Yn 'e Houtigehage wenne in âld-minske: Akke Stoarm. Der wienen us in kear eksters by har achter hûs oan 't skatterjen. Doe sei se: "O heden, nou komt der gau in deaden yn 'e buert." Hja krige gelyk. Binnen trije dagen stoar der ien.
nl.verhalenbank.21097
Alde Jille Pultrum fan Houtigehage kom us by it heidetsjerkhôf lâns, doe stienen dêr in pear mei redenskleden oan.
"Goeije navend", sei Jille Pultrum.
Mar sy seinen neat werom.
Trije kear sei Jille 'Goeije navend'. Mar sy wienen gelyk stean bleaun. Doe tocht er: "Dit is gjin goed spul. Nou gean 'k mar mar fierder."
nl.verhalenbank.25179
Wie der froeger in bern bitsjoend dan gong men nei de duvelbanner fan Kûkherne. Dy joech in drankje. It kessen, dêr't it bern op lei, waerd iepensnien en de krânsen der úthelle. Dy woarden forbrând.
Wienen der al trije krânsen klear, dan koe 't bern net wer better.
nl.verhalenbank.24065
De dochter fortelt: "Fan 'e wike kom mem hjir by ús yn 'e stâl. Doe sei se yn har sels: 'Hwat dogge dy trije keallen hjir?'
Ik hearde dat en ik sei: 'Hoe komt mem der by, de stâl is ommers leech.' Mar de oare deis sette myn man trije keallen op stâl. Sy hie 't wol goed sjoen."
nl.verhalenbank.24846
Sytse Jager wie in kear oan 't kuijerjen. Hy roan tusken in stik of hwat oaren yn. Doe woarde hy dêr samar tusken wei nom en oer de dyk hinne smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, seinen se.
nl.verhalenbank.23912
Hy hat de duvel ek al ris sjoen, dat hat er faek forteld, ek wol oan oaren. Hy wie doe in jongfeint en hy wie der mei twa fan syn kammeraden op út. Hja hienen kattekwea úthelle; ûndogenske streken. Hwatte krekt, dat wyt ik net, mar 't wie net sa moai. Doe kommen se by de Swâdde. Dy wie dêr och sa smel. Dêr stienen trije húskes oan. Doe seagen se dêr in...
nl.verhalenbank.34548
Imke de Jong ontsnapte út elke gefangenis. Sy koenen him achter gjin inkelde doar hâlde.
Op trije plakken tagelyk ha se him sjoen doe't er ta de stêd útgong.
nl.verhalenbank.27443
Jilt fan Minne Binnes wie in raren-ien. It wie eins in ûnminske. Hy leaude nergens oan en dreau de spot mei alles.
Hy sliepte thús op 'e souder. Dan moest er by de leider op.
Hy kom in kear út 'e kroech wei. "As der dan in duvel is," hied er sein, "dan kin er my joun by de leider krije."
Doe't er thús kom en by de leider op gong, woarde hy der trije...
nl.verhalenbank.25287
In wikseldaelder rekke noait op. Mar jy moesten him noait hielendal út jaen.
Dy't in wikseldaelder ha woe gong mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne. Dat died er trije kear. En dan rôp er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear wie der ien, dy nom de kat en hy krige der in wikseldaelder foar yn 't plak.
nl.verhalenbank.29333
Yn Topweer ûnder Grinzer Pein gong myn skoanheit Emke Posthuma op in nacht oer de wei. Doe kom der in grouwe swarte houn oan en dy treau him trije kear oer de sleat. 't Wie in pleachbeest seinen se: in swart monster mei gleone egen.
nl.verhalenbank.23144
Heks melkt koeien en die geven dan geen melk meer
Marieke van Bertje had veel te veel werk met de boerderij en bovendien had ze dan ook nog drie kleine kinderen. En toen kwam haar vriendin met wie ze samen op de school was geweest, haar een paar dagen helpen. Maar toen die de koeien gemolken had, kon Marieke er geen druppel melk meer uitkrijgen. En ze...
nl.verhalenbank.35691
Op in kear doe lei ik op bêd.
