pasterijelânnen del. Doe hearde hy ynienen dat it hiel bot op in timmerjen gong. Der waerd mei planken en balken smiten en op 'e nael omkloppe en timmere. Dat wie oan 'e heidewei.
De pleats fan Jehannes Romkes de Vries stie der doe noch net, mar hy sei: "Dêr komt skielk in hûs. Ik ha 't sa dúdlik heard." It hûs...
nl.verhalenbank.32060
Yn Burgumerheide ha wy gauris ljochtsjes sjoen op plakken, dêr't letter huzen kommen to stean. Nuver, dat men soks nou net mear sjocht.
nl.verhalenbank.20331
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
Ik en 't wiif ha wol ris timmerjen heard yn 'e nacht. Mar as wy seagen wie der neat to sjen. 't Wie foartsjirmerij.
It hûs njonken ús woarde gauachtich dêrnei fortimmere en noch letter is der in hiel nij hûs kaem.
Wy hearden it, as de bern al op bêd leinen.
nl.verhalenbank.32437
Der wie in âld minske, dat koe har yn in hazze foroarje. Sy wenne op 'e Harste.
Op in kear, doe siet dêr in grouwe hazze, flak by hûs. Dy roan by 't hinnehok lâns.
Ik sil dy, âlde tsjoenster, deasjitte, rôp der ien mei 't gewear. En hy rekke de hazze. Mar de hazze naeide út. It hier fan 'e hazze siet oan 't hinnehok. De oare deis siet it âld-wiif yn 'e...
nl.verhalenbank.12260
Us mem fortelde, hja soe op in kear in prater ha.
Dat wie Hinke-muoi, dy wenne by it tolhek to Sumar.
Hja hienen ôfpraet, hja soenen elkoar tomjitte rinne. Us mem roan de Burgerreed del. Doe seach se Hinkemuoi oankommen. Doe't se by de hekke wienen sahwat op healwei sei mem tsjin Hinke-muoi: "Kom, dêr wiest al." Hja hie 't net sein of hiele Hinke-muoi wie...
nl.verhalenbank.31483
Ik en myn suster wienen fan dy bern. Wy wennen yn 'e Burgumerheide en 't wie dy deis Burgumer merke.
Dêr woenen wy stomme graech hinne fansels. Mar, sinten hienen wy net. Doe sei ús mem: "Hjir ha jim in poarsje jirappelskilen." Dy koenen wy kwyt oan in minske dat se opkochte. Wy krigen der twa sinten foar. Doe hienen wy elk in sint.
Doe gongen wy nei...
nl.verhalenbank.20285
Op in kear - 't wie de jouns let - kom ik thús fan 'e sjongforiening. Ik moest earst even nei de W.C., dy wie by de skuorre. Doe seach ik Nero dêr ús houn. Nero wie myn greatste freon altyd, mar doe't ik him op dat stuit seach, woarde ik deabinaud. Hy kom by my mei de sturt tusken de poaten. Ik doarst net nei him to sjen, sa bang wie 'k. Ik smiet de doar...
nl.verhalenbank.32915
By de polderdyk ha guon dúdlik dêr twa ljochten sjoen jouns. Letter waerden dêr twa huzen delset.
Antsje Kak en Bearn Dekker kamen dêr to wenjen.
nl.verhalenbank.20396
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot.
Der siet...
nl.verhalenbank.25637
Bouke Prûk (Procee) hie in winkel op Sumarreheide. Dy hie ek in bern dat bitsjoend wie. Se hellen Wopke der by. Dy makke 't kessen iepen, doe sieten dêr 3 krânsen yn. Twa wienen al klear, de trêdde noch net. Dat wie in gelok. Hie de trêdde foltôge west dan wie 't bern net mear to rêdden. De krânsen waerden forbrând. Earst waerd elke iepening ticht makke,...
nl.verhalenbank.32175
Alde Tryn wenne yn Garyp. Hja wie bolkoerrinster en koe tsjoene. As se der op út gong to tsjoenen foroare se har yn in hazze. Foar bern wie se levensgefaerlik. Op in kear hie se wer in bern bitsjoend. De âlders gongen op tiid nei Wopke duvelbanner ta. Dy sei: "Jimme matte de matte foar de doar optille en dêr goed hwat krusen opsette, dan komt de...
nl.verhalenbank.32162
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net.
Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
Alde Ljibbe' Wemel wie fan 'e duvel biseten. Har man gong tiisdeis nei Grins ta, nei de merk. Dan moest har broer by har komme hwant sy doarst net allinne to wêzen. De katten sieten by har yn 't finsterbank to miauwen en fleagen by de glêzen op, as se der net ynkommen. Ienkear wie der in stik lawaei by har op 'e souder. It wie krekt as woarde der in...
nl.verhalenbank.21361
Fan 'e 7 jonges is ien in wjerwolf.
Fan 'e 7 famkes is ien in nachtmerje.
In wjerwolf is ien dy't net sêd kin, dy mat altyd frette.
In nachtmerje komt faek by hynders. Dan flechtet hja mei de moanjes om, dy reitsje faek yn 'e tiis. Se ride op hynders en noch leaver op fôlen. Se kinne troch de lytste gatsjes komme en geane faek troch it kaeisgat.
Men mat...
nl.verhalenbank.32183
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner.
Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
nl.verhalenbank.31488
Dêr't nou Hamburg wennet hat earder in kastlein wenne, dy hat syn mem ophong, ek in hûs opbrând en syn eigen wiif forsûpt. Haeije Pyl fan de Tike (ek Haeije Klaphakke of Haeije Smyt oan 'e Balke) hat it foar him dien. Letter spoeke dêr altyd in dame yn 't swart. De kastlein joech him oan 'e drank oer.
nl.verhalenbank.32464