3,166 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Boelenslaan
Myn swager kom by myn suster. Dêr hied er doe forkearing mei. Hy hie altyd in revolver by him. Op in joun wie hy der wer. Doe't er yn 'e neinacht fuort gong en op 'e Dunen wie (yn 'e Harkema) kom der in hiele greate, swarte houn by him. Dy houn wykte mar net by him wei. Doe krige er syn revolver en woe der op sjitte. Mar hy hie de macht net om to sjitten....
nl.verhalenbank.28155
Skoanmem wie ris in kear by Arend Bron ûnder Oerterp. Dat wie noch hwat famylje. Wylst mem dêr wie, gong de doar trije kear iepen, sûnder dat der ien wie. Mem die de doar hyltyd wer ticht. De trêdde kear sei se: "Duvel, nou silst ticht bliuwe!" Doe't se 't wurd 'duvel' brûkt hie, bleau de doar ticht.
nl.verhalenbank.37857
Frijmitselders ha noait forlet fan jild. Se helpe elkoar altyd. Sy kinne trije kear jild krije, faker net. Mar der wurdt ek wol sein, dat frijmitselders in wikseldaelder ha. Sy ha har oan 'e duvel forkocht. Yn Snits ha de frijmitselders in gebou. Ik ha 't wolris stean sjoen. Sy matte der achterstofoar ta'nyn gean.
nl.verhalenbank.16042
Ik haw us heard fan twa, dy hienen in man rinnen sjoen troch 't sân. Doe't se yn 't sân seagen wienen dat houneleasten. Hoe kin dat? Hat dy man hounepoaten hawn?
nl.verhalenbank.21559
Wibe Alma fan 'e Harkema is us in kear dronken út 'e kroech wei kom. Hy sei: "De earste de bêste, dy't my tomjitte komt, dy smyt ik oer 't lân, as wie 't de duvel ek." Mar doe is er sèls smiten woarn, troch de duvel.
nl.verhalenbank.23937
Us heit (Thomas Bruining) hat de duvel sjoen. Hy hat yn 'e gedaente fan in bok by ús heit foar 't bêd stien. Hy seach heit lyk oan, mar hy die heit neat. Heit bleau standfêstich en sei: "Satan, wijk van mij" en "Here, kom bij mij." En de bok is fuort gien.
nl.verhalenbank.17728
Guon dy't in wikseldaelder ha sitte noait sûnder jild. Om in wikseldaelder to krijen matte se har earst oan 'e duvel forkeapje.
nl.verhalenbank.32782
Yn 'e Harkema wenne in man dy sei: "As der in duvel is, dan wol 'k him wolris sjen." En doe flokte er hiel bot. Even letter kom de duvel en smiet him in hiel ein fuort.
nl.verhalenbank.28134
Yn 'e Grinzer Pein wenne Sweitse Stopjern. Dy hie in hounekarre mei twa hounen derfoar. Op in kear doe wie er tichte by de Juliana-buert, doe woenen de hounen ynienen net fierder. Se wienen deabinaud en gongen jankend foar de karre lizzen. De beesten seagen grif hwat, mar Sweitse seach neat. Doe't de dieren dêr sa in skoftsje lein hienen kamen se wer...
nl.verhalenbank.37766
Us mem fortelde, dat har mem plichtte alle jounen yn 'e bibel to lêzen. Mar op in kear, doe't se der wèr yn lêsde, doe kom der in hiele greate swarte finger oan en dy sloech de blêdside tobek, dy't sy krekt lêzen hie. Dat gebeurde oan trije kear ta. Doe woarde ús beppe sa binaud, doe doarst se net fierder to lêzen. Sa bang wie se foar dy greate, swarte...
nl.verhalenbank.28336
It is in feit dat bloedplakken, dy't fan in moard komme, net útwiske wurde kinne. Ek binne der wol huzen dy't in gat ha, dat se noait ticht hâlde kinne. Dêr sit de duvel mei yn.
