4,448 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Sumar
As ien hwat oan hie, dêr't op snein oan naeid wie en hy lei op syn stjerbêd, dan koe der soms net stjerre. Men gong wol hinne en skuor dat wer stikken, dan stoar dyselde fredich.
nl.verhalenbank.12262
Oan 't kloklieden by in bigraffenis koe men hearre of der mei koarten wèr in sterfgefal komme soe. Datselde koe men ek fan in houn gewaer wurde. Dy spûkgûlde dan.
nl.verhalenbank.31493
Guon ha op 'e Wide Pet ûnder Surhústerfean in stem heard. 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Der waerd roppen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Letter is der yn 'e Bouke-wyk oer iis in faem fordronken.
nl.verhalenbank.20214
Yn Suwâld wenne in frommeske, dat wie in muoike fan Antsje Kak fan Garyp. Dat frommeske wie in raren-ien. Sy wie ek bot oan 'e drank. Op in moarn ha se har dea foun mei de nekke omdraeid. Dat hie de boaze dien fanwege har rare streken.
nl.verhalenbank.20275
Op 'e Tike wenne Anne Tiekstra, dy wie mei de helm geboaren. Hy moest bigraffenissen fan tofoaren sjen. Tichteby wie in dobbe. "Hjir sil nochris in bern yn dizze dobbe fordrinke", sei er. Dat hie er sjoen.
nl.verhalenbank.31635
Piter Poes, de bikinde duvelbander fan Sumarreheide hat himsels ophong oan in bjirkebeam.
nl.verhalenbank.32276
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481
Oan 'e Simmerdyk yn Burgum wenne Jan Kikkert. Dy hat syn wiif Ael mei in skearmes de hals útsnien. It wie op 'e telle allegear bloed. Dat bloed ha se der noait wei krije kind. Dat sit der nòch.
nl.verhalenbank.20283
Piter Poes wie in echte duvelbanner, dat wie syn birop. Hy hie macht oer de minsken. Hy wie oarspronkelik net fan Sumarreheide, hy kaem de Liphústerkant út wei. Hy hat wenne oan 'e âlde tramwei yn it hûs dêr't nou Piter Mudstra wennet en, efkes neijer yn 't hûs dêr't Geart de Haan yn wenne hat. Hy hat him yn 'e Bosk ophong oan in bjirkebeam.
nl.verhalenbank.32057
Der stienen op in moarne bitiid us trije man oan 'e kant fan 't wetter. Doe hearden se in stem: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Doe is dêr dyselde deis ien forsûpt. Hwer't it gebeurde, wyt ik net mear.
nl.verhalenbank.20255
Ik ha wol minsken yn Burgumerheide kend, dy woarden oan kant set, doe't der in ûnsichtbere lykstaesje oan kom.
nl.verhalenbank.20269
Us pake seach ris in bigraffenis foar him. Dy wie sahwat in meter boppe de groun. Dy sweefde.
nl.verhalenbank.32280
De smid spoeket út leafdefertriet 'Der wie in smid, in smidssoan of in smidsfeint, yn Earnewâld, en dy woe graach mei in fanke, ek út Earnewâld. En oft dat net mocht, of dat it fan ien fan beide kanten net lokke woe—soks sit der al wat yn. Ik leau dat se wol seinen, dat it neat wurde koe mei de ferkearing en dat de faam it útmakke hat. Yn alle gefal, hy...
nl.verhalenbank.13663
Myn pake Tamme hat wenne yn in hûs, dat [op] in kampke lân achter dat fan myn broer Tamme stie op 'e Gariperheide (it wurdt altyd by Sumarreheide rekkene). Pake wenne dêr mei twa soannen: Jelle en Binne, dy't doe noch net troud wienen. Op in joun kaem Binne let thús. Hy sei tsjin Jelle: "Dêr hie 'k in nuvere moeting nyskes. Dêr kaem my in lykstaesje yn 'e...
nl.verhalenbank.31894
Lytse Kjille wenne op 'e Gerdyk. Hja wie kaertlizter. Heit en Piter-om ha ris nei har ta west. Hwat se heit fortelde is allegear neikom. Mar hwat se fan Piter-om sei, dat wienen allegear nuvere forhaeltsjes. It wie krekt, sei heit, as woe se net sizze hwat se sizze moest. Tuskentiden wie se hyltyd stil. Koarte tiid dêrnei woarde Piter-om formoarde.
nl.verhalenbank.36268
Koarte tiid foardat Piter-om formoarde wie, útfanhûze er in pear nachten by heit en dy. Doe kom er in kear yn 'e hûs, doe hie er krekt nei 't hûske ta west. Hy sei: wylst ik op 't hûske siet, hearde ik hyltyd dat der kreune woarde. "Nou," sei heit, "dan wol 'k dêr ek ris hinne." Heit der hinne, mar dy hearde neat. Doe Piter-om der wer hinne. Dy hie 't...
nl.verhalenbank.36240
Der wie in man, dy hie skuon mei echte sulveren gaspen. Dy gaspen hied er ien biloofd, as er kom to forstjerren. Mar dyselde krige se net. In oaren ien krige se. Doe hie de deade gjin rêst. Hyltyd kom er to spoekjen by deselde, dy't de gaspen hie. Doe hellen se de dûmny derby. Dy spruts it spoek oan. Doe fortelde er, hwerom er gjin rêst fine koe. De...
nl.verhalenbank.12241
Froeger gong ús famylje faek to meanen nei de Earnewarren. Op in simmer wie pake Tamme mei twa fan syn jonges Binne en Jelle dêr yn 'e blaugerzen by de Krúswetters. Jelle hie even nei hûs west om hwat op to heljen en kaem de oare moarns bitiid werom. "Hoe is 't hjir?" frege Jelle-om. "Wol goed, jonge," sei Binne-om, "mar 't wurdt mei de âld man minder....
nl.verhalenbank.31896
Op in kear sahwat om tolve ûre hinne yn 'e nacht kommen ik en myn wiif Tsjits us by it plak lâns, dêr't nou it nije tsjerkhôf yn 'e Harkema is. Dêr wie doe in reed en dêr seagen wy 2 lytse berntsjes, dy't elkoar by de hân beet hienen. Ik ha myn wiif dêr wei lutsen, hwant dy koe allinne net in stap mear forsette. De berntsjes gongen de reed del.
nl.verhalenbank.20227
As de eksters op it hûs kommen, dan kom der in sterfgefal. Dêr wie ús mem deabinaud foar. Ek as in houn spûkgûlt en as de katûl ropt. En ek as de klok deadsk lette.
nl.verhalenbank.24509