4,360 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Surhuisterveen
Douwe Stavasius fan Grinzer Pein seach lykstaesjes. Boardzer Bruining fan Boelensloane ek. Dy leeft noch. Men mat noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin us in lykstaesje oankomme, sûnder dat men it sjocht. Dan wurde jo fan 'e wei ôfsmiten.
nl.verhalenbank.25234
Myn man hat murdefanger west. Op in kear wie Piter de Graaf mei myn man to murdejeijen. Sy wienen yn 'e Kompenije op in âld reedtsje. Doe sei Piter tsjin myn man: "Wolst even oan kant gean?" "Hwerom mat ik oan kant?" sei myn man. "Gean even oan kant," sei Piter, "hwant der komt in lykstaesje oan." "Och, rin hinne", sei myn man. Mar hy wie even mei Piter...
nl.verhalenbank.24425
Op in kear sei Piter de Graaf syn frou: "Us berntsje mat nou binnenkoart nei skoalle ta. Wy matte hwat klean foar har keapje." Piter sei: "Dat hat noch wol tiid, dêr kinne wy noch wol hwat mei wachtsje." De deis dat it bern nei skoalle soe, brochten se har nei 't hôf ta. Dat hie Piter fan tofoaren al sjoen. Dêrom hied er sein: "Dat hat noch wol tiid."
nl.verhalenbank.24253
Myn buorman wie Piter de Graaf. Dy leeft noch. Hy wennet nou yn it wurkhûs yn Grinzer Pein. Hy wie mei de helm geboaren. Hwat dy ús allegear wol net forteld hat! Hy seach alles fan tofoaren. Op in moarn kom ik by harren. "Hoe is 't mei 't famke?" frege syn frou. Wy hienen in famke, dat sukkele. 't Bern wie geestlik ek net hielendal goed. Ik sei: "Och, wol...
nl.verhalenbank.24252
To Gerkeskleaster op 't fallaet hearden guon alris sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Doe is der ien oanriden kom op redens en dy is yn in wek riden en fordronken.
nl.verhalenbank.27571
Heit hie in mot mei biggen. (Stammerige Harm wie in swager fan heit. Mem wie in healsuster fan Harm syn wiif. Sadwaende moest ik omke sizze tsjin Harm. Mar o, it wie sa'n stjonkert!) Hy kom by ús heit om nei de biggen to sjen. Hy sei tsjin heit: "Dêr mat ik in pear biggen fan ha." Hy woe der twa fan keapje. "Goed", sei heit. Harm hie in stok by him. Mei...
nl.verhalenbank.19887
As de klok raer let, komt der mei gauwens ien op 't hôf. Dat is ek it gefal, as der in houn bigjint to spûkgûlen.
nl.verhalenbank.19878
Hjir flak by op it Ketting is in lyts loantsje. Dêr kommen de âldere minsken noait del. Sy wienen dêr bang foar, hwant it doogde dêr net. In sekere feint, dy't by syn mem yn wenne, kom ris út 'e kroech. Smook hiet er. "As der dan in duvel is," hied er sein, "dan mei 'k him sjen en dan mei er my de kop omdraeije." 't Wie in opskepper en in nuveren. Hy wie...
nl.verhalenbank.26845
Beppe werkte in bult yn 't werkhûs yn Grinzer Pein. Hja hie fan tofoaren al in pear kear sjoen dat der ien nei 't wetter ta gong. Dat wie in djip baggelgat. De gedaente dy't dêr hinne gong wie ljocht yn 'e klean. Op in kear kom beppe wer by 't werkhûs, doe wie dêr in man fuort. Hy wie net to finen. Hy wie yn 'e ûnderklean fuort gong, hwant de boppeklean...
nl.verhalenbank.25223
De kears op it bêdsbuordtsje. Der wie us ien, dy hie in kontrakt mei de duvel sluten. Doe't syn jierren om wienen, kom de duvel om him to heljen. It wie by nacht en de man frege de duvel of er salang geduld dwaen woe, dat er earst de kears oanstekke mocht, dy't op it bêdsbuordtsje stie. Dat stie de duvel ta. Mar de man nimt de kears en smyt him yn in...
