De duvelbanders, dy't rieplachte waerden wienen Wopke fan Kûkherne en Úlke duvelbander (van der Wal), dy't oan 't Wyldpaed wenne en dêr in smarchwinkeltsje hie en branjehandel.
nl.verhalenbank.20018
Op 'e Greate wei (de rykswei) yn 'e buert fan 'e kaserne ha guon de duvel sjoen, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.22951
In pleachbeest dat is: de kweade yn 'e gestalte fan in houn.
nl.verhalenbank.28649
Bearn Smook fan Feansterheide hat mei de duvel fochten. Hja leinen togearre yn in droege sleat. Bearn hie sangeneblau west. De duvel wie in lyt mantsje.
nl.verhalenbank.16504
Japik, myn man, hat mei in stikofhwat maten ris nei Twizel ta west. It gong bot op in swetsen en flokken en dêr hienen jy 't al. Doe't se sahwat midden op 'e Wedze wienen, krigen se de duvel njonken har. Sy koenen skoan sjen dat er it wie.
Hy hat har folge oan 'e doar ta. Se wienen deabinaud. Mar Japik wie net bang, hwant dy hie in goed geweten.
nl.verhalenbank.16521
Yn Sweagerbosk by 't Wyldpaed by de Swadde lâns, dêr giet de kweade yn 'e nacht lâns. Hy foroaret him dan yn in grouwe, swarte houn.
Oan diz' kant it brechje yn 'e Westerein is er faek sjoen woarn. Hy gong dan de Swadde lâns op Kûkherne yn. Dêr wie froeger in paed.
Nachts kom de houn by Karste Lamke en Sjoerde Ael op 't hiem. Dat wienen tsjoensters.
De...
nl.verhalenbank.16767
Op 'e Swâdde wienen altyd trije hounestappen en ien hynstepoat to sjen. Dy hynstepoat wie fan 'e duvel. Ik ha dy poaten faek sjoen.
nl.verhalenbank.16522
Stean noait foar de spegel, hwant dan kinst in klap fan 'e duvel krije
nl.verhalenbank.18124
By Karste Harmke sieten de hinnen soms achterstofoar op it rip. Se hienen de koppen omdraeid. De duvel regearre dêr.
nl.verhalenbank.16525
Soms wie Lamke fjûrbinaud. Dan raesde se it út. Dan hie de duvel har to pakken.
Op in kear kom Wessel by Lamke en dy om nei Jochum to sjen, dy't doe siik wie. Wessel wie in raren ien, dy't net botte gau binaud wie. Mar doe't er wer ta de doar út soe, sei er: Ik kin der net útkomme, hwant der stiet ien foar. Hy hie ôfgryslike raer en binaud sjoen, doe't er...
nl.verhalenbank.16526
Har âlden wennen yn Kollumerpomp. Sy hienen wol gauris arbeiders en feinten, dy't spoekforhalen fortelden. Sa sei der ris ien: Oan 'e Oosterboereweg ûnder Kollum stie it Godhûs. Dat wie in arbeidershúske. Dêr stienen in hynstepoat en in bokkepoat. Kaem dêr ien om alve ûre yn 'e joun lâns, dan waerd der in stim heard dy't sei: "Ho, niet verder."
Dat wie de...
nl.verhalenbank.16519
As ien in protte jild hat, sûnder dat it nei to gean is, hoe't hy der oan kom, dan hat sa'n ien him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.22961
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien dea tsjoene, oars redt de duvel mei har.
nl.verhalenbank.22972
Sa hat er ek wol guon holpen, dy't de foet forknoffele hienen.
Piters Hil hie de earm stikken. Sy kom by Oene.
Oene sei: "Wachtsje even. 'k Mat earst even mei 't mantsje prate."
Doe gong er nei bûten ta. Even letter kom hy der wer yn en sei: "'t Is foar inoar. 'k Ha mei him praet." (Dat wie net ien oars as de duvel, hwant Oene wie in raren-ien)
Trije kear...
nl.verhalenbank.20007
Myn frou wenne yn Twizelerheide. Sy moest omke sizze tsjin Stammerige Harm. Op in kear, doe kom se mei har suster en in stik of hwat kammeraedtskes fan 'e naeiforiening. 't Wie by jountiid. 't Wie midden yn 'e simmer. Doe woarde dêr mei snieballen smiten. Dy smiet ien oer de dyk hinne en sy kommen yn 't wetter del. Dat wie gjin goed spul. It wie de duvel,...
nl.verhalenbank.22954
Sy seinen ek wol dat Gauke Haarsma konneksjes ûnderhâldde mei de duvel. As der by earme minsken in poppe op komst wie en sy hienen gjin sinten om hwat spullen foar de útset to keapjen, dan kommen se by Gauke. Dan sei Gauke: "Ik gean wol even fuort." Dan helle er sinten op. Hwerwei?
Hy sei: "Binnen 't healjier mat ik se wer ha, oars giet it raer."
Syn...
nl.verhalenbank.26212
De kant út nei Grins stiet it Godloas Tolhûs. Dêr wienen ris op in snein-to-joun in stik of hwat bazen, op 'e betonnen brêge, dy prebearren yn hoefolle tredden hja oer de brêge kommen.
Der wie ien jonge yn it ploechje, dêr koenen de oaren it lang net tsjin hâlde, dy wie altyd foar.
Doe sei er: "De duvel kin 't hjir net iens tsjin my hâlde."
Doe seinen de...
nl.verhalenbank.26215
Janom wie nei de faem ta. Mar dêr roan er in blauwe skine. Doe hied er in sin as in baerch en hy flokte en ketterminte dat it in griis wie. Mar dêr woarde er foar straft. Hwant doe't er ûnderweis wie, kom der him in jong baeske op side. Dat wie de duvel. Janom woarde sa binaud, dat hy hie oan elke hier in switdrip hingjen. It feintsje bleau oan hûs ta by...
nl.verhalenbank.16520
Yn Grypskerk yn 'e kroech wie us in ploechje jongfolk. Sy woenen wille ha en doe tochten se: Wy matte it heilich avondmael mar ris fiere. Sy dienen it spottenderwize. Doe kom de duvel der yn. Doe ha guon fan dy feinten it sa op har senuwen krige, dat se der altyd hwat fan oerhâlden ha.
nl.verhalenbank.22862
Stammerige Harm, koe net goed prate. Dêrfandinne de namme. Hy hie in pot mei jild yn 'e groun. Dêr hied er in reidsketsje om hinne. Sa nou en dan rôp er: "Sjoerd, dû mast my helpe. Ik kin net by de pot komme. De duvel sit der by."
Sjoerd dat wie syn omkesizzer.
Stammerige Harm hat syn eigen wiif omkomme litte. It minske wie blyn en sy hie sekken oer...
nl.verhalenbank.16523