Doe seach ik ynienen de trije famkes, dy't wy forlern ha, by de tafel sitten.
Ik sei: "Heden, binne jimme dêr?"
"Ja", seinen se en sy laken. "Wy soenen mem helje."
"Ik wol net mei", sei 'k.
"Dat jowt mem neat. Mem màt mei", seinen se.
"Ha jim 't goed?" frege ik de bern.
"Ja," seinen se, "folle better as mem. Kom nou mei."
Ik...
nl.verhalenbank.21991
As in houn spûkgûlt stjert der gau ien dy't tichteby wennet.
Gewoanlik duorret it in dei of trije.
nl.verhalenbank.27310
Myn swager hat in jonge, dy is mei de helm geboaren. Hy sjocht de dingen dy't gebeure sille nou en dan fan tofoaren. Op in kear doe wienen myn swager en 'e frou fuort. Doe't se thús kommen, sei er: "Hjir hat hoed ek in frou by de doar west. Dy seach der sa en sa út. Trije kear hie se der west. Mar sy wie der yn werklikheit net west. De oare deis kom se.
nl.verhalenbank.28368
Ruerd wie de man fan Jantsje. Ruerd ha se deatsjoend. Doe't er dea wie, ha se syn kessen iepenmakke. Doe sieten dêr trije folsleine krânsen yn. Hie de trêdde krans noch net klear west, dan hie Ruerd noch to redden west.
nl.verhalenbank.30080
Myn skoanmem wie mei de helm geboaren. Sy wennen yn Ten Post (Grinslân). Op in kear wie se mei skoanheit oan 't kuijerjen. Doe sei se ynienen tsjin him: "Wy matte hjir wei, jonge."
Skoanheit sei: "Dû mei dyn fratsen altyd. Wy bliuwe hjir." En hy hâldde har fêst.
Mar fuort dêrnei siet se plat op 't gat op 'e wei, wol trije meter fierder.
"Wolst it nou wol...
nl.verhalenbank.18091
En heb ik iets heel geks meegemaakt en dat weet hij ook, daar lacht ie niet om. Toen was eh, mijn zuster, mijn oudste zuster woonde in België, dat was Lena van ons, en die woonde in België. En die had ik al jaren niet meer gezien. Ik zat in Amsterdam en Lena zat in België, en Lena was de oudste, die was zo oud als ik nou ben, 57 ben ik en zo oud was Lena....
nl.verhalenbank.69654
18.32
JvdB: Dan wil ik beginnen met Bernard Rusken, want dat was de eerste waar ik naar toe geweest ben en ook een van de oudste en hij is de zoon van Frans Rusken en Frans Rusken die was echt landelijk bekend. Frans ...
RK: Ruske?
JvdB: Rusken. De Russen noemden ze hem ook wel.
RK: oké.
JvdB: En uh die reisde van Emmen naar Zwolle hè, die Frans, en die...
nl.verhalenbank.46310
It is ris gebeurd dat der in keardel to jounpraten gong, hjir yn Mearum. Dy wie net bang.
Der wienen twa, dy tochten: Wy sille him wol bang krije. Sy gongen mei in wyt ding om har hinne midden op it tsjerkhôf stean. Dêr roan it paed lâns, dêr moest dy keardel del.
Doe't hy der oan ta wie bleau er stean. Hy sei: "Heden noch ta, twa ha 'k wolris boppe op...
nl.verhalenbank.27895
In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn.
Op in kear kom der in nachtmerje by in widner mei trije bern. Dy man hie moal op it gesicht struid en doe koe dy nachtmerje net wer fuort komme. De oare moarns wie se noch by him yn 'e hûs.
"Jo ha my fangd", sei se tsjin 'e widner. Sy koe net wer fuort komme, hwant sy hie moal oan har en in nachtmerje mei neat...
nl.verhalenbank.12351