Greate Sjoerd Koedriuwer wenne oan 'e Achterwei yn Sumar. Hja hienen in fanke fan fiif jier. Dat wie Sibbeltsje. Dat fanke, dêr siet gjin skroed yn, it bern tsjirme. Sjoerd kom by ús heit. Hy sei: "Wytstû ek ried?" Heit sei: "Dû mast nei Wopke de duvelbander ta gean." Doe die Sjoerd dat. Wopke sei: "It bern is bitsjoend. Der is in âld minske, dat wennet...
nl.verhalenbank.12227
Waatsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Dat doe gongen se nei Wopke ta. It wiif wie bitsjoend, sei Wopke.
Mar sy woarden net gewaer hwa't de tsjoenster wie. Dat woed er net sizze.
Op in kear hie se in apel krigen fan âlde Tryn.
Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op. In pear dagen letter sei...
nl.verhalenbank.12233
Sa wie der ek in frou, dy bitichten se der fan dat se tsjoene koe. Dat fortelden se ek oan har man. Dy woe der mear fan wite.
Sy hienen glêzen mei blinen der foar. Dy kommen jouns ticht. Der sieten hartsjes yn dy blinen.
Op in joun gong de man der út. Bûten gong er foar ien fan dy hartsjes stean om to sjen hwat der binnen gebeurde. Doe seach er dat syn...
nl.verhalenbank.24525
By Tsjitse Boonstra op Burgumerheide stienen de kij moarns omkeard op 'e stâl, de achterein nei foaren ta en de koppen nei achteren. En as Tsjitse moarns yn 't bûthús kom, seinen alle kij: "Morgen, baes."
En de hinnen dy seinen tsjin him: "Wij kakelen wel, maar wij leggen niet."
Dy dieren sieten ûnder 'e kweaminsken. Alde Sjouke Kloetstra krige dêr de...
nl.verhalenbank.20340
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot.
Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen.
Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.32467
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Dan fleagen se by de glêzen op. As se rekke woarden mei in stok dan hie de tsjoenster de oare deis plakken oan har.
Om 'e safolle jier moest de tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea.
Wie der in krâns yn 't kessen dan reizgen se nei greate Wopke ta. Dan krigen se in drank mei. Underweis sprong der hwat...
nl.verhalenbank.24641
As men nei de duvelbander ta west hie om drank en men roun oer de Houtsjepaden (= Skeltepaden) by Bouwekleaster (ûnder Harkema), dan rekke dêr de drank altyd stikken.
nl.verhalenbank.20238
Oan 'e Godloas Singel spoeke it altyd. (De Godloas Singel roan fan 'e rykswei ôf by Swartkrús via Kûkherne nei 't Skilige Pypke en dan op Dokkum yn)
nl.verhalenbank.21126
Heit kom ris by in âld man op 'e Harste, dy't siik wie.
Hoe giet it? frege heit.
It komt net goed.
Ei, dat falt wol hwat ta, net?
Né jonge, dat falt net ta, sei de âld-man. Myn dagen binne teld. De stienûle hat ta de skoarstien ynroppen "In deze maand zult gij sterven."
Dyselde moanne ìs er ek stoarn.
nl.verhalenbank.12261
Op it Pasterije-lân spûke it dat it hwat die. Sa roun dêr ek in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr makken se hjir op 'e heide de bern faek bang mei.
nl.verhalenbank.31490
Op 'e Tike wie in jonge bitsjoend. Se hellen Piter Poes der by. Dy makke mei de lodde in goatsje om it strjitsje hinne by de foardoar. Doe die er dêr hwat yn 'e groun, dat er mei modder bistoppe.
nl.verhalenbank.12249
Ik en myn kameraed sieten op in nacht by in âld minske ta de krúslanders. It âld minske lei op bêd. Mar hja wist de oare deis wol to sizzen hwa't har krúslanders stellen hie. Hja hie 't sjoen sûnder dat se út it bêd wei west hie.
nl.verhalenbank.31484
Hjir dwars oer woarde alle jounen timmere. Mar as men der by kom wie der neat to sjen. Letter kom dêr in hûs to stean. Doe seinen de minsken: "Sjoch, dàt hat dat timmerjen west."
nl.verhalenbank.24512
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer."
Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei."
Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
nl.verhalenbank.25624
Op de Harste stiet in hûs: It earrebarrenêst. Dêr hearden se froeger alle nachten de tsjerne gean. En dochs wie der neat.
nl.verhalenbank.25630
Myn bruorren Tamme en Wytse hienen elk in faem yn Drylst to wenjen. Dêr hienen se ris togearre op 'e fyts hinne west. Doe't se weromkamen yn 'e neinacht, doe wienen se sahwat oan 'e Wergeaster mar ta, by Idaerd, doe hie Wytse ynienen sein: "Sjoch, dêr is in fanke, dy rint dêr by 't foarste tsjil fan myn fyts lâns."
Fuort dêrnei hie Tamme itselde fanke...
nl.verhalenbank.31902
Tichte by de Drachtster Pipe is Teadehoekje, by de Slingerwei. Dêr spûket it. Dêr op 'e hoeke ha se froeger in fékoopman formoarde. Dat wie Teade. Hy hie nei de merk ta west dêr't er in koe forkocht hie. 't Jild hied er yn 'e bûse hawn. Dat hienen se him ûntstellen. Letter seagen guon dêr yn 'e nacht in man oer de wei hinne krûpen mei in koe oan 't tou....
nl.verhalenbank.36260
Ruerd Veenstra is letter troud en hy kom yn 'e stêd to wenjen. Op in snein kochten hy en syn maet in glês bier yn in kroech. Dêr siet doe krekt in roerich ploechje jonkfolk. Dy wienen och sa lestich. Hja hellen de messen ta de bûsen út en wienen drok en healwiis.
't Bigoun Ruerd to forfelen. Ruerd sei tsjin syn maet:
"Ik hie der wol sin oan om dat folkje...
nl.verhalenbank.36248
Biesterveld
Heit en dy ha wol ferteld oer Biesterveld. Dat moat in troch ende wer troch grutte boef west hawwe. It wie oars mar in plat keardeltsje, mar hy stie foar ien moard net. Hy kaam út 'e bûtenlannen; se seinen wol fan út Hongarije. Hy wie hjir hingjen bleaun en moat yn Drachten en op 'e Gerdyk wenne ha. Op 'e Sweach hat er skearbaas west.
Se ha...
nl.verhalenbank.13037
Pier Thomas Stombrink
Te Ljouwert hat ris in grutte hurdriderij west, dêr dienen Adam en Atse ek oan mei. Mar der wie yn dy tiid nóch sa'n ferneamde hurdrider. Dat wie Pier Thomas Stombrink fan Wytgaard. Foardat de hurdriderij begûn, waarden de prizen toand. Dat wienen haloazjes: de earste priis in gouden, de preemje in sulveren en de tredde priis in...
nl.verhalenbank.13036