4,260 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Nijega
As der ien stoarn is en it lyk stiet in snein oer, dan is der gau wer in deade.
nl.verhalenbank.11519
Yn 't westen fan Aldegea, yn Opperbuorren, wenne in minske, dat hie har lytse bern forlern. Dy lytse bern waerden yn 'e tún bidobbe. Letter spoeken dy bern dêr om.
nl.verhalenbank.11525
Yn 'e Harkema waerd in frou formoarde. Hja hie de hannen by de wytkalke muorre fan 'e gong op. Dy sieten ûnder 't bloed. Dat bloed hat der noait wer ôf wold.
nl.verhalenbank.11506
Doe't Kristus stoar, wie alles stil en yn 'e rêst. Mar de swel fleach ôf en oan. Sa komt it dat de swellen nòch altyd almar hinne en wer fleane en gjin rêst krije kinne. Dat is har straf.
nl.verhalenbank.20213
As der in ekster by hûs komt (swart mei wyt) komt der in roubrief. De ekster is de foarboade op it hiem.
nl.verhalenbank.11523
Der dounsen foarhinne ek wol neakene berntsjes om 'e skuorrestilen hinne, dy't in bigearte hienen.
nl.verhalenbank.11487
Doe't Kristus stoar, wie alles stil yn 'e natuer. Omdat se allegearre treurden. Allinne de popelier ritsele. Sûnt dy tiid kenne de popelieren gjin rêst. Sy matte altyd ritselje, as is 't ek nòch sa stil.
nl.verhalenbank.20211
By Waterloo ha se tige fochten. Dêr is in slach levere. In soad soldaten binne dêr sneuvele. It wie dêr allegearre bloed op it fjild. Letter ha se op dat slachfjild beantsjes forboud. Mar doe't se se út 'e pûlen hellen, sieten der op dy beantsjes allegear it beeld fan in soldaetsje. Dat wie fan 'e soldaten, dy't dêr sneuvele wienen. Sokke beantsjes hat...
nl.verhalenbank.20207
Der wie in man dy woe wite of it koe, dat wetter yn wyn foroare woarde. Hy hie wetter foar him stean. It wie krysttiid. To middernacht, om tolve ûre krige er antwurd: Heden is het water wijn, maar nu neemt het leven een eind. Doe't se by him kommen wie de man overleden.
nl.verhalenbank.11546
Der wie in baron, dy liet in hekke meitsje fan kaken fan in walfisk. Dy hekke bleau ek noait ticht. Dat kom der fan, dy kaken wienen net dea. Dy biweegden noch, der siet noch libben yn.
nl.verhalenbank.12541
Guon dy't ûnforwacht stjerre sille ha fan tofoaren, as se noch libje, al libbenen dierkes by har. It binne hiele ljochte sulverbeestjes, hwat greater as in groatkerl. It binne de leedbringers. Ik ha 't sels wol sjoen.
nl.verhalenbank.11548
Wiegezang zonder einde. Te Nijega woonde in den overouden tijd eene vrouw, die zich aan den duivel had verkocht onder voorwaarde, dat zij hem, als hij haar kwam halen, een kunststuk ter uitvoering zoude opleggen. Kon hij dan dat werk niet volbrengen, dan was zij vrij. Toen de booze op den bepaalden tijd kwam, zat de vrouw haar kind te wiegen. Hij maande...
nl.verhalenbank.57816
Yn 'e feart, tichte by de Nyegeaster tsjerke hat ús mem ris sjoen dat dêr in manspersoan fordrinke moast. Hy hie in horloazje mei keatling op 't boarst.
nl.verhalenbank.11500
Ik en myn dochter dy't op 'e Tike wennet stienen ris by ús yn 't bûthús. Doe seagen wy ynienen allebeide ien fan 'e stâllen leech, dêr't oars in grouwe koe stie. It ketting en 't lear leinen der allinne mar. Wy wisten net hwat wy seagen. Mar fuort dêrnei stie de koe der wer en wie alles wer as tofoaren. Mar in jier letter kaem dy koe to forstjerren. Der...
nl.verhalenbank.11501
Op 'e Sumarreheide forskynde altomets in neaken berntsje by lju yn 'e groppe. In man, dy't dêr net wenne, seach it op in kear mei ljocht-moanne-waer. De heit hie it berntsje gjin bierklean jown, doe't it stoarn wie. Nou koe it berntsje de rêst net fine.
nl.verhalenbank.11486
Der wie ris in frou, dy har man wie frijmitselder. Sy woe har man dêr by wei ha. Dêrom gong se nei it gebou ta. Hja waerd der ynlitten en roan in gong troch en kaem yn in keammerke. Dêr die hja to witen hwat har bigear wie. Doe blyndoeken se har en dêrnei brochten se har fierder it gebou yn. Sy mocht neat sjen. Sy wist net, hwer't se lâns gong, mar sy hie...
nl.verhalenbank.11488
Lykstaasjes Op Sumarreheide wenne in frou, Antsje, dy seach foar. Doe wie der in jongkeardel, dy sei: 'No Antsje, is der ek wat nijs op 'e buert?' Se sei: 'Ja, der komt nijs. Dû en ik komme op 'e selde begraffenis. En moatst hjir mar om tinke—ast foar it gat fan 'e hage stieste, dan sil ik dy wol even taknikke'. No, doe waard er al in bytsje kjel. En it...
nl.verhalenbank.12967
Om 'e sawn jier wurdt der ien de nekke omdraeid. Der sitte gjin glêzen yn 'e gebouwen, dêr't se yn byelkoar komme. Der wie ris in byienkomst fan frijmitselders yn Ljouwert. Dêr wie in net-frijmitselder stil by ynslûpt. Hy stie achter in gerdyn. Hy woe wite hwat der gebeure soe. Doe sei ynienen ien út it selskip: "Der binne in pear egen to folle. Fuort...
nl.verhalenbank.11491
Der wie in faem, dy har feint wie stoarn. Dêr koe sa min oerhinne komme. Yn 'e nacht gong se faek nei it tsjerkhôf ta nei syn graef. Dat moest se stikem dwaen, hwant har âlders woenen net lije dat sy der hinne gong. Dêrom die se it by nacht. Op in kear wie se der wer hinne gong. It wie och sok min waer en it waeite dat it sikke. Hja hie in greate...
nl.verhalenbank.17576
Foarboaden fan'e dea: a. Spûkgûlen fan in houn: binnen 3 dagen in deade. b. Ekster op it hiem (= in swart mei wyt - boade): in roubrief. c. Deatikkerke (soms yn 'e strikken fan 't earizerhuodtsje), ek in foarboade fan 'e dea. d. As der ûle ropt. e. Trije drippen bloed, dy 't út 'e noas fallen. f. As it hynder ûnderweis nei 't hôf ta mei de achterste poat...
nl.verhalenbank.23372