Sterke Ynse kaem ris mei in jong bist delsetten, dat hied er kocht op 'e Drachtster Merke. Doe moest er dêrmei oer de draei. Dat woe net rjocht. Doe naem er it bist oer de nekke en sa is er der mei oer de draei komd.
nl.verhalenbank.20820
Alde Kjille fan 'e Gerdyk wie ek in wiersizter. Mar dy koe 't lang sa goed net as Hinke Kaert.
nl.verhalenbank.20798
Yn 'e Fochtel gebeurde it dat de doomny ûnforwacht by twa minsken op bisite kom. Hja hienen krekt it miel bihimmele. Doe't it wiif him oankommen seach, sei se tsjin har man: "Hjir hast gau de bibel." Hwant de doomny moest tinke, dat hja frome lju wienen.
Mar de man koe net lêze en hie de bibel mei de letters omkeard op 'e knibbels lizzen.
't Minske sei,...
nl.verhalenbank.20997
Der kaem ris in âld man by ús heit, dy gong yn 'e hoeke sitten en skriemde.
"Hwat nou," sei ús heit, "is der hwat Jurjen?" It wie oars sa'n flink âld man.
"Ja", sei er "ik ha sjoen dat de moune mar mei ien roede draeide."
Ien à twa jier letter sloech de tonger yn 'e moune hjir yn Haulerwyk. Doe hat er mar mei ien wjuk draeid.
nl.verhalenbank.20822
Alles hwat de oerheden ophingje, meije de ûnderdanen net delhelje.
Sa'n trijehûndert jier lyn wennen der yn 'e Kompenije twa bruorren: Gurbe en Jan. Hja leefden fan ynbrekken en stellen en moardzjen. Mar op in kear, doe't se in âlde boer biroofd hienen, woarde Jan pakt. Hy woarde foroardield ta de strop. Hy soe to Ljouwert ophong wurde op it Saeilân....
nl.verhalenbank.21043
Yn Haulerwyk hie ien in hoefizer boppe de doar sitten. De bidoeling dêrfan wie, dat it hûs dan bihoede woarde tsjin it ynslaen fan 'e tonger.
nl.verhalenbank.21056
As de tsjerne bitsjoend wie, moasten se nei Hinse Jehannes ta, dy wenne op it Swartfean. Dat wie in lompe keardel. Ik hie us in dikke kou, sa'n fyftich jier lyn. Dy wie siik en it bist waerd minder.
Doe gong ik nei Hinse ta. Ik hie hwat hier fan 'e kou by my.
"Hwat hiestou?" sei Hinse tsjin my. Hy hie sa'n foars lûd.
"Ik hie in sike kou."
"Hast hier by...
nl.verhalenbank.20823
Ik boarte faek mei Germ. Op in kear boarten wy mei ús fjouweren dêr. Germ helle in tas mei apels. Wy krigen elk ien. Ik biet der daliks yn. Doe sei de jongste fan 'e beide boarters, dy't dêr ek wienen: "Bliksem jonge, 't wurdt in podde of in slange, ast him opytste."
nl.verhalenbank.20717
In oare tsjoenster wie Doetse Griet (frou Bergsma), dy't tichte by ús wenne.
Ik kaem dêr in soad, hwant ik boarte faek mei Germ, har soan.
Op in kear wienen Germ en ik oan 't fiskjen. Doe fangden wy in dikke blij. In ein fierderop wenne in jonkje fan ús âlderdom. Dat wie Frâns, dy wie siik. Wy seinen: "Dy blij dy moat Frâns ha." Doe gongen wy mei dy fisk...
nl.verhalenbank.20716
Hjir wienen twa, dy't mei de helm geboaren wienen: Graanstra en âlde Merk. Sy seagen nou en dan lykstaesjes.
nl.verhalenbank.20714
Alde Merk wie mei de helm geboaren. Hy seach ek lykstaesjes. By 't Súdlaerdermeer moat hy ris sitten ha to fiskjen. Hy wie plysje. 't Wie tsjuster. Mar samar ynienen wie 't ljocht woarn. "En seagen wy dêr de wettermoune net yn 'e brân stean oan 'e kant fan 'e Súdlaerder Meer?" sei er. "'t Wie sa ljocht, dat wy koenen de dobber en alles goed sjen. Krekt as...
nl.verhalenbank.20648
Dêr't wy froeger wenne ha wie in dobbe, sa'n twahûndert meter fan ús ôf. Rink Hof wenne net sa fier fan ús ôf, oan 'e oare kant fan 'e wyk.
