Pake fan memme kant wenne oan 'e Heidereed. De earste nacht doe't er dêr wenne, gebeurde der hwat. Hy sei de oare moarns: "Wy kinne hjir wolris hwat bileve. Ik bin hjir fannacht mei de hân tsjin in deakiste oanskaefd, dy't hjir yn 'e keamer stie."
Itselde jier hat er syn frou forlern. Hja mat sa'n 40 jier west ha. It is sahwat yn 1873 gebeurd. Us mem wie...
nl.verhalenbank.31892
As Hearke Ophuis fan 'e Harkema by 't fé kom, dan woarde dat siik. Hy struts it fé mei de hân oer de bealch. Dan bigongen se to sukkeljen en stoaren.
Hy hie de kweade hân. Syn eigen bern hienen 't himd achterstofoar oan. De famkes hienen roggekerrels yn 'e klean binaeid. Rogge is heilich.
Se dienen yn 'e Harkema wol brea yn 'e kaeisgatten fanwege de...
nl.verhalenbank.20236
Tsjerk van der Veen yn 'e Harkema syn wiif Gjetsje lei op it stjerbêd. Mar sy koe mar net stjerre. Doe gong Tsjerk nei of der ek hwat wie. Doe die it bliken, dat Gjetsje de sinten fan it kloklieden (Tsjerk wie kloklieder) fordien hie foar boadskippen. Dat moest earst wer foarinoar. It wienen twa gounen. Tsjerk sei: "Ik ha se net." Mar harren soan Marten...
nl.verhalenbank.20234
In âld man yn Sumar hearde yn 'e nacht in houn spûkgûlen foar in doar. Hy sei: "Hjir stjert yn 't koart ien." Dat wie ek útkom.
nl.verhalenbank.25628
Hjir op 'e heide wennen wol minsken dy't fan tofoaren al wisten dat der gau ien nei 't hôf ta brocht wurde soe.
Se seagen dan fan tofoaren de lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.31482
Yn 'e Burgumerheide wenne in mantsje mei in hiel brike romp. Dyselde krige altyd jild fan 'e frijmitselders. Hy hie dan foar de nacht in lege ponge oan 'e doar hingjen. De oare moarns siet der jild yn. Hy hie him oan 'e frijmitselers forkocht, omt er sa'n raer bistek hie. Doe't er stoar hat de duvel him ophelle. Sy ha him doe útelkoar snien.
De...
nl.verhalenbank.20273
Der wenne hjir in sikere Spinder, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf om nei lykstaesjes to sjen. Hy seach ek oare dingen. Hjir wienen twa mannen dy krigen hevige rúzje om in reed. Doe moesten se foar 't kantongerjocht komme. Mar de iene liichde mear as de oare. Doe hat men Spinder der by roppen, omt dy heldersjende wie. Dy fortelde...
nl.verhalenbank.31792
Paulus en Klas wennen yn 'e Sumarrebuorren. Paulus liet in pear skuon nei mei sulveren gaspen. Foar syn dea liet er Klas bilove, dy mochten net forkocht wurde. Mar Klas rekke sa yn 'e earmoede, dat hja die it al. Doe oppenearre Paulus him letter hyltyd. Klas hat der doe foar soarge dat de skuon der wer kamen.
nl.verhalenbank.21369
Lytse Wibe (Wibe Paulusma fan Sumar) wie fisker op 'e Burgumer Mar. Op in joun, doe wied er sahwat by Winterswyk (by de B.mar) kaem syn mem samar ynienen by him yn 'e skou. Doe wie hja al lang dea. Wibe doarst letter net wer nei de mar ta to fiskjen.
nl.verhalenbank.21368
Janke fan Romke-om (Romke Skyt) en Trynmoai tsjinne yn Drachten. Hja rekke dêr yn forwachting. Hja moest in bern ha fan in joad Van Leer út 'e Hounestege.
Op in middei wienen Mart en hja op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe sei se: "Hark, dêr liede de klokken al."
"De klokken?" sei Mart, "ik hear neat."
"Ja," sei se, "de klokken. Dy liede al dat se my strak...
nl.verhalenbank.21360
Op in kear - 't wie de jouns let - kom ik thús fan 'e sjongforiening. Ik moest earst even nei de W.C., dy wie by de skuorre. Doe seach ik Nero dêr ús houn. Nero wie myn greatste freon altyd, mar doe't ik him op dat stuit seach, woarde ik deabinaud. Hy kom by my mei de sturt tusken de poaten. Ik doarst net nei him to sjen, sa bang wie 'k. Ik smiet de doar...
nl.verhalenbank.32915
Alde Antsje fan Sumarreheide, widdou fan Folkert Hountsje (= van der Wal) hie sjoen dat Paulus, in broer fan Folkert, fordrinke soe. Doe't it dan echt gebeurde en hja hearde dat der ien forsûpt wie, sei se: "Dan sil dat ús Paulus wol wêze."
nl.verhalenbank.31895
Der wenne op 'e Sumarreheide in frou, dy gong der deis altyd op út to arbeidzjen. Dan bleauwen har beide famkes togearre thús. As se fuort gong, dan gongen de beide famkes nei de skuorre ta. Dêr kommen altyd twa oare famkes by har, dêr't se mei boarten. Dy beide famkes hienen gjin klean oan en dânsen om in stile yn 'e skuorre hinne. Op in kear fortelden...
nl.verhalenbank.12242
By de Swadde yn Twizelerheide wenne âlde Lamke. Dat wie in tsjoenster. Sy hat in bern fan myn omke Jan de Hoop bitsjoend. Dat bern is stoarn.
Dy Lamke koe har foroarje yn in kat. Op in kear hat omke in fremde kat us in goed terwinkel jown. Doe wie Lamke de oare deis alhiel bont en blau.
nl.verhalenbank.20342
Sjoerd Dykstra wie koedriuwer. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf. Dan seach er lykstaesjes. De gewoane minsken koenen dat net sjen. As sa'n helm net forbrând wurdt by de geboarte, dan matte se 't altyd sjen. Forbrânne se de helm, dan net.
nl.verhalenbank.24642
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot.
Der siet...
nl.verhalenbank.25637
Yn Burgumerheide hienen wy in buorfrou, dat wie in tsjoenster. Sy wie út 'e famylje fan Liuwe Kûper. Sy koe har sels yn in kat foroarje. Soms hâldden dy tsjoensters in forgadering. Dan wienen it katten. Yn fjirtich jier moesten se ien deatsjoene. As se dat net dienen, dan stoaren se sels. Sy hienen in forboun mei de duvel.
nl.verhalenbank.20267
By 't winter mat it ris gebeurd wêze dat der minsken by elkoar stienen op it iis. Dy hearden in stim sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Dy stim kaem út in wek wei. Efkes letter kaem der ien oanriden en dy ried pardoes op it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31626
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde."
Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt."
It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea.
De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791
De Susterwei rint fan Garyp nei Sigerswâld ta. Dêr binne yndertiid trije susters formoarde.
Age Bergsma wie sa'n 20 jier âld, doe roun er op in joun let fan Sigerswâld nei de heide ta. Hy seach in kear om en doe kamen der 3 neakene froulju fan achteren op him yn. Doe bigoun Age to rinnen sa hurd er koe. Hwant hy waerd deabinaud. Mar dy froulju koenen noch...
nl.verhalenbank.32066