Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Freark Prûk woarde ek wol neamd de duvel fan Earnewâld. Doe't er tachtich wie is er nei Amerika forhuze.
nl.verhalenbank.24923
De duvel fan Earnewâld soe ris op redens nei Warten ta. Doe't er op 'e Lange Sleatten wie ried er yn in wek. Mar hy hie sa'n faert, dat syn holle waerd troch de skerpe kant fan 't iis ôfsnien fan 'e romp.
De holle glide oer 't iis fierder en de romp ûnder iis.
Sy koenen 't krekt lykhâlde en doe't se wer oan in wek tawienen wie 't halt - de kop wer op 'e...
nl.verhalenbank.24922
In stik lân yn 'e Earnewarre hat de namme fan Spoeketsiene. Dêr mat it altyd spoekje.
nl.verhalenbank.24920
It is froeger gebeurd, dat in heit (Veenstra) mei syn dochter yn in fiskersaek lei by Foanejacht, healwei Garyp en Warten, dêr't nou in brêge leit. De fisker hie dêr in tichtset en sy setten ek wol oer.
De fisker moest nei de buorren ta yn Earnewâld. Hy sei tsjin syn dochter: "Ik kom sa gau mooglik wer. Der komt aenst noch al ien dy mat oerset wurde, mar...
nl.verhalenbank.24921
Hjir hat in hiele sterke keardel wenne. Dy wie feint by de bakker. Hy hiet fan Hotse Bottema.
Op in kear woarde der in fet wite sjerp brocht by de bakker. Dat rollen se yn 't pakhús fan 'e bakkerije. Dat fet siet tûzen poun sjerp yn. Sy lieten dat fet dêr lizze. Mar hwat Hotse to dwaen hie, dy wrikte krekt sa lang oan dat fet om, dat hy krige 't oerein to...
nl.verhalenbank.24925
It is us in kear gebeurd, dat dêr in skip lâns farde. De skipper stie by 't roer en de feint luts. Doe raesde de lûker ynienen: "Hâld oan 'e wâl!"
Hwant hy luts net mear allinne. Der wie ien by him achter yn 'e line. Dat wie de Langesleatterman.
De man wie deabinaud.
nl.verhalenbank.24919
By de Lange Sleatten spûke de Langesleatterman. Dat is oan diz kant de Krúswetters. Dêr doarst froeger net in skip to lizzen, hwant dan woarden grif de spitten of de ankers op it dek smiten. Dat wie it wurk fan 'e Langesleatterman.
nl.verhalenbank.24918
It Peinderkanael is groeven troch arbeiders mei skeppen. Der wie ien by, dat wie in reus. Dy hie in skeppe, like great as in tafelblêd.
nl.verhalenbank.24924
Myn wiif har beppe dy bakere froeger wol by skippers. Dat gebeurde ek ris in kear to Ljouwert. Dêr wenne tichteby in âld minske, dêr seinen se fan dat it in tsjoenster wie.
Der wie doe in skippersfrou dy hie in lytsen krigen. Myn wiif har beppe dy bakere dêr. Doe wie dêr dy nachts in fremde kat yn 'e roef.
"Hwat mat dy kat hjir?" sei myn wiif har beppe....
nl.verhalenbank.24930
Sterke Hearke ken ik allinne by namme, ik wyt neat fan him.
nl.verhalenbank.24926
Der wie us ien dy hie in bulte oer greate Pier praten heard. Hy tocht: dy wol 'k graech us sjen en ik woe ek graech us sjen hoe sterk er is. Hy hearde dat greate Pier to Kimswerd wenne en doe gong er dêr hinne.
Mar hy wie dêr net bikend. Doe seach er dêr ien dy wie oan 't ploegjen op it lân. Hy gong troch de hikke en kom op 'e man ta.
"Kinne jo my ek...
nl.verhalenbank.24927
Tsjoensters reizgen op in biezemstôk troch de loft.
nl.verhalenbank.25069
Froeger seinen se altyd: Yt noait in apel op dy't in âld wiif dy jowt. Ik wyt noch wol dat in skippersfanke in apel krige en dat har mem dy opburch foar yn 't skip ûnder in potsje om to sjen of it ek in pod wurde soe.
Mar in pear dagen letter wie de apel forrotte.
nl.verhalenbank.25068
Ferskining yn 'e moarnsdize
Wat hjir folget waard troch dejingen dy't it meimakke ha net sûnder mear foar spoekerij hâlden, mar se twivelen al.
'It moat ris bard wêze, dat op in iere simmermoarn, wylst alles noch mistich wie, twa fiskers— beide hienen in boat—op it wetter wienen. Se fearen tusken Earnewâld en Aldegea en doe op in stuit frege de iene:...
nl.verhalenbank.13687
De Man en syn basis
'Dat stik dêr't de skipper dy't troch it spoek ferdronk oan fêstmakke hie wie de Spoeketsiene. It is wol sa, dat de minsken wat skruten wienen om dêr lâns. Sels de âlde fiskers hienen der in hekel oan om by nacht en ûntiid dy kant lâns. Se ha wol ris sein, dat se wat seagen. Dan wie 't krekt, dat it as in beambosk oer it wetter gong....
nl.verhalenbank.13654
Der rint in ûnderierdske gong fan Smel-ie nei Aldegea. Yn Smel-ie wie froeger in kleaster.
nl.verhalenbank.25074
De earrebarren brochten fan âlds de lytse bern.
Myn omke hie in eibertsnêst op 'e skuorrenael.
De earrebarre smiet elk jier in aei del of in jong. As se dat jong wer yn 't nêst brochten, dat joech neat, in heale dei letter lei it der wer út.
Ik woe it ris in kear der wer yn bringe, doe sei omke: "Dat hoechst net to dwaen, hwant hy nimt it net wer oan....
nl.verhalenbank.25075
It spoek makket mear slachtoffers
Oerbekend is it ferhaal fan 'e skipper dy't op sa'n manier ferdronk, mar der wurdt ek wol ferteld dat in fiskers- of skippersdochter sa oan har ein kommen is.
'Dy skipper moat oanlein ha oan 'e Spoeketsiene, en de minsken wienen altyd betiid, dat it wie noch nacht en de skipper soe syn skip losmeitsje en hy stapte by it...
nl.verhalenbank.13666
Een paar jongedames wandelden gearmd over het pad dat liep om het kerkhof van Harich in Gaasterland. Het was op een mooie zomeravond. Aan de rand van het pad zat een rat te snuffelen, de kop van hen afgewend. Een der dames kwam op het idee de rat op zijn staart te trappen. Zij liet haar vriendin los en sloop voorzichtig naar de rat. Op het ogenblik dat...
nl.verhalenbank.13301
It gebeurde alris yn Earnewâld dat der twa by elkoar stienen to praten. Doe sei de iene - dy wie mei de helm geboaren - : Dû mast der om tinke, der komt aenst in lykstaesje lâns. Dy en dy is 't en dy komt hjir op 't hôf. Sjoch, sei er, dêr komt it oan.
De oare sei: Ik sjoch neat, dû kinst wol méár sizze.
Gean oan kant, sei de oare.
Doe gong er oan kant,...
nl.verhalenbank.25066