2,774 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Eastermar
Se leinen froeger duveldrek ûnder 'e drompels om gjin tsjoenster yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.37614
By Jan Koartslân oan 'e Swarte Wei, dêr't de Heale wei der op útkomt, spûke it. Dêr hat de duvel Jan de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.36602
Se leinen froeger faek duveldrek ûnder 'e drompel om tsjoensters to kearen. Piter Rauwerda syn heit gong ris nei Jonge Jan fan 't Wytfean ta om duveldrek. Doe sei Jonge Jan: "Dû trefst it, hy hat krekt skiten."
nl.verhalenbank.36173
Yn Droegeham wie in húshâlding, tichte by de Lytse wei, dêr hienen se gauris lêst fan kweade machten. Dan gongen se hinne en leinen hjir en dêr in bledtsje fan 'e bibel del.
nl.verhalenbank.36172
Bouke Schievink fan 'e Harkema hie altyd de duvel by him. Hy wie ris by ús to jounpraten. Doe't er nei hûs ta soe brocht heit him in eintsje. Doe sei er: "Hjir giet Bouke en dêr giestû." ('Dû' - dat wie de duvel).
nl.verhalenbank.36171
In wikseldaelder komt fan 'e duvel. Dy't ien hat hat noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.36181
As ien froeger dronken de Swarte Wei lâns kom, dan stie dêr ien en dy smiet him. Dat wie de kweade.
nl.verhalenbank.20888
In âld frou yn 'e Harkema koe de duvel ta de hurddobbe út komme litte, seinen se.
nl.verhalenbank.36176
Op in plak hongen twa skilderijen. Op it iene wienen se oan 't kaertspyljen. De duvel lei dêr ûnder 'e tafel to sliepen. Op it oare hienen se de hannen gear. Dêr stie de duvel op 'e tafel to dânsjen.
nl.verhalenbank.20067
To Hurdegaryp wie alear in hekke mei in grouwe stiennen peal oan wearskanten. Die hekke gong altyd fansels iepen. Dat wie de duvel syn wurk. 't Wie tsjoenderij. Guon ha der yn 'e nacht wol by wekke.
nl.verhalenbank.29325
Boele en Baeije wennen oan 'e Skûlenburchster feart, tichte by de Hege Draei. Boele (Kuipers) wie in nuver man. Hy koe 't raer opsizze en 't wie slim sa't er spotte. Op in kear hat de duvel him ris topakken krige en dy hat him sa'n ein smiten, omtrint oan hûs ta.
nl.verhalenbank.29318
't Wie yn 'e lette hjerst, doe moesten wy op in kear op 'e lette joun fan Jistrum nei Skûlenburch ta om in pear kij fan 'e boat to heljen. Ik hie myn kammeraet by my. Sahwat op healwei kom der ynienen in hountsje tofoarskyn. It roan fan 'e iene daem skean de wei oer nei in oare daem. "Dat is de duvel", flústere myn kammeraet. "Dat hountsje ha 'k hjir...
nl.verhalenbank.29311
Age Bergsma wie to praten by in sekere Evert to Sumarreheide. Dy man wenne dêr hwat iensum, in ein achterút. Age sei it raer op en hie oeral de gek mei. Hy spotte der mar op los en sei: "Ik bin nergens bang foar, èk net foar de duvel." Doe't er de jouns dêr wei gong, roan er de houtsjepaden del. Doe wie der ien njonken him kom, dy seach him hyltyd skeef...
nl.verhalenbank.36030
De Feanster mannen (de lju fan Surhústerfean) hienen wikseldaelders, woarde der altyd sein. Dat is in jildstik dat net wer by jin wei wol, dat altyd werom komt. Men kriget it fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.32811
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
Doe't Sjoerd Kooij fan Jistrum noch in feint wie, reizge er mei in kammeraet (èk fan Jistrum) nei Garyp nei de froulju ta. Sy hienen dêr elk in faem to wenjen, mar dy fan Sjoerd Kooij wenne hwat fierder. Sjoerd Kooij wie froeger in los man. It koe him net folle skele hwat er sei en hwat er die. Op in kear doe gongen se wer nei de faem. Sjoerd sei tsjin...
nl.verhalenbank.29309
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. Hja bitsjoenden foaral bern en makken krânsen yn 'e holkessens. It bern woarde siik en de âlders gongen nei in duvelbander ta. Frânse Hinke fan Rottefalle of greate Wopke fan Kûkherne.
nl.verhalenbank.36177
Ik haw in man kend, dy siet ris in kear yn 'e kroech, doe sei er: "Ik bin foar net in duvel bang." Mar 't is net likefolle hwat in minske seit. Underweis by Quatrebras pakt him in auto. Hy wie fuort dea.
nl.verhalenbank.35929
Frijmitselers wienen fan 'e duvel. Se binne noait sûnder sinten. As se forlet fan jild ha hingje se op 'e telle in lege ponge op en dy is dan de oare deis wer fol jild.
nl.verhalenbank.33617
Jaring Hollander (= J. Veenstra) wenne oan 'e Fjouwer Roede. Op in nacht wie Jaring allinne op stap op 'e Fjouwer Roede. Ynienen wie der ien njonken him, dy stapte mei him op. Mar hy sei gjin stom wurd, ek net doe't Jaring him joun sei. Jaring waerd binaud. Hy tocht: Dit doocht net. Doe sei er: "Ast ien fan 'e duvel biste, ferdwijn. Ast ien fan God biste,...
nl.verhalenbank.33610