2,474 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Haulerwijk
Heit fortelde, der wie ris in stim út it wetter weikaem. Der waerd roppen: "De tijd is verschenen. De man is der niet." Mei wie der in man op it hynder oankaem. Krekt by 't kanael foel er fan 't hynder op 'e holle yn 't wetter en wie fordronken.
nl.verhalenbank.20652
To Nijebrêge wenne Hinke Kaert, dat wie in bikend wiersizter. Myn broer en ik en noch ien ha der us mei ús trijen hinne west. Myn broer wenne yn Dútslân. Ik soe der ek hinne foar de simmermaenden. Ik gong it earst nei Hinke ta fan 'e trije. Hinke telde de kaerten. "Jo ha der ek al jong by west", sei se. "Hoesa?" frege ik. "Jo ha al yn 't bûtenlân west."...
nl.verhalenbank.20797
Der kom in poep op 'e merk. Dy woe in pipe keapje. Hy socht ien út. De koopman sei: "Hy kostet in stoater." De poep sei: "Ik weet fan geen stoter noch moter, doch ik wil drei stuver geven." (stoater = 12 _ sint)
nl.verhalenbank.20998
As der in tsjoenster yn 'e buert wenne, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Sy ha 't wol folle dien foar âlde Griet. Hja kaem us ergens yn Haulerwyk, doe hienen se dêr ek duveldrek ûnder 'e drompel dien. Doe koe hja der net yn komme. Sy stie dêr mar to draeijen en to meneuveljen foar de doar, mar sy koe net oer de drompel komme. Doe sei se op 't lêst:...
nl.verhalenbank.20795
Ik wie in famke fan sa'n jier of sawn. Wy leinen to Drachten. Doe kaem der in skipper: Hindrik Blom fan Drachten om to sizzen dat er de jouns om in kopke kofje kaem. Hindrik mocht graech in romerfol. Nei de kofje krigen se in slokje. Ik boarte mei doomnyshoutsjes op 'e bank. Doe sei Hindrik tsjin heit: "Sille wy ris in flesfol drank komme litte?" "Net op...
nl.verhalenbank.20805
To Duerswâld stiet de tsjerke in ein bûten it doarp. Dat komt sa: Eisinga dat wie in boer, dy siet yn 'e tsjerkerie. Der soe in nije tsjerke komme en nou hâldden se in tsjerkerieds-forgadering om út to meitsjen op hokker plak de tsjerke stean moast. Eisinga woe de tsjerke leafst flak by syn hûs ha, mar dêr wienen de oare leden net mei tofreden. Der waerd...
nl.verhalenbank.21064
In omke fan my hie in toverboek kocht op in lommerdsboelguod to Ljouwert. Hy lies der yn en doe wienen de eksters samar ûnder 'e kachel weikaem yn 't skip. Doe hied er wer achterút lêzen - en doe gongen se der wer ûnder.
nl.verhalenbank.20804
Sipke Halbertsma koe wite mûzen ta de hurbe útkomme litte. (hurbe = hurddobbe)
nl.verhalenbank.20794
Minsken dy't bitsjoend wienen, hienen gauris krânsen yn 't holkessen. Dat wie it wurk fan 'e tsjoenster. Sadré der trije krânsen fol wienen, dan wie deselde dy't bitsjoend wie, dea. De krânsen moasten der úthelle en forbarnd wurde. As men froeger mar in bultsje yn 'e fear fielde, dan woarde it kessen al lostoarnd, fral as der in tsjoenster yn 'e buert...
nl.verhalenbank.20790
Us jongste fanke wie alve jier âld. It wie sa'n skoalfanke. Wy leinen mei 't skip by Drachten, yn 'e Lange Wyk. Sy wie mei Jan, in jonkje fan skoalle ta gien en togearre wienen se oan 't hoepeljeijen. Doe krigen dy beide bern dropkes fan in frou, fan Ale Bigge. Doe't se thúskaem hie se smoarge hannen. Ik sei: "Hwat hast hawn?" "Dropkes fan Ale Bigge", sei...
