Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: beschermen Place of Narration: Drachten
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
Ik hearde al us in kear in forhael oer in pleachbeest. Dat fortelde my it minske sels, dy't it oerkom wie. It wie in pûrbêst minske, sa earlik as goud en dêr soe har net in ûnwier wurd oer de lippen komme. Hja wie boerefaem. Hja tsjinne yn Houtigehage by in boer dy hiet fan Sytse de Boer. Har mem wenne yn Oerterp. Dêr kaem dy faem wei. De boer hie in...
nl.verhalenbank.24664
Heit fortelde us, dat der roan wol us in jonge mei him op nei 't wurk ta. Op in kear hie dy jonge ek wer mei him roan, doe hie dy jonge ynienen in freeslike pine krigen. Hy sei: "Ik gean werom." Heit woe wite, hwerom. Doe sei dy jonge: "Ik ha myn duveldrek net by my. En as ik dat net by my ha, dan bin 'k forlegen fan 'e pine."
nl.verhalenbank.33318
Ik wurke yn 'e Noard-Oastpolder. Dêr wie ek in man, dy hiet fan Majoor. Dy fortelde ús ris in kear, dat hy hie droomd, dat hy hie sjoen, dat in skipper syn famke neisprong dy't oer board fallen wie en dat se doe beide forsûpt wienen. De oare deis krige er biricht fan syn famylje, dat syn skoansoan, dy't skipper wie, dy wie syn famke nei sprong doe't dy...
nl.verhalenbank.30884
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde." Mar de man sei: "'t Falt hwat ta." Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove. Sy hienen har forskûle...
nl.verhalenbank.19967
Twa arbeiders dy wennen by in boer. Dy hienen dêr al jierren wenne. Op in kear wie de boer nei stêd en doe bisluten se him to bistellen as er werom kom. Sy forburgen har ûnder 'e brêge en wachten him sa op. Hja hienen it moardark klear. Hja seagen him yn 'e fierte al oankommen. Mar doe't er tichter by har wie hied er oan elke kant ien rinnen. Doe doarsten...
nl.verhalenbank.21165
In hin as hoedingel De broer fan 'e foarige ferteller is oan it wurd: Dat ferhaal haw ik hiel oars heard. Nei't my foarstiet ha 'k it fan Johannes Dykstra fan Eastermar. Der wenne in dominy mei in hûshâldster. En doe op in jûne, it wie al tsjuster, kaam der berjocht — wa't it berjocht die wit ik net — mar der kaam ien te sizzen, dat der lei in frou op...
nl.verhalenbank.11465
In hûn as hoedingel Der wie ris in dominy, dy koe ôfgryslik preekje en hy sei it de minsken tige oan. Dêr mochten party net oer: dy koenen de wierheid net ferneare en krigen it grau op him yn. Lykwols, se koenen lang net tsjin him op. En doe boaze dat oan, sa slim, dat der wienen guon, dy woenen him wat dwaan. Dominy hearde dêr wol ris wat fan grútsjen,...
nl.verhalenbank.11464
Der wie is in man, dy hie de pik yn op 'e doomny, omt dy it evangeelje forkundige. Hy moest dêr neat fan ha en hy nom it bislút, hy soe de doomny deameitsje. Doe liet er in boadskip yn 'e nacht nei doomny bringe dat dêr en dêr, ergens op in iensum sté, dêr lei ien op stjerren en dy hie bigeard mei doomny to praten. Doomny lei al op bêd, mar hy kom der gau...
nl.verhalenbank.23514
Tusken Boksum en Blessum wie in binnenpaed mei allegear houtsjes, dy't oer sleatten leinen. Dêr earne stie ek de plaets fan in sekere boer Miedema. Dy boer stie bikend as in from en rjochtskepen man. Op in kear wie der skoalleforgadering fan 'e Kristlike skoalle yn Boksum. Miedema wie bistjûrslid en wie dêr ek oanwêzich. It woarde nochal let dy jouns...
nl.verhalenbank.33712
35