Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
145 datasets found
Narrator Gender: male Place of Narration: Leeuwarden
It barde jierren lyn yn Zevenhuzen ûnder Burgumerheide. Dêr wennen Tsjitse en Kei (Boonstra). Op in kear soe Kei de aeijen ophelje, mar de hinnen seinen: "Wy lizze hjoed net." Doe soe Tsjitse de kou melke, mar de kou kearde him om en sei: "Ik jow hjoed gjin molke." Tichteby wenne in tsjoenster, dat wie Jantsje. Jantsje hie in winkeltsje. Dy krige de...
nl.verhalenbank.36472
Op it Fliet yn Ljouwert wenne earen in âlde boer mei dy syn frou. Myn wiif hat dêr arbeidster west. Op in kear fortelde dy frou har: Je ha soms nuvere dingen. Doe't ik noch faem wie wie 'k ris in kear mei myn kammeraetske by Lammert de Jong yn 'e herberch. Dêr wie doe in swarte spegel. Doe seinen se tsjin my: "As jo yn dy spegel sjogge, dan wurde jo de...
nl.verhalenbank.28472
De grifformearde tsjerke fan Stiensgea wurdt faek de pypketsjerke neamd omdat der in pypke ûnder 'e wei troch rint. 't Wie yn 'e tiid dat se dêr mei oan 't bouwen wienen. Op in joun hiel let, - 't wie hiel tsjuster - doe kaem Romke Laanstra dêr lâns. Doe hearde er dêr timmerjen. En dochs wie 't tsjuster. Dat moest de duvel wêze, dat koe net oars. Romke...
nl.verhalenbank.37396
Jehannes Meerstra fan Feanwâlsterwâl koe de potsjes en faeskes op 'e skoarstienmantel dânsje litte. Ek de pook by de kachel liet er dânsje. Jehannes wenne by syn pake. Soms kommen der guon by him to praten. Dan sieten se meimankoar yn 'e hûs. Dan sei er earst: "Sil 'k de tafel ris dânsje litte?" Dêr bigong it mei. Dan liet er de stuollen dânsje. As de...
nl.verhalenbank.28473
Wy wennen tusken Burgumerheide en Feanwâlden. Wy wennen op 'e Swette. Antsje, de tsjoenster, wenne dêr ek. Wy stienen as jonges byelkoar en wy hienen it drok oer tsjoenderije. Wy koenen it net lyk fine mei elkoar, de iene tocht der sa oer, in oaren wer oars. Doe kaem myn omke fan 't lân mei de gripe oer 't skouder. Dat wie Wiger-om. "Wiger-om," sei 'k,...
nl.verhalenbank.36473
Op in kear sieten der in stik of hwat manlju yn Beets yn 'e kroech om 'e tafel hinne. Ien fan dy mannen dat wie raren, dy sei: "Nou sil ik aenst skoppenboer fuortstjûre om in flesse drank. Ien fan jimmes mat de flesse oankrije. As er dat net docht, gean ik der oan. Hwa wol de flesse krije?" Der wie ien dy bea him oan. Doe goaide dy earste de kaert troch...
nl.verhalenbank.28471
Der siet ris in kear yn Beets yn in kafé in man, dat wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Hy flokte en brûkte rare wurden, dat it lang net mear moai wie. Doe't it tiid wie fan sluten wie er bang, doe woe er net nei hûs. De kroechbaes sei: "Dû mast der út, ik kin dy hjir fannacht net hâlde." Doe sei er: "Dan wyt ik, dat ik in goed pak op myn...
nl.verhalenbank.28539
I. De duivel 4. Wordt van hem verteld, dat hij, evenals de nachtmerrie de mensen berijdt of dat hij bepaalde mensen (b.v. de vloekers) achtervolgt? Eens heb ik een verhaal gehoord dat een vloeker geducht werd geslagen zonder dat er iemand gezien werd.
nl.verhalenbank.126979
Imke en Durk fan Imke Op in kear stienen der in stik of wat bern om Imke hinne en hy die in pear keunsten. Us heit, dy't dit ferhaal hie, sei der net by, wat er krekt die. Mar doe woe de heit fan dy bern ek in grapke uthelje. 'Ik kin myn tûme der ôf lûke', sei er. Dat die er en hy sette him der ek wer oan. Dat is in trúkje. Nei it 'ofnimmen' hat men it...
