3,116 datasets found
Dutch Keywords: heks Place of Narration: Sumar
In tsjoenster wie hast altyd in âld minske. Ik sei al dat der hjir ek ien wenne dy't der foar hâlden waerd. Dat wie âlde Piter Koaije Hinke, dy wenne hjir flakby oan 'e Boskwei, yn 't hûs dêr't Roel Nicolai wenne hat.
nl.verhalenbank.31808
Wy wennen froeger yn 'e Harkema. Dêr wenne doetiids yn 'e Smoarhoeke in âld-minske, Sjouk, dy hie in winkeltsje. Doe't wy yn 'e winkel kommen wie dêr net ien. En doe't wy: 'folk' rôpen kom der net ien by ús. Doe gong heit ta de wenkeamer yn. Doe sweefde Sjouk dêr om 'e lampe hinne. Sjouk wie in tsjoenster. Wy makken gau dat wy fuortkommen.
nl.verhalenbank.36217
Fan âlde Sjouke Kloetstra op 'e Burgumerheide seinen se dat er mei de hounekarre troch 't slotsgat ried.
nl.verhalenbank.20338
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.32927
Alde Klaes Skeltes Tryn koe fleane.
nl.verhalenbank.12238
As jy in swarte kat tomjitte komme, matte jy op jins hoede wêze, hwant dat bitsjut ûngelok. It koe in tsjoenster wêze.
nl.verhalenbank.36235
By ús mem en dy is 't âldste jonkje stoarn. Se woenen wol ha dat er bitsjoend wie. Letter woarde der wer ien fan 'e jonges siik. Doe tocht mem: Nou wol 'k der op tiid by wêze. Hja toarnde 't kessen iepen en rôp: "Dêr ha 'k him al!" Doe hie se in krâns yn 'e hannen. Dy ha se forbrând en 't bern is wer better woarn.
nl.verhalenbank.36234
In tsjoenster kin noait fet krije op guon mei in bibelse namme. Paulus, Jakob of Adam ensa. Ik bin út 'e skrift, sei ús heit. Dat wie in Paulus. My dogge se neat.
nl.verhalenbank.22092
Nimt men in apel oan fan in tsjoenster en men biwarret him, dan wurdt it in kikkert.
nl.verhalenbank.24644
Egbert Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Frijmitselders ek. Sy hearre allegear oan 'e duvel ta. En sy matte allegear guon deameitsje. Tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.20229
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen. Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek? Né, 't wiif leit op bêd. Is se dan siik? Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear. Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit. Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
Alde Melle Antsje (Antsje Fiter) fan Sumarreheide roan mei in kuorke mei galanterijen. It wie in tsjoenster. Sy bitsjoende leafst pas-geboaren berntsjes.
nl.verhalenbank.20280
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dan koenen de tsjoensters der net oer komme.
nl.verhalenbank.36269
De tovenaars en de tovenaressen, dêr leau ik oan. Yn 'e tiid fan sawn jier matte se ien deatsjoend ha. Gebeurt dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.12250
Hjir op 'e heide wenne ek in tsjoenster. As dy yn 'e hûs kaem ergens dan wienen se bang dat se de bern bitsjoende. Hja brûkten duveldrek tsjin 'e tsjoenderij.
nl.verhalenbank.31796
Der binne tsjoensters, dy kinne har yn in pod foroarje. Guon kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Mem makke wol us in krús foar de doar. Dat wie om dat folkje to kearen. Sy hat ek wol in lapke mei duveldrek ûnder 'e drompel hawn, hwant der kom wol us in âld wiif by ús, dy fortroude se net.
nl.verhalenbank.20274
Der wienen trije bern, dy kommen by in âld-wiif. Hja joech dy bern elk in woartel. De mem sei: "Dy woartels net opite!" Hja die se yn 'e treppot. De oare deis sieten der trije kikkerts yn 'e treppot.
nl.verhalenbank.32469
Yn 'e naed fan 'e rok hienen de froulju en famkes yn myn jongestiid roggekerrels binaeid. In ûneven getal, om net bitsjoend to wurden. Rogge is heilich.
nl.verhalenbank.20284
Ien fan 'e Tike hat my forteld: Ik (dit wie âlde Jan Potskipper syn wiif) stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy masten ite. Der wie net in minske to sjen yn gjin fjilden noch wegen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne. Ik woarde danige kjel en sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.12234
Alde Piter Kloosterman fan Garyp kom us by heit en dy to jounpraten. Doe fortelde hy, it berntsje fan syn buorlju hie tige siik west. Sy tochten, it bern kin wol ris bitsjoend wêze en doe toarnden se it kessen iepen. Doe kom dêr in krâns út. Doe wienen dy lju by âlde Piter kom, as dy even foar it bern nei de duvelbanner ta woe. Dat koe Piter fansels min...
nl.verhalenbank.36218