Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
72 datasets found
Narrator Gender: male Place of Narration: Hurdegaryp
Hy stjûrde der faek bitiid yn 'e moarn twa man op út mei in wyt lekken by har en twa amers. Dy mannen moesten nei 't greidlân ta. Hja moesten it lekken oer 't wiete gjers slepe en it dan útwringe yn 'e amers. Sa krigen se de beide amers fol dauwe. Daudweilje neamden se dat.
nl.verhalenbank.32210
Sterke Hearke mat ôfgryslike sterk west ha. Hy wie ris oan 't ploegjen op it lân. Dêr kaem in man by him, dy koe him net. Dy woe graech witte hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke tilde de ploech omheech en wiisde it plak oan. "Dêr wennet er", sei er. 't Gebeurde yn Droegeham.
nl.verhalenbank.32204
Sweitse van der Meer wie frachtskipper. Hy farde elke wike fan Sumar nei Ljouwert en werom. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy moest altyd fan alles út Ljouwert meinimme. Op in kear hie er in stikmennich fetten fol petroalje meinaem. Hy pakte se by de einen beet en tilde se sa ien foar ien fan 't skip ôf.
nl.verhalenbank.32205
Der wie in man dy moest de skonk der ôf ha fan 'e dokter. Mar dêr wie er noch net oan ta. Hy gong nei Knjillis Wytses ta en frege him as dy der ek ried foar wiste. Hy moest de skonk bleat meitsje. Doe die Knjillis Wytses hwat yn in kalkene pipe en bigoun to smoken. Hy soarge der foar dat de reek by de bleate skonk lâns gong. It duorre net lang of dêr...
nl.verhalenbank.32211
Bûten Bûtenpost stiet in herberch: De laatste Stuver. Dy herberch hat sà syn namme krigen. Der wenne yndertiid in kastlein yn, dy mocht graech in buorrel en syn wyfke krektengelyk. Dat kom de saek net to'n goede. It kaem safier, dat doe't de drankleveransier kom, doe koenen se him net bitelje. Sy seinen tsjin 'e drankleveransier: "Dat komt, de lju dy't...
nl.verhalenbank.17697
Alde Frâns Petroalje helle ris petroaljefetten fan it stasjon. Mar ûnderweis gongen hyltyd de klemmen der ôf. "Dat dochstû, duvel", sei Frâns tsjin Jehannes. Jehannes lake en sei: "De klemmen sieten der net goed omhinne. Prebearje 't noch mar ris." Doe hie 't goed west. Jehannes roan mei tsiis en koe ek bûksprekke. Jehannes Tsyske seinen se wol tsjin him.
nl.verhalenbank.17695
In tige foarname wûnderdokter wie ek Joast Wiersma fan Jistrum. Yn Garyp wie in fanke dat al lang gammele en neat gjin baet foun by de dokters. Doe gong har heit nei Jistrum ta en rieplege Joast. Joast sei: se mat dêr hwat fan ha en dêr hwat fan ha. Ik sil it opskriuwe, dan kinne jimme dat wol bistelle by David Fludtsje yn Drachten. (David de Vrieze hie...
nl.verhalenbank.32212
Syn beide bruorren Folkert en Sjoerd wienen net minder sterk. It wienen potskippers. Se namen op in kear togearre in rail fan 'e trambaen. Elk hie in ein dêrfan beet en sa tilden se him in hiel ein fuort.
nl.verhalenbank.32206
Op in kear sei Jehannes Meerstra tsjin 'e boer: "Jo meije wolris nei de keallen sjen, hwant dy dogge it fordomde raer." Doe roannen se allegear op 'e naed fan 'e skuorre om.
nl.verhalenbank.17694
Hedzer Baeije Syts wenne to Jistrum. Dy hie foar in sechstich jier altyd duveldrek boven de doar.
nl.verhalenbank.17690
Ik ha fortellen heard dat der ergens in nije tsjerke delset woarde op it plak, dêr't se earder oargelspyljen heard hienen.
nl.verhalenbank.30429
It Bucheltsjehout doarsten se by jountiid en by nacht ek net lâns. Dêr spûke it ek.
nl.verhalenbank.32202
Oan 'e Achterwei yn/by Burgum wenne Jehannes Mike. Dy syn frou dat wie Albertsje Brjit. Dy koe kaertlizze. Hja wie wiid en siid bikend. In protte lju reizgen dêr hinne, sa yn 'e njoggentiger jierren en om 1900 hinne, fral jonge fammen. Ik wit noch dat se tsjin sa'n faem sei: "Dû krijst in keardel mei in rossige snor. It hûs dêrstû mei him komst to wenjen,...
nl.verhalenbank.30617
Nachtmerjes binne froulju. Ien fan 7 dochters is in nachtmerje. Men sette froeger de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Men boun wol in mes op 't boarst mei de skerpe kant omheech om gjin lêst fan 'e nachtmerje to krijen. De hynders hienen der ek lêst fan. Guon boeren hienen in sabel boppe 't hynder yn 'e stâl hingjen. As der in nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.32203
Yn 'e Burgumerheide wie ek in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.30428
Sterke Hearke wie boerearbeider op it Bouwekleaster by Jan Binderts Kloosterman. Dêr wie ek in omkesizzer by Jan Binderts. Dat wie Germ de Vries. Se wienen us oan 't dongriden. Hearke mei noch in arbeider laedden togearre dong op 'e wein en stienen yn 't skerngat. Op it lân stie ien arbeider to oplûken. Jan Binderts brocht de dong nei 't lân ta. Hearke...
nl.verhalenbank.17691
't Wie yn 'e sie-tiid. Sterke Hearke wie twa en sawntich jier âld. Se hienen in weinfol sie achter hûs stean, dat moest yn 'e skuorre. Yn dy tiid hienen se noch bolstiennen achter hûs. Germ mei noch in arbeider soenen skouwe en Hearke soe it tiksel pakke, waerd ôfpraet. Dat gong oan. Mar ynpleats dat Germ en de arbeider skouden, hongen se beide oan 'e...
nl.verhalenbank.17685
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwal hat lytsfeint west op it Wâld. Dat wie in buorkerij, dy stie in ein it lân yn tusken Hurdegaryp en de Simmerdyk. Hy is der nou wei. De Kaiserdyk roan der hinne. Folkert Aens Algra wie dêr boer. Moarns mei kofjedrinken rôp it wyfke altyd: "Folkert!" Dan kaem har man yn 'e hûs. Op in moarn rôp se wer ris: "Folkert."...
nl.verhalenbank.17693
Oastlik fan 'e Brandsma-loane yn Garyp is in leantsje. Men wol ha dat dêr yn dat loantsje in fôlle spûket mei in brijpot om 'e hals. Guon doarsten der froeger net lâns.
nl.verhalenbank.32201
Forskate lju fan 'e Sumarreheide hienen de tram al riden heard doe't hy der noch lang net wie. Ek seagen se de reade ljochten. Ek hûzen hearden se oan timmerjen dy't der noch net stienen en hja seagen brânnen dy't der pas letter kamen. Sokke dingen wienen doe algemien. It tsjirme dêr altyd yn dy streken.
nl.verhalenbank.32200
35