4,360 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Surhuisterveen
Durk hat by de Boskreed wenne yn 'e Harkema yn in forlofsaek. De broer fan myn heit, Aen Klokje (= Aen Alma) hat foar eigen egen sjoen dat der op in nacht út dat hûs in bigraffenis weikom. Hy hat it my sels forteld. 't Wie fan in jonge, dy wie dêr stoarn. 't Kom krekt sa nei. Durk syn jonge stoar al gau dêrnei en doe hâldden se de bigraffenis dy't myn...
nl.verhalenbank.26856
Klaes Kooistra yn 'e Harkema stapte mei in ploechje oar jongfolk út 'e Harkema de wei del. Doe sei er ynienen: "Even oan kant, der komt hwat oan." Doe kom der in lykstaesje foarby. Klaes wie de iennige dy't it seach.
nl.verhalenbank.26857
Om 'e sawn jier mat de tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se der sels oan.
nl.verhalenbank.22070
Frijmetselers helpe elkoar altyd. As se trije kear holpen ha, en 't jowt noch neat, dan wurdt sa'n ien formoarde. Hja jowe noait de hiele hân, mar altyd twa fingers.
nl.verhalenbank.24434
Der sit in monster yn 't wetter. Dêrom mat men by 't donker noait to ticht by 't wetter lâns. Hwant dat lûkt. Dan kin men samar fordrinke.
nl.verhalenbank.26846
Yn 'e Harkema wenne in âld minske, Fogeltsje-moai. Hja hie petroalje en baelders to keap. It wie in tsjoenster, seinen se. De bern wienen bang foar har, dy doarsten net nei har ta. Der woarde sein dat se wol bern deatsjoend hie.
nl.verhalenbank.27234
Peije wie myn styfheit. Dy syn mem is bitsjoend woarn troch in stikje tsiis. 't Minske is der fan wei rekke.
nl.verhalenbank.24439
Myn skoanheit (Wibe Alma) hat in broer forlern fan achttsjin jier (Paulus). Der wie in man yn 'e Harkema, dy hat de hiele bigraffenis fan tofoaren sjoen yn alle bysûnderheden. Hy sei it fan tofoaren.
nl.verhalenbank.27241
As eksters om 'e doar hinne skatterje, dan komt der yn dat hûs in deaden.
nl.verhalenbank.22065
Oan 'e Mûzegroppewei is alris in moard gebeurd. Sytse Batema hat syn dochter de hals útsnien. De bloedplakken komme altyd wer as men prebearret se út to wiskjen.
nl.verhalenbank.27256
Op snein mat men noait naeije. Deselde dy't dêr hwat fan oan hat op syn stjerbêd, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.24432
Bloedplakken, dy't der by in moart komme, wolle der noait wer út. Dat hat ek it gefal west mei de moart oan 'e Mûzegroppewei fan Sytse Bates.
nl.verhalenbank.24436
As der ien stjerre sil, bigjint de houn to spûkgûlen. Hy hâldt de kop keard nei deselde dy't stjerre sil. Wy ha 't sels ûnderfoun mei ús famke, dêr't Piter de Graaf fan sjoen hat dat se deagean soe.
nl.verhalenbank.24421
Minsken dy't net stjerre kinne hawwe hwat op 't geweten. Dat matte se earst kwyt. As se in moart dien ha of stellen ha, dan matte se dat earst sizze.
nl.verhalenbank.22079
Op in kear doe siet Douwe Stavasius by ús. Der stie op it hiem in buorfrou mei in lyts bern op 'e earm. Hy sei tsjin har: "Ja, Janke, dû silst net lang mear mem fan dat bern wêze." Binnen trije wiken wie it bern dea.
nl.verhalenbank.27575
As der ergens in moart gebeurt, krijt men de bloedplakken der noait wer út.
nl.verhalenbank.25238
Ik molle froeger gauris. 'k Wie op in kear fan hûs, ik siet yn 'e buert fan Almelo. Dy deis hie 'k gjin sin oan moljen. It wie krekt as drukte my hwat. Der kommen in pear eksters by my, dy skatteren hyltyd om my hinne. De jouns krige ik in tillegram. Myn heit wie slim siik, ik moest thúskomme. De eksters wienen de boaden.
nl.verhalenbank.26852
Rikele Myt koe samar in geit bitsjoene. Sy struts it dier allinne mar even mei de hân oer de rêch. Dan bigoun de geit to razen en gong dea. Rikele Myt hie de kweade hân.
nl.verhalenbank.29140
It wienen meastal bern dy't bitsjoend woarden. De bern woarden syklik en dan seinen de lju: it sil wol bitsjoend wêze. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Yn Boelensloane wenne ien, mar sy gongen ek wol nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle. Dan krigen se in drankje mei en der woarde har rie jown. Fremden mochten it drankje net sjen. De tsjoensters makken...
nl.verhalenbank.36064
Jelle Tryntsje hat myn muoike deatsjoend (in suster fan myn heit). Sy kom sa nou en dan by har en dan sei se: "Hoe is 't nou mei Sjoeke?" Dan nom se Sjoeke hwat mei en sa. Doe't Sjoeke dea wie sieten der trije krânsen yn 't kessen.
nl.verhalenbank.25226