Jouns as 't donker wie, seach er ljochtsjes boppe de dobbe, meastal mei ûnwarich waer. Dy ljochtsjes waerden dan wer wei. Wylde lantearnen seinen se der tsjin. 't Wie doe yn 'e tiid fan 'e earste fytsen en dy...
nl.verhalenbank.20649
Der wennen trije tsjoensters yn Haulerwyk.
Boppe Haulerwyk wenne Jan Betten. Dat wie de iene.
Op in kear wienen wy oan 't stobberoaijen op Koudenburg by Anne Vondeling. Wy sieten to kofjedrinken. Jan v.d. Heide wie der ek by. It praet gong oer tsjoenen.
Jan v.d. Heide fortelde: "Jan Betten hat in bern fan Koene Gerritsen bitsjoend. 't Bern groeide net en...
nl.verhalenbank.20715
Ik haw in omke hawn, dat wie Ynse Graanstra. Dy hat fan tofoaren sjoen dat se hjir oarloch hienen. It bloed roan ta de feart yn, sa waerd der fochten. Mar dat is net gebeurd.
nl.verhalenbank.20711
Klaes Berga wie ôfgryslike sterk. Hy wie feint op it beurtskip fan Sake van der Wal. De smid Hoeksma krige in ambeld fan twahûndert poun. Dat moast fan it skip ôf. Klaes krige it op 'e earm. It skip lei sahwat in meter fan 'e wâl ôf. Sa sprong hy der mei op 'e wâl. Hy sette it moai op it blok del by de smid. Klaes Berga hat letter plysje west yn Grins,...
nl.verhalenbank.20705
Der wenne in timmerman yn Bakkefean, dy krige beammen thús. It wienen grouwe beammen dy't sage wurde moasten. Hja moasten fan 'e mâllejan ôf helle wurde. Mar omt dat tige op 'e lea oankaem, hied er Ynse der by helle. Dy rette it kerwei allinne op.
"Hwer moatte se lizze?" frege Ynse.
"Dêr mar", sei de timmerman.
Ynse lei sa in stik of fiif grouwe...
nl.verhalenbank.20658
Trije jonges kuijeren sahwat omtrint Beneden-Haulerwyk.
Ien fan 'e trije is troud. Ien fan dy jonges sprong samar ynienen oerside. "Hwerom dochstû dat?" fregen de oaren.
"Der komt in swarte wein oan mei twa hynders der foar", sei de jonge. De oaren seagen it net.
nl.verhalenbank.20710
Doe't er noch gjin plysje wie, wied er us op in winterjoun oan 't lotsjen. Dat wie forbean en de plysjes attrapearren him. Dy pakten him beet en woenen him meinimme. Mar doe gong Klaes sa to kear, hy trape troch de flier hinne en de plysjes koenen him net hâlde. Hy sei: "Ik wol der wol út, mar dan moatte jimme my loslitte."
nl.verhalenbank.20706
Yn Easterwâlde wenne in dokter van der Sluis, dy seach de trein riden. Hy kaem yn 'e herberch to Koudenburg, alhiel fan 'e wize.
De kastlein sei: "Hwat mankeart dokter nou?"
"Dat wie krekt op 't nipperke," sei er, "dan hie 'k dea west. Hwant de trein is kantroerend foar my lâns riden. De coupé's wienen allegear forljochte."
"Hwer wie dat?" frege de...
nl.verhalenbank.20712
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Dy komt altyd wer.
nl.verhalenbank.21009