Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Oan 'e Feinteloane by Feanwâlden spoeke it ek.
nl.verhalenbank.17084
By myn skoanmem binne fjouwer bern stoarn. Elke kear fan tofoaren kaem der in ekster yn 't finsterbank dy bigoun to skatterjen. Dat wie de tiding fan 'e dea.
nl.verhalenbank.17085
By dokter Bontekoe gong de hekke altyd fansels wer iepen as men him tichtdien hie. Guon ha der wol by wekke, mar hy wie net ticht to hâlden.
nl.verhalenbank.17087
Romke Maei wie ek in tsjoenster. Dy wenne ek op 'e Wâl. Dy hat hiel hwat krânsen yn 'e kessens tsjoend. Har eigen soan hat se deatsjoend.
nl.verhalenbank.17078
As der op 'e Wâl ien bitsjoend wie, reizgen se nei Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide ta. Dy kom dan mei de hounekarre om sels it spul yn egenskou to nimmen.
Sy gongen ek wol nei Wopke fan Kûkherne, mar dy kaem sels net. Dy joech altyd drankjes mei.
Wopke wist ek altyd goede rie foar kwalen. Ik wie as jonge bot klierich. Doe gong heit foar my nei...
nl.verhalenbank.17079
Op 'e Wâl wenne in sekere Douwe. Dat wie in earst raren. Hy siet altyd yn 'e kroech en hy wie foar neat bang. Dêr yn 'e kroech spile er op 'e harmoanika. Hy spile de flokwurden. Mar doe krige de duvel him in kear topakken. Doe't er út 'e kroech wie, waerd er oplichte en oer de beammen hinne smiten. Dat wie op 'e Prester-ikker. Jehannes Procee kom dy...
nl.verhalenbank.17082
Der is ek us ien smiten woarn op 'e Wâl, dy kom wer oerein en roan sa hurd nei hûs ta, dat hy is troch de tichte doar yn 'e gong kaem.
nl.verhalenbank.17083
Yn 'e Foksegatten spûke it ek. Dêr stie in pleats, dêr wie 't lang net plûs.
nl.verhalenbank.17081
Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean mastere oer fé. Ien út Garyp ried us nei him ta op in siik hynder. Hy stie noch mar krekt mei it hynder achter hûs of Hinse sei: "Ik ha de drank foar dy omtrint ré." Dy Hinse koe dus mear as in oar.
nl.verhalenbank.21268
Op 'e skilige Piip spoeke yn 'e nacht altyd in âlde hear. Myn swager en skoanheit ha him sjoen.
nl.verhalenbank.17080
De doomny fan Boarnburgum hie in keppel einen. Mar doe gebeurde it op in kear dat se him der guon fan ûntstielen, en letter al us wer.
Sa woe dy doomny net fan syn einen ôf, dat op in snein-to-moarn, doe't er op 'e preekstoel stie, sei er tsjin 'e gemeente:
"Ik zeg niet dat de mensen van Boornbergum-Kortehemmen dieven zijn, maar ik raak al mijn eenden...
nl.verhalenbank.23008
As wy moarns ier de skiep nei Ljouwert ta dreauwen, hearden wy oan 'e oare kant Hurdegaryp dúdlik timmerjen. It wie yn myn jonge jierren.
Letter is dêr it spoar kom.
nl.verhalenbank.32449
De Lange Sleatterman wie in reus, dy ware by de Krúswetters om.
nl.verhalenbank.33353
Yn Himpens wenne myn muoike Tryntsje. Dy hie in jonkje Sipke, dat fordronk yn 'e feart njonken hûs.
Myn âlden wennen doe yn Ljouwert. Tryntsje-muoi stjûrde in boade nei myn âlden ta mei it biricht dat it jonkje fordronken wie.
De boade koe earst it hûs net fine. Hy socht en socht mar, op 't lêst seach er in frou, dy wie dêr oan 't strjitskrobjen. Dat wie...
nl.verhalenbank.33347
Myn beppe Atsje dy siet op in joun op it húske. Achter 't hûs stie in hok, en dêr wie 't húske yn. Wylst hja dêr siet hearde se in bouns tsjin 't kezyn fan 'e achterdoar oan. En dochs wie der neat.
Mar oardel wike letter brochten se in deakiste ta de achterdoar yn. Dy bounze tsjin 'e doar. Sy moesten achterom, omdat se foar yn 't hûs de swaei net krije...
nl.verhalenbank.33346
It wie hjir froeger allegear heide mei hjir en dêr in spitkeet.
Der wienen twa froulju út dy spitketen, dy hienen nei Sumar nei de merke ta west. Yn 'e nacht kommen se werom.
Sy roannen in reed del tichte by de âld tramwei. Doe seagen se dêr in mantsje stean, in hiel lyts mantsje. 't Wie mar krekt eefkes greater as in heale meter.
De froulju deabinaud...
nl.verhalenbank.33352
Jan de Haan, de heit fan Geart de Haan, yn 'e Sumarreheide, woarde op in kear samar oer de hage hinne smiten by 't café fan Roel Theunissen op 'e Harste. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.32448
Der wie in doomny, dy hie krekt in nije gemeente krigen. Hy moest hwat yn 'e kunde komme mei de lju en sa kom er ek by in man, dy stie achter hûs. Hy hie de holle foardel en seach net botte moedich.
Doomny seach wol, dat dy man swierrichheden hie.
"Skeelt der hwat oan?" frege er.
"Dat sil 'k doomny sizze. Ik hie hjir in ikkerke koal boud achter 't hûs en...
nl.verhalenbank.23009
Jehannes Hountsje (=Jeh. v.d. Wal) wenne flak by de tramwei yn Sumarreheide. Op in nacht hearde [hy] slaen en timmerjen op in plak, net sa fier fan syn hûs, oan in reed oerdwars. Letter hearde hy dat wer ris en noch ris.
Doe kom der letter op dat plak in boerespultsje to stean. 't Hie foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.33344
Hjir binne faek wylde lantearnen sjoen woarn op 'e heide. Dat wienen greate ljochten, dy kommen Nyegea út wei. Dat ha de foarboaden west fan 'e lettere tram, ha se wol sein.
nl.verhalenbank.33350