2,682 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Garyp
As der in frijmitselder stjert, wurdt er forkocht oan 'e duvel. Hy is by syn libben kûgelfrij. Om 'e sawn jier mat der ien dea.
nl.verhalenbank.17119
Frijmitselers, dat binne minsken, dy ha har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.21095
Doe't Jehannes van der Zee fan 'e Gariperheide us op in moarn nei de boer ta soe, dêr't er arbeider wie, kom de kweade by him. Dy hat Jehannes doe smiten.
nl.verhalenbank.22992
Men heart wol gauris dat guon de kop fan 't harspit ôfmeand ha. Mar dat kin allinne de duvel mar.
nl.verhalenbank.32125
Hart Boonstra (byneamd H. Dekker) wenne op 'e Sumarreheide. Sy seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht, hwant hy hie altyd wol sinten en hy die noait in slach.
nl.verhalenbank.23114
De duvel fan Earnewâld sei, as er stoar, dan woed er in baerch foar de kiste ha.
nl.verhalenbank.20325
Frijmitselders binne ûnbigryplike wezens. Sy kinne sweve en ha noait jildkrapte. De duvel hat se yn 'e macht.
nl.verhalenbank.22799
Lju dy't forlet fan jild ha geane by de frijmetselaars. Dan ha se noait wer forlet. Dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.23050
Frijmitselders krigen altyd jild fan 'e duvel. Dêrtroch hienen se noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22699
By in minske yn 'e Burgumerheide sieten elke moarntiid as se wekker woarde, fiif duvels op it bêdsbuordtsje.
nl.verhalenbank.21351
Frijmitselers ha in wikseldaelder. Dy krije se fan 'e duvel. Hy jowt him har by 't tsjuster op 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.21341
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, klaude himsels om 'e holle. Dan gong er nei bûten ta en sei: "Ik ha mei de duvel fochten."
nl.verhalenbank.24626
Jehannes van der Zee wenne op Sumarreheide. Hy wie boerearbeider. Hy wie in greate spotter. Op in moarn soed er nei de boer ta. Doe is er troch de kweade smiten woarn. Dy hat him sa tramtearre, dat hy hat der wit hoe lang siik fan west.
nl.verhalenbank.20319
Troch bimiddeling fan skoppenboer kin men in flesse jenever komme litte. Dat is jenever fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22996
As se in spûksel tsjin kommen, seinen se: "As't fan 'e Heare is, sprek dan. Ast fan 'e duvel is, stom dan."
nl.verhalenbank.23096
Yn Heech, achter Snits, wenne in boer, dy hie twa ûngetiders ynhierd. Hy hie har opdroegen in stik lân to kearen. Mar dy iene fan 'e beide mieren sei: "Wy hoeve net to kearen. Wy kinne der wol hwat by lizzen gean." Hy makke hwat meneuvels en doe wie 't hiele stik samar ynienen om. Dy ûngetider koe hwat mear as gewoan. Hy hie in forboun mei de kweade.
nl.verhalenbank.32124
Lytse Remmelt de Haan kom us in kear fan Garyp nei Gariperheide ta. Hy kom yn it hûs fan âlde Tamme Hooijenga. Hy hie 't einekroes yn 't hier sitten. "Hwat nou?" sei Tamme. Hy sei: "Ik kom de houtsjepaden lâns en ûnderweis sweefde der hyltyd hwat achter my oan. 't Hie gjin fuotten. It wie de duvel. Doe't ik oan 'e dobbe ta wie, pakte er my by 't hier en...
nl.verhalenbank.32496
Remmelt de Haan is in kear op 'e heide fuortsmiten yn 'e sleat. Der roan ien njonken him, sei er. Dat wie de duvel. Skoanheit en dy ha him wer nei hûs ta brocht. Hy kaem by pake en dy dweiltrochwiet. Heit wie doe noch yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32494
Fan 'e frijmitselders ha 'k ek wol us heard, dat se nou en dan in lears ophingje, dêr't de soale út mist. Dy lears hingje se ergens by har yn 'e hûs op. De duvel smyt der jild yn. Mar sa'n lears rekket fansels noait fol. Sa ha se de duvel dan tofiter.
nl.verhalenbank.21348
Fan ien, dy't noait forlet fan jild hat, sizze se: dy hat fêst in wikseldaelder. In wikseldaelder komt fan 'e duvel. Hy rekket noait op yn 'e beurs. Altyd groeit er wer oan dat de folle waerde wer yn 'e beurs sit.
nl.verhalenbank.31563