Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
By it Bomkleaster yn 'e buert, dêr ha jy de Skalkepaden, dwars troch de lannen hinne. Dêr spoeke in great wyt frommes.
nl.verhalenbank.27231
't Wie yn 'e oarloch. Greate Pier wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy moest by Greate Pier wêze. "Witte jo hwer't er wennet?" frege er.
Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en sei: "Dêr wennet er, hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37977
Ik molle froeger gauris. 'k Wie op in kear fan hûs, ik siet yn 'e buert fan Almelo. Dy deis hie 'k gjin sin oan moljen. It wie krekt as drukte my hwat.
Der kommen in pear eksters by my, dy skatteren hyltyd om my hinne. De jouns krige ik in tillegram. Myn heit wie slim siik, ik moest thúskomme. De eksters wienen de boaden.
nl.verhalenbank.26852
Der sit in monster yn 't wetter. Dêrom mat men by 't donker noait to ticht by 't wetter lâns. Hwant dat lûkt. Dan kin men samar fordrinke.
nl.verhalenbank.26846
Sterke Hearke wie tige sterk. Hy holp de slachters wolris. Harm Thys-jonges fan Surhústerfean wienen slachters. Sterke Hearke moest in dikke bolle by har bringe. Dy stie op stâl en wie frijhwat wyld.
Hearke gong der hinne en makke de bolle los. Doe die de bolle in rare slach en smiet Hearke om.
Hearke sei: "Stil, beestje." Doe hie Hearke him wol sa goed...
nl.verhalenbank.25397
In wikseldaelder krigen se fan 'e duvel. Dy groeide altyd wer oan. Se moesten oppasse dat se him noait hielendal útjoegen.
nl.verhalenbank.36076
In tsjoenster wie meastal in âld-minske. Janne Luts wie yn myn bernetiid in tsjoenster yn 'e Boelensloane. Sy brocht altyd hwat by ús, dat moesten wy opite, mar dat doarsten wy net heal to dwaen.
In tsjoenster foroare har faek yn in kat. Op in kear hie yn 'e Boelensloane in man in fremde swarte kat by him yn 'e hûs. Hy hat dy kat pakt en slein en der út...
nl.verhalenbank.36062
Douwe Stavasius fan Grinzer Pein seach lykstaesjes.
Boardzer Bruining fan Boelensloane ek. Dy leeft noch.
Men mat noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin us in lykstaesje oankomme, sûnder dat men it sjocht. Dan wurde jo fan 'e wei ôfsmiten.
nl.verhalenbank.25234
Ik wenne op 'e Koatstertille, dat is nou sahwat in jier of tsien lyn, tink. Dêr hearde ik forskeidene jounen achter elkoar, as ik op bêd lei, hammerjen en timmerjen, altyd op itselde plak. Mar dêr gebeurde doe noch neat.
Doe moest dêr in nij brêgehûs komme. Dat kom op itselde plak, dêr't ik it timmerjen heard hie.
't Wienen krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.25220
Sa'n fiif en fyftich jier lyn hat myn pake Ruerd Helbich de tram fan Drachten fan to foaren riden sjoen. Der brânden jouns ljochtsjes, dy rieden krekt as de tram. Ridlik gau dêrnei wie de tram der.
Pake wenne doe yn 'e Parken (Grinzer Pein).
nl.verhalenbank.25221
Op 'e merke op 'e Like stie froeger in tintsje, dêr siet in swarte spegel yn. De faem dy't dêr yn seach koe har takomstige man sjen. En omgekeard seach de feint syn takomstich wiif.
As jo net trouden krigen jo in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.25235
De Aldehou to Ljouwert is boud op kouwehûden.
nl.verhalenbank.29143
Katten hâldden meielkoar in forgadering. Ik ha 't wolris sjoen. Ien grouwe kat hie de leiding. Dat wie it hoofd fan de binde. Dan gong it op in psalmsjongen. Ik ha 't yn 'e Rottefalle sjoen.
nl.verhalenbank.36063
Op 'e Mûzegroppewei is ris in faem formoarde woarn en fuort dêrnei makke de heit himsels ek noch fan kant. Doe kommen der bloedplakken yn 'e flier. Dy ha se der noait wer út krije kind. Sa lang it hûs dêr stien hat bleauwen dy bloedplakken dêr yn 'e flier. Se ha der fan alles oan dien. 15 jier lyn is 't hûs ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.36077
Us Sibe-om syn heit ha se wol us boven oer de beammen hinne smiten. Jouns moest hy der faek út. Dan gong er nei 't achterhûs ta. Dêr moèst er dan hinne. Hy wie bot oan 'e drank. De duvel krige him en smiet him. De duvel focht ek mei him. Dan wied er bont en blau en alhiel biblet.
Hy wie koetsier to Surhústerfean. It gebeurde faek, dat er mei de duvel...
nl.verhalenbank.21325
Op in joun seagen wy by de Skieding wylde lantearnen. Dy bleauwen dêr op trije plakken stean. Op dy trije plakken kommen letter twa hûzen en in skoalle. De skoalle stiet der noch, de huzen net mear. 't Wie op 'e Skieding fan Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.25396
In broer fan ús pake Klaes wie hwat in plezierich man en hy wie hwat rap mei de mûle. Hy liet him ris op in joun ûntfalle, dat, as der dan hwat wie, dan woe hy dat wol ris sjen. Hy kom fan 'e Rotfalle en roan de Folgerster loane del. Doe foel er in kear of hwat. Doe sei er: "Dat is de duvel om in fal." Doe gebeurde der fierder neat. Mar hy wist dat it mei...
nl.verhalenbank.26847
Sterke Ynse fan Bakkefean wie ris op 'e merk yn Drachten. It wie in ûnbihouwen man. Hy stie tusken 't jongfolk by de slajut. Se hienen allegear in beurt hawn.
Doe krige Ynse de hammer. Hy slacht ta. De bak dêr't de spjeldtsjes yn sitte, slacht er yn flarden.
"Hwer komt dy slach wei?" freget de man fan 'e Slajut.
"Fan Bakkefean", antwurdet Ynse.
nl.verhalenbank.37976
By Goaitsen Rot-jonges op it Wytfean sieten myn skoanheit (Wibe Alma) en syn kammeraten op in nacht ta de apels. Doe sei myn skoanheit ynienen: "O heden, mast dêr us sjen, dêr komt ien op 'e fyts oan." Dyselde fytste dwars troch de muorre hinne. Hja binne útnaeid sa hurd se koenen.
nl.verhalenbank.27230
Se hienen hjir duveldrek ûnder 'e drompels foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.27232