nl.verhalenbank.20994
As ik oer hynders droom komt der altyd in sterfgefal yn ús famylje. Hwat kalmer as dy hynders binne, hwat langer it duorret mei sa'n sterfgefal. As de hynders wyld binne komt sa'n sterfgefal hiel gau. Dan komme de hynders wyld op my ta. 't Komt altyd út.
nl.verhalenbank.24258
It Langpaed rint fan Readskuorre nei de Surhuzumer tsjerke. Dêr kuijeren altyd twa wite wiven. Dy spoeken dêr. Froeger woarden de minsken warskôge: "Tink der om, gean dêr net lâns." Dêr mat us in bigraffenis lâns kom wêze. De wein mei kiste en alles is doe yn 'e sleat rekke.
nl.verhalenbank.22060
Even bisuden Ljouwert stiet in greate plaets, dat is it Barrahûs. Dêr stiet it beeld fan in soldaet op it hiem. In keardel fortelde my us hoe't dy dêr kom is. Op in joun hie der in soldaet by de boer oankloppe, dy frege om ûnderdak foar de nacht. Dat hie de boer goed foun. In skoft letter hienen der nòch twa frege om ûnderdak, dat wienen in man en in...
nl.verhalenbank.27041
By Albert Land fan 'e Harkema wienen sawn dochters. Der wurdt altyd sein, as der sawn famkes binne, kriget ien dêrfan gjin bern. Mar dizzen hienen allegear bern. Mar der wie al ien by - dy leeft noch - dy mat nachts altyd út bêd. Dan mat se lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.22055
Stammerige Harm syn mem hie in winkeltsje. Op in joun sieten se dêr meielkoar oan 'e kofje. Doe sei 't minske ynienen: "Nou is 't aanst myn tiid." "Hoe dat sa?" sei ien fan 'e oaren. Guon makken der in grapke fan. Ien sei: "Ast it liichste, mast de stok oer de bealch ha." Klokslach tolwe ûre yn 'e nacht die 't minske noch ien snok en doe wie se dea. Sy...
nl.verhalenbank.19889
Skoanheit lei mei kanker op bêd. Hy wie o sa siik. It roan om 't lêste. Doe kloppe der ien bûten op 't glês. Dy sei: "De dood." Doe't se nei bûten gongen om to sjen, wie der net ien. Even letter wie skoanheit wei.
nl.verhalenbank.19885
Myn broer Marten hat us in kear in lykstaesje sjoen. It wie op in joun yn Twizelerheide. Hy gong by dy lykstaesje lâns. Alle minsken dy't achter it lyk oan roannen koed er wol. It wie in man dy't stoarn wie. In skoftsje letter is dy man werklik stoarn. Dat gebeurde sa'n sechstich jier lyn.
nl.verhalenbank.19879
Der wie in faem, dy wenne by de boer. Dy sei op in kear: "'k Wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek." De jouns dan ite se. As dat op is, meitsje se de tafel skjin. Dan komt der ien by de doar. It is de duvel. Hy giet by de oaren sitten. Dan seit de boer tomûk tsjin 'e faem: "Witst wol hwa't it is?" "Né", seit se. "Dy man hat ien goeije skonk en ien...
nl.verhalenbank.22215
Myn suster hie in dochter, dat wie Jitske Spoelstra. Dy troude mei in herfoarme dûmny. Sy wie in jong frommes, hy in âld keardel. Sy wennen yn Hollân. Sy soenen op in kear nei myn suster op 'e Houtigehage ta to jierdeifieren. Sy wienen togearre op it Amelân. Hy smiet har yn 'e sé. Dêr hat er har krekt salang achternei sitten en har holle ûnder wetter...
nl.verhalenbank.22216
Heit en dy wennen op 'e Fjouwer Roeden. Sy hienen in jonkje, dat woarde siik. Sy woenen nei Greate Wopke ta to Kûkherne. Mar sy koenen it wetter fan it bern net meinimme, dêr wie 't noch to lyts ta. Doe nom heit it himdtsje fan 't jonkje mei. "Wite jo ried?" sei heit tsjin Wopke. Hy liet Wopke 't himdtsje sjen. Wopke biseach it en sei: "Der komt wolris in...
nl.verhalenbank.22161