nl.verhalenbank.17677
Hinse hat ris rûzje hawn mei de kooplju út Drachten. Sy sieten meielkoar op 'e bovensael fan 'e herberch 'De Phoenix' to Drachten. Doe bigong Hinse hiel bot to brullen en doe woarden de kooplju allegear binaud. Hwant Hinse dat wie net in gewoanen ien, mar in hantlanger fan 'e duvel. Dat wisten se allegear wol. Sûnder dat Hinse der in hân nei útstuts,...
nl.verhalenbank.16030
By Jan de Vries, dy't njonken ús wennet, wie 't froeger altyd o sa roerich yn 'e hûs. Allegear great-jonges, dy't sterke wurden brûkten. It gong der soms allerheislikst oan wei by har yn 'e hûs. Mar doe stie der op in joun samar ien achter de tafel. 't Wie in manspersoan. Hy steunde mei beide hannen op 'e tafel en hie in krûm pypke yn 'e mûle. Ien hûsside...
nl.verhalenbank.28333
Piter Claus wenne oan 'e Spekloane. Hy wie in soarte fan wonderdokter. Hy brûkte homopathyske middeltsjes. Mar ik hie der great respekt foar. Hwat hat dy man in soad lju genezen, fral bern. Wy ha froeger noait in dokter brûkt. Wy gongen altyd mar nei Piter Claus en dy makke ús wer better. Piter Claus fortelde ris, hy en syn soan Halbe moesten ris...
nl.verhalenbank.24454
Kuke Ruerd (van der Veen) kom op in joun fan 't timmerjen. Hy moest de Skeanpaden oer nei de Harkema. Dêr leinen allegear houtsjes oer de sleatten. Doe't Ruerd oer ien fan dy houtsjes soe, woarde er op 'e kop yn 'e sleat goaid. Ruerd wie in raer man, it koe him neat skele hwat er sei. Dêrom hie de duvel him pakt.
nl.verhalenbank.28091
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane to Boelensloane. It wie myn âldomke. Syn wiif Tryn Snipel koe kaertlizze. Hja wie in suster fan myn beppe Antsje Snipel. Minse Griper hie in toverboek. Dat hied er fan 'e duvel. Yn dat boek lies er achterstofoar. Sa koed er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy koe ek minsken útklaeije litte. Dat hat er ús mem...
nl.verhalenbank.18214
Tseard de Wit arbeide by Eise Poal yn 'e Kompenije. Doe gebeurde it ris dat it net tsjernje woe. De molke skûme mar en skûme mar en sy koenen mei gjin mooglikheit bûter krije. Doe hellen se Hinse duvelbander op. De beesten roannen yn 't lân. Dêr gong Hinse hinne mei Tseard. Tseard hie in dikke stok by him. Doe't se by de daem kamen, sei Hinse tsjin...
nl.verhalenbank.16029
In man forwiet syn wiif altyd, dat hja tofolle forbrûkte. Op in kear gong er nei Drachten ta. Werom op 'e Folgerster loane roannen strapeltsjes ryksdaelders by de wei del. Doe woarde de man deabinaud. Hy doarst der net oan to kommen, hwant hy wie der fêst fan oertsjûge dat er yn forsiking brocht woarde. Noait hat er wer kreaud mei de frou om 't jild. A.B.?
nl.verhalenbank.21732
Greate Jasper (= J. Veenstra) hie in synwetterbult op 'e holle sitten. Hy hie allegearre jonges (ien wie in wjerwolf). it gong dêr by Jasper en dy snein-to-moarns altyd op in pikjesjitten. Snein-to-middagen dan plichte Jasper altyd to kaertspyljen. Dan forlear hy hast altyd. Op in snein-to-joun, doe't er nei hûs ta gong, sei er by himsels: "Nou woe 'k...
nl.verhalenbank.25812
Us buorman Gosse die noait in slach en doch hied er altyd wol jild. Hy libbe sa'n fjirtich jier lyn. De minsken seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan sinten hie hinge er jouns in potsje bûten oan 'e doar. Dan wie 't de oare deis fol.
nl.verhalenbank.25485