Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us heit wie timmerman. Wy sliepten as jonges achter, ús heit fóár. Soms hearden wy yn 'e nacht, dat der by ús in deakiste timmere waerd. Dan kom der de oare deis ien dy't in deakiste bistelde. It nuvere wie dat heit sels soks noait hearde.
nl.verhalenbank.24314
Hjir flakby wie froeger in âld modderwei. Dêr seagen wy froeger wylde lantearnen, soms wolris acht tagelyk. "Dat is foartjirmerije," seinen se, "dat komt letter nei." En dat is ek gebeurd. Der is nou in hiele rige strjitlantearnen.
nl.verhalenbank.24315
To Hurdegaryp is in hekke, dy't se nachts noait ticht hâlde kinne. Dy giet altyd wer fansels iepen.
nl.verhalenbank.23718
Men mat yn 'e nacht noait midden op it paed rinne.
'k Ha wolris heard dat der yn Moarmwâld minsken oan kant set binne.
nl.verhalenbank.24317
Myn broer wenne hjir yn Moarmwâld. Dy forlear in famke. Myn op-ien-nei-âldste broer wenne yn 'e Westerein. Dy moest biricht ha. Ik kom dêr in bulte, sadwaende moest ik it ek mar even sizze. Myn eigen fyts hie net in lantearne. 't Wie yn 'e hiele lette hjerst en op 'e joun. Ik liende in fyts yn Ikkerwâld fan in timmerman.
Dêr rekke ik mei nei myn broer ta...
nl.verhalenbank.24316
As ien stoar en men joech in deade net mei, dêr't er rjocht op hie, lyk as in festje of in himd of sa, dan krige dy deade gjin rêst. Dan kom er wer en spokke.
nl.verhalenbank.23708
Men mat jouns en nachts noait midden op 'e wei rinne. Men wurdt soms samar oan kant set, as der in lykstaesje oankomt.
nl.verhalenbank.23709
Der wie ris in molksutelder. Dat wie yn froeger tiden. Dy sutele molke út. Dat died er mei twa amers oan 't jûk, dat er op 'e skouders droech.
De klanten seinen: "Jo dogge wetter troch de molke." De molksutelder sei: "Ik doch sawier gjin wetter ta de molke dat, as ik it al dien hie, en ik mat hjir wei, dan, hoopje ik dat ik yn 'e moanne forskine sil mei...
nl.verhalenbank.24217
Ik ha wol gauris heard dat guon smiten waerden, dy't dronken út 'e kroech kamen.
nl.verhalenbank.24363
Yn 'e Broek wennen in pear mannen, dat wienen echte rare. "Wy jowe om 'e duvel niks", seinen se, en sa wie 't ek. Sy joegen suver nergens hwat om. Mar sy binne beide raer oan har ein kom.
Sy hienen nei Burgumer merke ta west, elk mei in faem. Doe't se op 'e weromreis yn 'e Falom kommen, krigen se spul. De iene stuts de oare mei 't mes. Dat wie it wurk fan...
nl.verhalenbank.24362
Op 'e Hale wenne in roomske keardel, dy hie in toverboek. Doe't skoanheit sa'n jonge wie hat er him us bang makke. Hy krige it toverboek en sei:
"Nou sil ik gau even skierróeken ta de hurddobbe útlêze." Skoanheit is hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.24216
Guon dy't in helm ha, wurdt der sein binne kûgelfrij. Ik haw ek wol heard dat it skip fan in skipper, dy't in helm hat, noait forgiet.
Frijmitselders binne ek kûgelfrij, wurdt der biweard. Sy ha altyd sinten, dat komt, sy ha in wikseldaelder. Dy rekket noait op.
As se jild brûke matte hingje se jouns in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare...
nl.verhalenbank.24214
Ik haw by myn broer yn 'e Westerein frijgeselle. Doe wie 'k sahwat njoggentsjin jier. Ik wie dêr altyd. En 'k wie noait bang. Op in kear gong 'k dêr wei, let op 'e joun. 'k Wie altyd let. 'k Wachte altyd de lêste tram fan healwei tolven ôf. Ik kom út 'e Westerein wei yn 'e nacht, doe komt my dêr in houn op side, sa great as in keal. Dy rint deun njonken...
nl.verhalenbank.24360
Douwe Feddema koe omraek fortelle.
"'k Sei tsjin Antsje, wy matte moarnier nei Readtsjerk ta", fortelde hy ris in kear. Antsje wie syn wiif. - Wy - , dêr bidoelde er himsels en de fyts mei.
"'k Sei tsjin Antsje, moarnier bitiid der ôf." Goed. Ik de moarns de fyts út it hok. Doe sei it ding (d.i. de fyts) tsjin my: "Hwer wolst mei my hinne?"
"Nei...
nl.verhalenbank.24361
Dy't klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne as sy komme ta stjerren, dan wol de dea net earder komme, of sy matte der earst yn knippe.
As se in moart dien ha, dan bikenne se dat sekuer op it stjerbêd, earder gean se de dea net yn.
nl.verhalenbank.24215
De katten hâlde soms fan forgaderingen wurdt der wol sein yn 'e iepen loft. Dan prate se krekt as minsken en se sjonge der ek by. Sy neame de nammen fan guon dy't der oan gelove matte. Tsjoensters meitsje krânsen fan fear yn 't holkessen.
Hja kinne fleane. Mei de biezemstok tusken de skonken fljogge se troch de loft.
nl.verhalenbank.24359
Ik ha wolris heard dat der guon binne, dy kinne molke helje út 'e rosken.
nl.verhalenbank.24365
Yn Driezum wennen in man en in frou, dy hienen gjin bern. De man woarde siik en de dokter moest komme. De man woarde minder en stoar.
De buorren kommen en biklaeiden him. De oare deis soed er yn 'e kiste. Mar de frou sei: "Ik wol him sa net yn 'e kiste ha. Hy hat in lyts read plakje yn 't wang. Ik wol earst dokter der by ha." Hy lei op it strie yn 't...
nl.verhalenbank.24371
Nachtmerjes wurde stjûrd, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.24370
Trapet men op in pod, sa woarde der froeger wol tsjin ús sein, dan bigjint it to tongerjen.
As it eech jin sear docht, wurdt der ek wol in pod op dien. Dy mat der dan op mige. Hjir wenne in man, dy hat fjouwer dagen lang in pod op 't eech hawn, mar dy pod woe noait mige, doe hat hy him der wer ôf dien.
nl.verhalenbank.24364