4,624 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Opende
Boardzer Bruining (soan fan Thomas Klare - sjoch Kollumersweach) wennet op 'e Houtigehage en is mei de helm geboaren. Op in nacht sei er tsjin syn wiif Duotsje: "Ik mat der wer út, ik wurd kloppe." Doe't er wer thús kom, wied er sa wyt as sûpe. "Ik haw in lykstaesje sjoen", sei er. "Der lei in plak wetter op 'e wei, dêr stapte it hynder om hinne." Deselde...
nl.verhalenbank.16131
Doe't âlde Hiske v.d. Meer noch net troud wie, gong se us mei in pear fan har kammeraetskes nei Grinzer merke ta. Doe stie dêr in tinte mei in swarte spegel der yn. "Sille wy ris sjen hwat der foar ús weilein is? sei Hiske. Doe gongen se yn 'e tinte. Mar doe't Hiske yn 'e spegel seach, krige se in deakiste to sjen. Sy wennen yn Grinzer Pein. Har mem is...
nl.verhalenbank.16134
As jo op 't stjerren lizze en foartiid yn 'e hemel komme, foardat jo dea binne, dan lit it stjerren ek net lang mear op him wachtsje. Ast forkeard giet, dan stjerre jo der samar hinne.
nl.verhalenbank.24177
Bearn van der Woude seach soms lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.26896
Hjir yn in dobbe njonken 't hûs ha se nêst in fjirtich jier ris in stim heard. 't Wie op jountiid. Dyselde yn 'e dobbe sei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ha se dêr hinne west mei lantearnen en mei leiders, hwant se wienen bang dat der ien forsûpt wie, mar sy ha net ien foun. Der is koarte tiid dêrnei al ris in jonge omtrint forsûpt. Ik en...
nl.verhalenbank.16113
Guon sjogge fantofoaren in bigraffenis. Doe't der ris ien stoarn [wie] yn 'e Pein, sei Bearn v.d. Woude: "'k Ha 't tiden fan tofoaren al sjoen." Bearn moest nachts fan bêd ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.27136
Hjir yn 'e Parken wie in djippe klyndobbe. In man fan it wurkhús sei: "Hjir forsûpt nochris ien, ik ha 't sjoen." Trije wiken letter fordronk dêr ien.
nl.verhalenbank.27137
Keapet men in skearmes of in seine of in sichte ofsa dat west hat fan ien dy't al dea is, dan is sok ark neat mear wurdich.
nl.verhalenbank.27884
Mepske van 't Faan was een grote moordenaar. Veel mensen werden door hem vermoord. Hij lokte ze in de schuur. Dan werden ze doodgemarteld.
nl.verhalenbank.37997
De bijen sjong yn 'e krystnacht. As de bijker forstjert forset men de kuorren.
nl.verhalenbank.27032
In Lukaswolde, gemeente Grotegast, woonde een frou, die zei al een dag of wat van teforen: die en die wordt dan en dan begraven. 't Kwam altijd uit. Ze was mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.37989
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
Hindrik Pikelhearring (= H. v.d. Molen) roan us mei in man op hjir yn 'e Pein. Underweis sei er tsjin dy man: "Mast even oan kant gean, der komt in lyk oan." Dy oare die dat. In koart skoftsje dêrnei wie der in lyk. Dy Hindrik Pikelhearring wie mei de helm geboaren, dy seach altyd lykstaesjes. (dy oare dat wie ús heit. Hy sei op syn Grinslâns: Moest even...
nl.verhalenbank.26919
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje. Sy kinne guon deatsjoene.
nl.verhalenbank.24128
Rudolf de Mepske fan Faan het us op in keer allemoal mensen ferbrand. Ze werden op een woagen doarheen brocht. Dat gebeurde in de herfst. Op die datum in de herfst is de lucht doar in Faan altyd noch rood. Rudolf de Mepske uit Faan heeft een keer allemaal mensen verbrand in de herfst. Op deze herfstdag is de lucht nog steeds roodgekleurd. naloop, doden,...
nl.verhalenbank.27031
Hjir wie in dobbe, en dêr woarde altyd fan sein, dat dêr noch ris in fanke yn fordrinke soe - ien hie dat ris sjoen -, mar dat is net útkom.
nl.verhalenbank.26897
Noait midden op 'e wei rinne jouns. Genôch yn 'e Pein, dy't troch in lykstaesje oan kant rêge woarden.
nl.verhalenbank.27155
Hounen mei stippen boppe de egen binne spûkgûlers. As se oan 't spûkgûlen binne komt der in deaden.
nl.verhalenbank.26300
Ien dy't hwat oan hat op it stjerbêd, dat op snein makke is, sa'n ien kin net op snein stjerre. Dy stjert op moandei.
nl.verhalenbank.23456
Jierren lyn is der yn de Pein in frou stoarn. De man hie har foar har stjerren hwat biloofd, mar dy bilofte kom er net nei. Doe kom dat minske letter hyltyd by him. Doe hat dy man de doomny der by helle en dy kom fan har to witen hwat se bigearde. De man hat dien hwat hja fan him forlangde en doe hat se dêr letter noait wer west.
nl.verhalenbank.27156