nl.verhalenbank.13021
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.126978
Twa susters fan myn skoanheit wennen yn Surhústerfean. Hja wienen op in joun oan 't kuijerjen, doe hearden se yn 'e fierte in lûd, krekt sa't nou de motor fan in auto jowt. Hja hearden in ding oer de wei snuorjen, sûnder dat se it seagen. Dat hat neffens har de oankundiging fan 'e auto's west, dy't der pas folle letter kamen.
nl.verhalenbank.37395
Us mem en dy wennen yn Feanwâlden op 'e Finnen, neist de helling fan Wageningen. Op in nacht hearde mem timmerjen en slaen om 't leven op 'e helling. Mem wie widdou en tocht: hwat mei hjir gebeure. Hja gong der út om to sjen hwat der to rêdden wie. Mar der wie neat to rêdden. Hja sei tsjin ús: Hwat dit hjir is, dat snap ik net. Dat slacht en hout hjir om...
nl.verhalenbank.36474
Ik ha wol ris heard dat der guon binne, dy kinne turven stappe litte. Ik tink, dat Jehannes dat ek wol koe.
nl.verhalenbank.28474
Deselden dy't mei de helm geboaren wurde binne kûgelfrij. Frijmetselers binne ek kûgelfrij. De dokters wienen earen fûl op sa'n helm. Dy helm knoffelen se achterút. Yn tiden fan oarloch droegen se dy helm by har, dan wienen se kûgelfrij.
nl.verhalenbank.28475
Op in kear kaem buorfrou by ús mem, alhiel fan 'e wize. "O frou, frou," sei se, "hwat is 't nou hwat. Der stiet in skommelwidze by ús op 'e souder en dy skommelt al mar troch. Ik bigryp der gjin kloaten fan. As ik him stil hâld bigjint er út himsels wer." In skoft letter krige buorfrou in lytsen yn 'e widze. It hie foartsjirmerije west.
nl.verhalenbank.36475
To Hurdegaryp, by de villa fan dokter Bontekoe, stienen twa greate wite pilaren, dêr wie in hekke tusken yn. Hja seagen dêr wolris in wite gedaente. Dy hekke woe noait ticht bliuwe. Die dokter him jouns ticht, de oare moarns wie er fêst iepen. Ek al waerd er op slot dien, hy koe net ticht bliuwe.
nl.verhalenbank.36477
In broer fan myn frou har beppe seach de dingen ek fan tofoaren. Hy wenne yn Hollân. It gebeurde yn 1825, dat er útfanhûze by syn suster yn Beets. Op in dei, doe kom er fan 't húske, sa bleek as in doek. En hy seach sà raer. "Hwat ha wy nou mei dy?" sei beppe. Hy sei: "Ik ha hwat raers sjoen. Ik mat nei hûs ta." "Dû bist hjir noch mar krekt," sei beppe,...
nl.verhalenbank.28477
Jou my mar in mosterpot Der is ek noch in hiel oar ferhaal fan in hurdrider dy't om moster soe. Doe die it ek krekt foar itenstiid bliken, dat de moster op wie. Hy sei tsjin 'e frou: 'Jou my mar in mosterpot, ik sil noch gau efkes wat moster út 'e stêd helje'. 'Dan moatst al oanmeitsje', sei it minske,'want de ierappels binne sa goed as gear'. Miskien hat...
nl.verhalenbank.13032
In frou, dy't wy wol kinne - sy is ek by 't Leger des heils - dy is èk mei de helm geboaren. Frou Wiersma is it. Sy hat fan tofoaren har eigen dochter fordrinken sjoen yn it wetter to Snits
nl.verhalenbank.28476
Wy wennen op 'e Swette tusken Burgumerheide en Feanwâlden. Achter ús wie de spoarwei. Pake fortelde my, hja hienen dêr oan 't wurk west, doe wie der noch gjin spoarlijn. As hja dêr jouns wienen, gong dêr hyltyd in streek ljocht lâns, op in bipaelde tiid. Jierren letter kaem dêr de trein.
nl.verhalenbank.36476
35