nl.verhalenbank.20800
As men hwat bilooft, dan mat men it ek folbringe. Oars komt sa'n ien dy't men hwat biloofd hat, nei syn dea torêch. Myn pake oan heite kant wie Goaitsen van Wyk. Hja hienen it altyd och sa earm hawn. Op syn oanstean hienen se in kear in bigge kocht en dy fetmest. Dan soenen se de winters in fette baerch yn 'e skoarstien ha. Dat hienen se noch noait earder...
nl.verhalenbank.21049
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Dat wie krekt sa'n ien as sterke Ynse fan Bakkefean.
nl.verhalenbank.21048
Wy ha ris mei 't skip lein to Gytsjerk, by in brechje. Dêr moasten wy dongride foar in boer, dy wenne in eintsje it lân yn. 't Wie yn 'e maitiid. De feart lei ticht mei hwat iis. De hiele joune waerd der laden. Om alve ûre kaem myn man thús. It skip lei mei 't iene tou oan in strykpeal fêst, mei 't oare oan in anker. Wy gongen op bêd. Wy hienen noch net...
nl.verhalenbank.20801
Us heit tsjinne by de boer. Dat wie Hindrik Berga to Koudenburg by de Haule. De boer hie twa hynders, in swart en in brún. It swarte hynder waerd siik. Foar dat sike hynder moast heit nei it Swartfean ta. Dêr wenne Hinse Jehannes de Boer. Dat wie in duvelbander, mar ek in hiel bikwame féarts. Heit hie hwat hier út 'e manen fan 't sike hynder meinaem, mar...
nl.verhalenbank.21262
Der wie in snikkefearder, dat wie Hindrik Haukes, dy hie syn snikke krekt nij opfervje litten. De snikke lei foar de wâl, en hy waerd net brûkt. Mar it eigenaerdige wie, dat der hyltyd opnij skrammen opkamen. Dat koe neffens Hindrik Haukes allinne mar komme as er troch de slûs farde en dêr oanskaefde. Hindrik Haukes woe witte hoe't it kaem en paste op. Hy...
nl.verhalenbank.20791
Ymke Modder ( = Ymke de Jong) koe de minsken stean litte. Hy koe ek bûksprekke. (It teltsje fan 'e faem dy't ûnder 'e kou siet to melken. De kou seit: "Jow dy man hwat molke.")
nl.verhalenbank.20793
Wearwolven binne froulju dy't de broek oan ha.
nl.verhalenbank.21260
Wy leinen us op in kear by de âld skoalle to Waskemear. Myn man wie net thús. 't Woarde bêdtiid en ik seach út of hy der hast oankaem. Wylst ik bûten op 'e wâl stie, hearde ik yn 'e timmerwinkel hwat. 't Wienen de sirkelsagen dy't dêr gongen. Ik gong oer de brêge hinne, hwant ik woe 't better wite. Hoe koe dat nou, dat se by nacht noch oan 't wurk wienen...
nl.verhalenbank.20803
Us heit hie in healsuster, dat wie Griet fan der Wyk, dy hat gekke Jouke hawn. Grietmoai wie mei de helm geboaren. Sy moast der nachts faek út. Dan waerd se skodde. Op in kear wie se mei ús heit en oaren achter Feanhuzen om dêr baelders to birêdden. Sy roannen meielkoarren oer de wei. Doe sei Grietmoai: "Net midden op 'e wei rinne, hwant dêr komme se mei...
nl.verhalenbank.20802
It wie op in joun let mei stoarm en ûnwaer. Doe kaem der in frou by de doar mei in great pak mei ellewaren. Hja woe dêr graech de nacht trochbringe. De boer sei, dat moast dan mar oangean, fanwege it minne waer. Hja sette it pak achter tsjin 't sket oan. Doe gong se by 't fjûr sitten tusken de oaren. It minske hie in tige grou lûd. Krekt as fan in...
nl.verhalenbank.21261