Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As de bern to Jobbegea tichte by 't wetter kommen, seinen de greate minsken: "Tink der om, hear, der sit in rare keardel yn 'e sleat, dy lûkt dy der aenst yn!"
nl.verhalenbank.28274
Myn âlden fortelden, it gebeurde froeger wol gauris, dat guon lykstaesjes fantofoaren seagen. Hied er ien by him, dan sei er: "Gean even oan kant, der komt in lykstaesje oan." Sa'n ien wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.28260
Twa jongemannen sieten yn 'e kroech to Jobbegea. Sy wienen beide oansketten. Sy swetsten en swearden mar raek. Sy woenen dy jouns elk in faem ha. "De earste de bêste dy't ús op side komt, dêr gean wy mei", seinen se.
Doe't se út 'e herberch wienen en in stikhinne ûnderweis, kommen der har guon op side. Mar doe is 't de beide mannen raer ôfgong. It wienen...
nl.verhalenbank.28261
Muoike hat wolris forteld, sy útfanhûze froeger by har omke. Dy hie in keppel hynders, dy wienen yn 'e nacht alhielendal oerstjûr. Dêr kom dan yn 'e nacht in tsjoenster by, dy't op dy hynders omried. Dy tsjoenster kom troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.28275
Der stienen us guon by de brêge fan 't ld Djip to Beetstersweach. Doe hearden se dat der sein woarde: "De tijd is der wel, de man is der niet." Even letter kom der in man op 'e brêge. Dy rekke der by del en kom yn 't wetter tolânne, dêr't er yn fordronken is.
nl.verhalenbank.28263
Der kom us yn 'e nacht in man fan 'e Gordyk. Hy moest nei Jobbegea ta. Doe't er by de feart kom, wie der in roetswarte houn by him kom, wol sa great as in keal. De man wie sa binaud woarn, dat hy wie hast út syn fel sprong.
nl.verhalenbank.28277
Yn Jobbegea stie in hûs dêr woarde elke joun yn kloppe.
It klopjen bigong altyd om deselde tiid. Der wie yn dat hûs ris in kear in bern formoarde. Dêrtroch spûke it. De geest fan dat bern kloppe. Us mem fortelde it.
nl.verhalenbank.28276
Yn Wijnjeterp is 't ris gebeurd dat it jongfolk it heilich avondmael fierde. 't Gebeurde dêr yn 'e kroech. Sy dienen it op in Godslasterlike manier. Mar sy binne raer ta de kroech út rekke. En sy binne noch raerder thúskom. Us leaven Hear lit net mei him spotte. Letter wienen se deabinaud.
nl.verhalenbank.28262
Der wie in man, dy wenne yn Jobbegea. Dy hie in bern dat wie siik. De dokter koe 't bern net geneze, doe gong dy man nei de Knipe ta, nei de duvelbanner.
Dy sei: It bern is bitsjoend en deselde dy't ik der fan fortink dat er har bitsjoend hat is ien dy't jo yntkoart oan 'e linker kant passeare sil.
In wike of hwat letter passearde der him ien oan 'e...
nl.verhalenbank.28689
To Nijlamer wienen it froeger allegearre petgatten en wiken. Syberen Hofstra hearde dêr op in kear de weinen oer de diken (= wegen) riden. Letter is de hiele saek der ûntgonnen. Doe rieden de weinen dêr lâns. Dat hie er fantofoaren al heard.
nl.verhalenbank.28266
Der wienen ek minsken, dy bitsjoenden de bargen. Dan woenen dy net mear frette en woarden siik. Sy hoefden allinne mar nei de bargen to sjen, dan wie 't al mis. Sy hoefden har net iens oan to reitsjen. 't Is faek gebeurd yn Jobbegea.
It wienen sawol manlju as froulju dy't it dienen. Kwea-minsken neamden se sokken.
nl.verhalenbank.28272
Myn âlden plichten to sizzen: Der lizze mear bern op 't tsjerkhôf dy't deatsjoend binne as dy't oan in oare sykte stoarn binne.
De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel om feilich foar de tsjoensters to wêzen.
nl.verhalenbank.28273
Yn Jobbegea haw ik in frou kend, dy gong nachts út bêd wei. Dan mòest se hwat sjen.
nl.verhalenbank.28267
It gebeurde yn Jobbegea ek faek dat de tsjerne bitsjoend wie. Dan koenen se noait bûter krije.
nl.verhalenbank.28271
Dyselde Syberen Hofstra hearde ek op in kear by harren op in plak dêr't hielendal net in hûs stie, hoe't der mei in hammer op in ambyld slein woarde. Letter kom der op dat plak in smederij to stean. Nou wennet Douwe v.d. Molen dêr.
nl.verhalenbank.28265
As eksters by jin op it hiem komme en dy bigjinne to skatterjen, dan bringe se in tiding fan 'e dea.
nl.verhalenbank.28259
Doe't wy froeger nei skoalle gongen yn Jobbegea, hienen wy altyd in pear ûren skoft. Dan gongen wy wol gauris nei de Gordykster feart ta to boartsjen. Dêr wienen stappen fan hout, dy't nei de feart ta gongen. Yn 'e wâl wienen allegear ynhammen, gatten. Wy sprongen dan fan 't stap ôf oer sa'n gat hinne. Op in kear mislearre 't my en ik rekke yn 'e feart....
nl.verhalenbank.28258
Alde Sybren Hofstra fan Aldskoat siet yn 't lêst fan syn leven altyd yn 't fjûr to hâlden. Dêr wied er binaud foar, hwant hy hie sjoen dat er nochris forbrânne soe.
Op in kear siet er yn 't lân ûnder in koe to melken. It woarde swier waer en hy woarde troffen troch 't fjûr fan 'e wjerljocht.
nl.verhalenbank.28264
In famke fan myn suster hat ek bitsjoend west. It bern wie al in moai skoftsje siik. Sy hienen de dokter fan 'e Gordyk der by, dy sei: "It bern hat it oan 'e yngewanten." Mar hwat hy der ek oan die, it joech neat.
Der hie alris in kear in frou by harren west, sûnt wie 't bern noait goed west. It bern gong achterút as stof yn 'e sinne. Op 't lêst sei myn...
nl.verhalenbank.28270
Kriget men fan in tsjoenster in apel, dan foroaret dy yn in pod. Ek wol yn in kikkert.
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
Ik haw in frou kend, dy wenne yn Ychten. Dy sei dat de winkelman hie har bitsjoend. It sloech har altyd sa yn 'e kop om. Doe kocht har man har in polkemûtse. Dy haw ik him levere. Mar de winkelman wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.28363