4,408 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Buitenpost
To Sweagerbosk wenne in man dy moest der nachts hiel faek út. Op in kear moest hy der ek wer út. Doe wie de twadde man fan Thomas Klare forstoarn, dy hiet fan Fedde. Fedde en Klare wennen doe yn Sweagerbosk. Tusken eigen hûs en sterfhûs seach de man de lykstaesje fan Fedde. Guon binne him achternei gong. Doe seagen se dat alle hekken foar him iepengongen....
nl.verhalenbank.16499
Der roan in man yn 'e nacht op Feansterheide. Ynienen sjocht er ien oankommen. "Joun", sei de earste, mar de oare sei neat werom. De earste sei noch us fan "joun", mar wer krige er gjin antwurd. Doe seach er in lykstaesje oankommen. Dy man hie dêr de foarboade fan west.
nl.verhalenbank.16508
To Kollumersweach wenne in arbeider, dy moest alles sjen. Nachts gong er wit hoe faek út it bêd en der op út. Dan roan er as in hazze en hy switte as in oandrager. Hy roan gewoan troch de hekken hinne. Dy gongen fansels foar him iepen. Yn in sucht wied er op it plak dêr't er wêze moest, krekt as fleach er. Dan seach er de lykstaesje. Hy wist altyd hwa't...
nl.verhalenbank.16507
Bloed fan in moard ofkomstich wol net wer út 'e planken wei. Dat sei beppe altyd.
nl.verhalenbank.36158
Njonken ús yn 'e Westerein wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Op in kear sei se tsjin ús mem: "Der komt ien fan ús jonges to forstjerren. Ik ha de kiste fannacht stean sjoen. Hy koe net op it plak stean dêr't er hearde, dan koenen se de swaei net krije, dat hy stie yn in forkearde hoeke yn 'e keamer. Ik ha der fannacht twakear út west. Beide...
nl.verhalenbank.16509
Der hat in man yn 'e Westerein west, dy woe neat fan 'e trein wite. Hy sei: "Ik sil him keare." Doe gong hy der mei in kroade foar stean. Sa is er dea rekke.
nl.verhalenbank.36309
In wearwolf is in man dy't alles forskuort. Ien fan sawn bruorren dy't op elkoar folgje is in wearwolf. De wearwolf makket alles dea as er de kâns kriget. Men mat him sokke tiden hwat tasmite: in doek of in bal ofsa, dêr't er de tosken yn sette kin.
nl.verhalenbank.36156
Pibe Hindrikje wenne njonken ús. Dat wie ek in âld tsjoenster. Wy binne dêr ris trije geiten kwyt rekke, dy wienen samar dea. Japik hie se de foarige deis noch molken en de oare deis leinen se dea op 'e stâl. Dy wienen bitsjoend.
nl.verhalenbank.16527
As bern en greaten net meikrigen yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hienen, dan kommen se werom om dat op to easkjen.
nl.verhalenbank.16532
Tsjoensters krije gjin fâlden om 'e kop. En as har hwat skeelt binne se samar wer genezen. Hwant dan tsjoene se gau even ien dea.
nl.verhalenbank.16530
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien dea tsjoene, oars redt de duvel mei har.
nl.verhalenbank.22972
Knjillis Veenstra (Minke Knjillis) fan Sweagerbosk wie mei de helm geboaren. Dy moest alle begraffenissen foarút sjen. Dêr siet in drang achter. Hy hat de bigraffenis fan syn eigen dochter ek sjoen.
nl.verhalenbank.36302
Myn suster hie in jonkje yn 't stêdssikenhûs yn Ljouwert to lizzen. Dat wie tige min. Myn suster wenne sels ek yn Ljouwert. Doe krigen se biricht dat de tastân fan it bern krityk wie. Myn swager wie hastich en sei tsjin myn suster: "Toe, dû mast oanmeitsje. Wy matte der hinne foardat it to let is." Mar myn suster sei kalm: "It hoeft net mear, hwant ús...
nl.verhalenbank.36139
It gebeurde wol, fortelde beppe, dat lju dy't stoarn wienen, weromkommen, as de minsken har net hâldden oan 'e bilofte dy't se sokken by har leven dien hienen. Dan moest der in dûmny by komme om sa'n forstoarne to freegjen hwat er winske.
nl.verhalenbank.19482
Op in kear sei ús mem: "Der komt in lyk oan út Dokkum wei oer it wetter. Se fine it aenst yn 'e buert fan Ljouwert. Ik sjoch it spielen." In ûre letter founen se in lyk yn 'e Bonkefeart. 't Wie it lyk fan in geestlik gestoarde, fan Dokkum ôfkomstich.
nl.verhalenbank.36305
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
nl.verhalenbank.19456
Ekstergeskatter is in foarboade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.19999
As de houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22851
Heit en mem hienen twillingen. It iene berntsje woarde siik, doe wie 't njoggen maenden âld. It stoar en sy brochten it nei 't hôf ta. Doe sei heit: "It oare berntsje hâlde wy ek net. Ik ha 't al yn 't kistje lizzen sjoen." Doe't se weromkommen fan 't tsjerkhôf wie 't oare berntsje ek dea. Heit en mem wennen doe yn 'e Twizeler Mieden.
nl.verhalenbank.36140
oan 'e Lytse Wei tusken Harkema en Droegeham is us in frou formoarde woarn. Doe is der in krús samar fansels yn in beam kom, dêr flakby oan 'e wei.
nl.verhalenbank.22963