Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
319 datasets found
Narrator Gender: male Place of Narration: Burgum
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
Ik haw ris fortellen heard dat ien earne út in herberch wei (wie 't Swarteweisein) in speake út in tsjil stikken makke fan ien dy't dêr foarbykaem. Dyselde hie him de gek oanstutsen en dat wie syn wraek. Doe koe dyselde net fierder ride mei de wein. (Hy die dat sûnder by de wein to kommen.)
nl.verhalenbank.31321
Sterke Fije fan Burgum loek de laden boereweinen krekt sa maklik as in hynder.
nl.verhalenbank.16775
Op in kear hie Jurjen van der Leest nei de faem ta west. 't Wie let yn 'e nacht doe't er weromkom. Doe't er oan 'e Joane-poel ta wie jammeren dêr bern om. Jurjen woarde bang en is weromgong en dy nachts hat er by syn faem slept. Hy doarst net nei hûs ta.
nl.verhalenbank.17127
Der binne dieren, dy binne kûgelfrij. Sokke dieren wurde fan hegerhân sparre.
nl.verhalenbank.31241
Ik haw in jonge kend fan twintich jier, dat wie in sikere Nicolai. Dy koe de minsken samar fêstsette litte. As er de minsken de hannen ynelkoar lizze liet, koenen se se net wer út elkoar krije. Letter wie er kellner yn 't Oranje-hotel to Ljouwert.
nl.verhalenbank.31240
Skoanheit gong saterdeis altyd yn 'e joun nei Sumar ta to skearen. Dan mast er oer de Pasterije-lannen. It paed roan by in dyk lâns, dêr groeide allegear bosk op. Op in kear hearde hy dêr allegear lytse bern jammerjen yn dy bosk. Hoe fierder hy it lân yn gong, hoe mear de bern jammeren. Skoanheit woarde deabinaud. Hy is weromgong en hat noait wer op...
nl.verhalenbank.17126
Jehannes van der Zee wie fêste arbeider by Sjoerd Bonnes. It wie in losbandich man. Doe is er troch de duvel smiten woarn op 'e Harsteloane, dat it in ôfgrys wie. Letter is Jehannes bot foroare. De Harsteloane is er noait wer delgong.
nl.verhalenbank.17132
De geschiedenis van Sipke en Liesbet In Oostermeer staat een oude boerderij, waaraan de droevige geschiedenis van Sipke en Liesbet verbonden is. Liesbet diende als meid in de boerderij. Ze had een paar flinke handen aan haar lijf en was ook nog knap om te zien. Haar vrijer, Sipke, was een jonge dagloner van het Hoogzand. Ze hadden al een jaar verkering en...
nl.verhalenbank.9515
Men mat noait op in pod traepje, oars komt der tonger.
nl.verhalenbank.31320
Sjoerd Bonnes wie boer yn Sumar. Hy hie in soan, dy koe mear as in oar. As de soan jouns nei syn faem ta wie, bleau Sjoerd Bonnes allinne yn 't tsjuster sitten, hwant hy woe wite hoe let syn soan wer thúskaem. Dy soan seach syn heit dêr yn 't tsjuster sitten. Letter hie Sjoerd Bonnes de doar in kear op slot dien. Doe kaem de soan troch it kaeisgat der yn.
nl.verhalenbank.31322
Dy't yn 'e swarte spegel seach koe de takomst gewaer wurde. Hy koe dan sjen hwa't er trouwe soe.
nl.verhalenbank.38138
Oan it paed dat fan Sumarreheide oer de dunen nei de Harste tagong lei in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17124
Doe't heit ûnder tsjinst wie hienen se as soldaten us in "ûnderonsje". Ien sei, hy soe skoppenboer fuortsjûre om in flesse drank, en hy spruts mei syn maet ôf, dy soe de flesse oankrije. Heit wie der by. Mar doe't it safier wie doarst dyselde de flesse net oan to krijen. De flesse stie achter de doar. Doe wie dyselde, dy't de lege flesse fuortsjûrd hie...
nl.verhalenbank.17130
Yn Noardermar dienen de minsken faek duveldrek ûnder 'e drompel om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.31242
In wearwolf is in fûgel dy't ta de loft yn sweeft. Men seit ek: dy keardel yt as in wearwolf. Dan fret er.
nl.verhalenbank.31243
As ien in moart dien hat en hy hat minskebloed oan 'e klean sitten, dan giet dat der noait wer út. De plakken bliuwe der yn.
nl.verhalenbank.17131
Heit fortelde, doe't er noch feint wie, hied er ris in faem fan Garyp nei Burgum brocht. Doe wie der har op 'e wei, dy't nou Dr. Prins-wei hyt, in houn foarbygien sa great as in keal. 't Wie yn 'e nacht. De faem wie sa binaud woarn, dat sy fleach by heit op. De houn gong kantroerend by har lâns. 't Wie in pleachbeest, sei er.
nl.verhalenbank.17125
Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar. Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de...
nl.verhalenbank.33044
Yn Burgumerheide wenne in frou, dy bitsjoende de bargen by de buorlju.
nl.verhalenbank.28470
35