Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
123 datasets found
Narrator Gender: male Place of Narration: Kootstertille
Yn Reahel haw ik in âlde buorman hawn, dy hie yn syn jonge jierren boerefeint west yn Droegeham. Hy slepte yn in bêdsté yn 'e stâl. It doogde dêr net, it spûke der. Hy hie mei eigen eagen sjoen dat der op 'e koestâl in ammerke stie to dânsjen.
nl.verhalenbank.33536
Myn âlde lju ha faek forteld dat se timmerjen heard hienen yn 'e nacht; dan kom dêr letter op sa'n plak in hûs to stean, mar ik wit net mei hokker huzen as dat it gefal west hat.
nl.verhalenbank.36738
Omke Femme (Wybenga) hie forkearing mei in faem út Feanwâlden. Dat wie in tsjoenster. Op in kear doe wie se by omke en dy yn 'e Westerein west. Doe soe omke har wer nei hûs ta bringe. Mar ûnderweis fleach se samar ynienen by him wei, krekt as in fûgel. Hja wie yn gjin fjilden of wegen mear to bikennen. Ek ris in kear doe kaem omke Femme by har to...
nl.verhalenbank.36739
By dyselde boer hat myn wiif har heit arbeider west. It gong dêr altyd raer op dy plaets. Nachts rieden de weinen op 'e telle út har sels hinne en wer. De boer hearde it ratteljen fan 'e weinen en koe der net fan sliepe. Skoanheit wie doe noch jong. Dy slepte yn 'e stâl yn 't bêdsté. Dy stjûrde hy op in nacht nei de telle ta om to sjen. Sels doarst er...
nl.verhalenbank.33537
Ik wie noch gjin 25 jier doe kom ik to wenjen op 'e Skieding tusken Oerterp en Grinzerpein. Doe wienen dêr minsken dy seagen dêr ljochtsjes, sa nou en dan. "Hjir komt hwat," seinen se, "dat kin net útbliuwe." En it bleau ek net út. De tram kom dêr lâns. 't Wie tjirmerij.
nl.verhalenbank.33535
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. Dy kiste is fan in âlde mynhear dy't op 'e Skierstins to Feanwâlden wenne hat. Salang dy kiste mei jild dêr yn 'e groun sit hat dy âlde hear gjin rêst. Hy spûket altyd om by nacht, dan rydt er op in ezel.
nl.verhalenbank.36886
Guon hearden de trein fan Ljouwert nei Grins fier fan to foaren al, foardat der noch sprake wie fan in trein, al to Sânbulten riden. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.32663
Us mem en dy soenen us in kear nei 't Fean ta. Dêr roannen se hinne. Sy hienen in lytse jonge by har. Doe seagen se ûnderweis in lykstaesje oan 'e oare kant de wei. Dat doogde lang net. Sy binne fuort werom gong.
nl.verhalenbank.22316
Se seinen altyd, in tsjoenster koe har yn in kat foroarje. As se froeger wite woenen as in siik bern bitsjoend wie, ûndersochten se it kessen. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Der woarde dan om socht hwa't de tsjoenster wie. De krâns(en) woarde(n) forbrând. Se dienen faek duveldrek ûnder 'e drompels. Dy't it bern bitsjoend hie koe dan...
nl.verhalenbank.32677
Jehannes kom ris by in boer op Blaufallaet, dêr hienen se heabroei. Dy boer dat wie Jouke Hoeksma. Sy moesten in gat dolle yn 't hea, mar dat wie sa gleonhyt dat it wie eins net to fornearen. Doe sei Jehannes: "Dat kin wol oars. Dan matte jim in lange stok oan 'e lep bine." Dat dienen se, mar doe wie der net ien dy't dêr mei dolle koe. Jehannes sei: "As...
nl.verhalenbank.33541
Froeger gong it paed wol gauris oer in tsjerkhôf hinne. Der wienen us twa dy woenen ien bang meitsje. Se wisten dat dyselde dêr lâns komme soe. Sy gongen boppe op elkoar stean, elk mei in lekken om, by de muorre op. Doe sei deselde, dy't dêr lâns kom: Ik ha wol us twa boppe op elkoar stean sjoen, mar noait dêr noch in trêdden boppe op. Doe woarde de...
nl.verhalenbank.29294
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Hja hawwe in wikseldaelder. As se hielendal gjin sinten mear ha hingje se de lege jildpong jouns oan 'e doar. De oare moarns is er fol. Om 'e sawn jier mat der in frijmitselder dea.
nl.verhalenbank.36767
Fan Sterke Hearke fortelde hy it forhael mei de ploege en dat fan 'e wein mei dong.
nl.verhalenbank.20688
Yn Minnertsgea hat in man wenne, dy gong der nachts op út om lykstaesjes to sjen. It kom altyd nei.
nl.verhalenbank.22263
Net neilknippe op snein. Letter, nei de dea mat men dy stikken neil wer opsykje. Dy't klean oan hat op syn stjerbêd, dy't op snein naeid binne, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.36766
Der wie in boerefeint, dy kom út 'e kroech. 't Wie yn Visvliet. 't Wie dêr raer gong yn dy kroech. De feint moest rinne yn 'e nacht fan Visvliet in stik hinne oan Pitersyl ta, dêr't de boer wenne. Hy wie bang, hwant de duvel roan njonken him. Hy skrille hyltyd. 't Wie in tige los man. By de boer, dêr't er wenne, siet de doar fêst. Hy koe der sa gau net yn...
nl.verhalenbank.29295
Jehannes Hazenberg wie in keardel as in beam. Sa sterk as in dyk. Op in kear siet der in weinfol hea fêst tusken 'e dampeallen op 'e Sjoele tichte by Blaufallaet. Se koenen it der noait weikrije, de hynders koenen 't net lûke. Doe kom Jehannes Hazenberg dêr lâns. "Sit er fêst?" sei er, "wachtsje mar, ik sil wol even helpe." Doe sette hy de rêch der achter...
nl.verhalenbank.33540
Greate Pier wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kommen der soldaten op it lân, dy moesten him fange, mar sy koenen him net. Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe tilde greate Pier mei ien hân de ploege op. Dy stiik er foar him út en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er." Doe't de soldaten dat seagen naeiden se gau út.
nl.verhalenbank.32676
By Mountsjetille oan 't Knjillisdjip seagen se froeger ljochtsjes by jountiid. Doe seinen se: "Dêr komt in wei lâns skielk." En dy wei is der èk kom.
nl.verhalenbank.32662
In minske moat by joun of by nacht noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin er in rare reis meitsje. Dan rinne jy by in lykwein op en ploffe der achter wer by del. Men kin ek wol oan kant skoud wurde.
nl.verhalenbank.22317
35